|
|
Jaap Krol
Paklist
07.58
Se wie it magazyn yn rûn mei in pas
dêr’t se harsels dizze dagen mear as
eartiids fan bewust wie: de fuotten nei binnen
rjochte en dan wat muoisum rinnend. Swijend seach se
nei de grûn.
Se hie it hier ek oars dien. It fielde as nij, mar
se wist net of de oaren it wol moai fine soene. Faak
koe har dat neat skele, mar no en dan fûn se dat
in wichtige fraach.
En mei dat rinnen, ach, feitliks rûn se wat
bonkich, wist se.
It hie allegear te krijen mei wêr’t se
har thúskommen fielde. Sa as ien wolris yn in
film nei in lange stilte sei: ’I belong
here’, sa mompele se foar har self faak de
wurden dy’t moai liken, moai klonken, mar faak
fier fuort wiene. Hjir hear ik thús.
Pfff, suchte se no wylst se oerseach wat se noch
allegear dwaan moast. Yn elts gefal in paklist
opstelle én in útdraai fan de lêste
bestelling meitsje.
Fuort hie se sjoen dat de oaren it juster net dien
hiene, wylst se frege hie dat wol te dwaan. Moast se
no ferjaan? Of soe se hurd útfalle? It wie ien
fan de twa, tuskenyn lei neat. Miskien noch wol it
`deroer `prate, it litte `wy `ris `hielendal
`opnij `begjinne, mar dan wol op kondysjes
dy’t sý skepen hie. De oaren moasten fan
hár leare, net oarsom. It wie in lûdroftich
en muoisum ploechje, fûn se. Tusken sizzen en
dwaan sieten wolris gatten. Harren ynspannings wiene
wolris om ’e nocht. Faak goed bedoeld, mar faak
lichtsinnich. Allinnich har man koe se dúdlik
meitsje wat se bedoelde.
`As ik sis: doch it no sá, wêrom tinksto
dat se it dan nét dogge, of just
hûnderttachtich graden oars dogge? It is dochs
net sá dreech?'
`Tsja.'
`Ik begryp it net. Wat ik wol, wat ik freegje, is
net it swierste. Gjinien helpt my. Nee, gjinien
wól my helpe.'
`Dat is net wier, tink ik. '
`Hoe witsto dat?'
`Op it personielsfeestje haw ik mei dyn
kollega’s praat. Se fine dy allegear hiel
aardich.'
`Ja?'
`Ja.'
`Ach, it binne ek wol aardige lju. Wis. Neat mis
mei! Mar soms binne se sa... bernich. Allinnich
dý kin ik fertrouwe.'
`...'
`Fertroust do my ek?'
`Ik fertrou dy ek.'
`Do moatst it goed witte hear. Do witst dochs dat
ik dy fertrou?'
`Ja.'
`Asto der net bist, kin ik gjin ien fertrouwe. Op
it wurk faak hielendal net. Soms ek wol, mar faak
net. Wat se faak dog...'
`Fanke, ik fertrou dy ek.'
`Ja? '
`Ja.'
`Ik hâld fan dy. Dat witst dochs?'
`Ja.'
`Dat soart saken moatte je net te faak sizze, mar
soms wol. Dat fynst net slim wol?'
`Ik fyn it net slim.'
`...'
`Dyn kollega’s fine dy wier hiel aardich
hear. Se seine datsto altyd foar harren ree
stiest.'
`Dat is moai om te hearren... Mar fersin dy net
hear! Ik tink wolris dat se stikem gearwurkje mei dy
fan opslach en distribúsje. Om my opdrachten
ôf te nimmen. '
`Wêrom tinkst dat?'
`Se prate altyd mei `inoar mei stapels paklisten
yn ’e hân. Dat is dochs mýn
ôfdieling? Fynst dat no net fertocht?'
`Miskien kinne se wol goed opsjitte
mei-inoar...'
`Nee! Lêsten binne in pear te bowlen west. Mar
tinkst dat se bowle? Nee! Se hawwe oeren mei inoar
sprutsen oer it magazyn! Yn in frjemd kafee!'
`Mar dat hoecht dochs net sa te wêzen? Miskien
hiene se wol gewoan in gesellige jûn!'
`Wêrom hawwe se my dan net útnoege? Ik
bin dochs de baas?'
`Mar it wiene dochs mar in pear? Wa wit binne it
freonen of sa.'
`Nee.'
`Wêrom net?'
`Omdat ik dat hear.'
`Lústerst do oaren ôf?'
`Nee, mar doe’t se mei dy paklisten yn
’e hân dêr stiene, haw ik it heard.
Se sprutsen te lûd.'
`...'
`Wêrom seisto neat?'
`Ik tink datsto oerdriuwst.'
Ik tink datsto oerdriuwst, hie er sein. O ja?
No, sa te sjen net. It wie in grutte rotsoai
hjir.
Se rûn fierder en wie har hiel bewust fan har
trêd. Wat bonkich. Wat net-elegant.
Ik tink datsto oerdriuwst.
`Ik tink datsto oerdriuwst.'
`...'
`Is der wat?'
`...'
`Hee...'
`Do witst, ik hâld allinnich fan dy.'
`Dat wit ik ommers.'
`Ja?'
`Ja.'
`By dy kom it thús.'
`No, de doar is altyd iepen.'
Moast se no ferjaan? Of soe se hurd útfalle?
Achter har hearde se dat de oaren ek al kamen. It wie
fiif nei achten. Se wiene ek noch fiif minuten te
let.
`Hoi!' sei ien.
`Moarn!' rôp in oar.
`Do hast dien hier oars! Wat moai!'
`Ja, dat fyn ik ek.'
Se antwurde net, seach nei de út ’e faks
rôljende paklist en begûn doe sêft te
skriemen.
|