Jantsje Post


IT SWARTE GAT

Beppe is sa oars as oars. Net allinne om't se it lange wite hier los yn in sturt op 'e rêch hingjen hat en yn 'e nachtpon is. Dat haw ik wol faker sjoen as ik hjir útfanhûze. Mar se docht ek oars. En har gesicht is oars. Ik moat der hieltyd nei sjen en tagelyk makket it my bang. In oare beppe. It aldernuverste is dat se niis `Jabik' sei yn plak fan `pake'. Earst tocht ik dat se it oer ús Jappy hie, mar se bedoelde wol pake. No seit se gelokkich wer gewoan pake.
   “Ja, famke, we moatte it mar oerjaan. Jim heit hat gelyk, pake is sterk.”
    Dat hat se no al in pear kear sein. Wilens stiet se by it oanrjocht by it gasstel te wachtsjen oant de molke omheech komt.
   Dat fan dy molke haw ik betocht. Net dat ik dêr nou sa'n sin oan ha; ik ha niis thús fan mem ek al in beker hân. Mar beppe makket oars altyd waarme molke foar my as ik bang bin of net sliepe kin. En beppe is fannacht miskien wol bang en ik moast op beppe passe. Dat seinen heit en mem.

It is in nuvere nacht. Ik sliepte al lang doe't mem my wekker makke. Se sei dat ik net skrikke moast, mar dat der wat wie mei pake. Beppe hie belle dat er in hertoanfal krigen hie en dat se him nei it sikenhûs brocht hiene. Mei de ambulânse. Ik moast my gau oanklaaie, samar in trui oer de piama hinne, en doe krigen Jappy en ik in beker waarme molke. Wilens praten heit en mem oer pake. Dat er `in knoei hân hie', sei heit, en mem hie it oer pake syn bloeddruk en se wie lilk op pake, dat er net better oppast hie, en doe moast se samar gûle. Doe binne wy mei de auto nei de buorren riden, heit en mem en ik. Jappy is thúsbleaun mei Bijke. Heit en mem woene pake noch even nachtsizze, seinen se, en ik soe mar by beppe sliepe. Oars wie beppe sa allinnich. Se fregen oft ik dat wol foar har dwaan woe en seinen ik moast mar wat op beppe passe. Ik fielde my ynienen folle grutter.
   Doe't wy by it hûs fan pake en beppe kamen, gie de foardoar iepen en dêr stie beppe yn 'e lange wite nachtpon. Heit en ik stapten út.
   “Mem, wy hienen tocht dat ús Jeltsje mar by mem sliepe moast, dan hat mem wat ôflieding,” sei heit, “en wy wolle dochs noch even nei it sikehûs. Wy hawwe niis noch belle en alles like goed, mar wy wolle noch even by heit sjen.”
   “Mar... sil ik dan mar net mei?”
   “Nee, bliuw mem mar rêstich thús. Wy sjogge even by him en moarnier helje ik mem op en dan geane wy tegearre.“
   “Sis him dan mar dach fan my, en ...,” Dêr rûn samar in trien op har wang.
   “Och Jabik, jonge…. It gong allegear sa hurd.... hy hie it sa benaud. Ik wist net wat ik moast.”
   “Mem moat der mar net oer yn sitte. Heit it sa sterk, dy kin net stikken.  Probearje noch mar wat te sliepen.” En doe helle heit beppe samar oan. Ik krige ek in tút fan heit.

Doe binne heit en mem fuortriden en no steane wy hjir tegearre op 'e molke te wachtsjen. Ik soe wol graach freegje wolle wat in `knoei' is, mar ik doar net goed om dy trien
   “We nimme de molke mar mei op bêd, net?” seit beppe, “en silst mar by beppe sliepe?”
Ik rin achter beppe oan nei de foarkeamer. Oars sliep ik altyd boppe as ik hjir útfanhûzje. De foarkeamer sjocht der wat grizelich út. It is tsjuster, mar de gerdinen binne iepen en krekt foar it rút stiet in lampepeal. De krapo's, it bysettaffeltsje, it opklapbêd, de tillevyzy, alles is oranje. Krekt as de kykdoaze dy't ús Jappy in kear makke hie. Dêr siet oranje crêpepapier oerhinne. Yn de kykdoaze hie er in spoekhûs makke. Mei in geraamte en in spook en in spinneweb yn 'e hoeke mei in hiele grouwe spin.
   De sliepkeamer fan pake en beppe is achter de foarkeamer. In lyts keammerke mei mar ien lyts rút en yn 'e hoeke it alkoof. Ik ha der ien kear stikem sjoen, doe't se net thús wiene. Doe haw ik it geheim fan de pake-en-bepperook ûntdutsen. Pake en beppe hawwe in hiele spesjale rook. Mem hat in kear sein dat se stonken, mar doe waard heit lilk. En ik fyn ek net dat it stjonkt. Wêr't it krekt nei rûkt, wit ik net. Gewoan nei pake en beppe. As pake moarns by ús komt te kofjedrinken en ik krûp by him op 'e knibbel, rûk ik it altyd daliks. Mem seit dat pake en beppe net faak genôch ûnder de dûs geane. Mar ik wit it geheim: it komt út  harren sliepkeamer wei. Want dêr is it it allersterkst. Sa sterk dat it hast net mear lekker is.
   Oer de stoel neist it bêd hinget beppe har jurk en dêroerhinne har hoazzen. Oer de râne fan de wasktafel twa wiete waskhantsjes en op it moarmeren plankje foar de spegel noch twa dy't bedroege binne. Oer de oare stoel hingje pake syn klean, de toffels steane derûnder. Beppe en ik sitte neist elkoar op bêd mei it kjessen achter de rêch en drinke de molke mei lytse slokjes. Ik bin bang dat ik der fannacht wer út moat om te pisjen nei twa bekers molke, mar ik doar it net stean te litten. Ik doar ek net te freegjen oft ik oan pake syn kant lis, en oft pake hjir syn knoei krigen hat. Beppe seit noch ris dat pake sa sterk is. En dan giet se wer fan bêd om de doar nei de achterkeamer iepen te setten, sadat wy de tillefoan hearre kinne; “Geen bericht, goed bericht; mar je witte it mar noait,” seit se.
   As wy de molke op hawwe, seit beppe dat wy no mar sliepe moatte. Se lûkt oan it koardsje en dan is it tsjuster.
   Allinne it grizelige oranje ljocht skynt út 'e keamer wei. Ik doch de eagen stiif ticht om it net te sjen. Mar it skynt troch myn eachlidden hinne. Ik bin bang dat it geraamte yn 'e doariepening stean sil as ik de eagen iepen doch. Soene heit en mem noch by pake wêze? En soe dy al sliepe? Of soe er it noch benaud ha? Hoe soe dat wêze, benaud? Beppe draait har alwer om. Hja kin grif ek net sliepe. Dan betink ik dat wy wat fergetten hawwe.
   “Beppe,” flústerje ik.
   “Ja famke, kinst ek net sliepe? Wat wie der oan?”
   “Beppe, we hawwe noch net bidden.”
 Beppe suchtet. “Dat slane wy jûn mar oer, beppe kin no net bidde. Moast mar foar dysels bidde.”
Beppe net bidde kinne? Hoe kin dat no? Ik moast op beppe passe, mar ik wit net hoe't dat moat. As beppe net iens bidde kin. Heare wolle jo wol op beppe passe? freegje ik dan mar yn mysels. En ek op pake.
   “No, dit kin sa ek net, do hast gelyk,” hear ik beppe sizzen. “Doch de hannen mar gear, dan sil beppe bidde”.
En beppe bidt oft de Heare by pake wêze wol en ek by ús en oft er dwaan wol wat it bêste is. As se klear is, sis ik ek amen. Dan bin ik net sa bang mear foar it oranje ljocht. De Heare wit wol wat in knoei is en hoe't it is om benaud te wêzen, dus dy wit wol wat it bêste foar pake is. En hy kin ek op beppe passe.

   “Nou en doe waard ik wekker fan de tillefoan en doe gong ik der gau ôf, mar doe't ik him hie, sei er: tuut tuut tuut.” 
   Foar de safolste kear fertel ik hoe't it fannacht gongen is. Oan muoike Gryt, dy is krekt kommen mei omke Sjoerd.
   Pake is stoarn fannacht en no binne wy by ús thús. Alle omkes en muoikes binne kommen. It liket wol in jierdeibesite. Se prate allegear troch elkoar en mem rint mei kofje. Beppe is der ek. Se is fan 'e moarn betiid daliks mei ús gongen doe't heit en mem weromkamen út it sikenhûs. No sit se yn har eigen hoekje dêr't se mei jierdeibesites ek altyd sit. Se hat niis sels in advokaatsje krigen fan mem.
It ferskil mei oare besites is dat pake net neist har sit. En dat it wol liket as hear ik ynienen by de grutte minsken. Ik moat hieltyd fertelle oer fannacht. Wat beppe en ik dien hawwe en hoe't beppe die en sa. Se koene beppe sels ek wol freegje. Mar dat dogge se net.
   “En doe ha wy wachte en even letter kamen heit en mem om it te sizzen fan pake. Mar se moasten daliks wer fuort mei pake syn klean nei it sikenhûs.”
   “Wybren, wat hawwe jim foar klean meinommen,” freget muoike oan heit.
   “Syn sneinse pak, Gryt.” antwurdet mem. “Mem woe in skjinne piama meijaan, mar ik tocht: heit moat yn 't pak.”
   “Mei it lintsje?”
   “Ja, dat siet derop. Sjoch, hjir is dyn kofje.”
   “Moai, sa hie er it wollen. Ja dankewol.”
Beppe sit mar stil yn har hoekje. Sa nou en dan freget ien hoe't it mei har is, en dan seit se fan bêst. Se gûlt ek noait.  Fan 'e middei ek net, doe’t wy yn it sikenhûs wienen om pake te sjen. Se seach allinne mar en aaide him eefkes oer it wang. De oaren begongen dingen út 'e bibel te sizzen en hienen it der oer hoe goed at pake it no hie. Mar beppe stie der mar te sjen en sei neat.

Ik mocht  mei om pake te sjen. Muoike Pytsje frege noch oan heit oft dat wol koe en dy sei fan ja. Se seinen wol dat ik net bang hoegde te wêzen want dat pake net echt dea wie, mar dat er by God wie. Mar ik wie hielendal net bang. Neidat beppe en ik fannacht bidden ha, wie ik net bang mear.
   We rieden der yn twa auto's hinne. Beppe mei ús. Ik hie wol ris earder yn it sikenhûs west, doe't mem der lei. Dat wie wol moai, want dan mochten Jappy en ik boartsje mei de lift of race mei in rolstoel op ’e gong. Mar doe’t wy yn de hal kamen, roek ik it wer. Der hinge noch dyselde rook as doe. En ik krige ek wer itselde gefoel; dat ik eins it leafst daliks wer nei hûs ta woe, ek al wie mem noch sa bliid om ús te sjen en wienen dy lift en dy rolstoel noch sa spannend.
   Omke Meinte rûn nei de baly en sei dat wy foar Posthumus kamen. De frou frege oft wy even wachtsje woenen, pakte in tillefoan en sei der wat yn. Nei in hoartsje kaam in suster nei ús ta. Se fûske even mei omke Meinte en mei beppe en doe brocht se ús nei in sealtsje mei in pear stuollen en ien bêd yn 'e hoeke. De iene muorre seach der út as in kast mei hiele grutte laden. Ien laad miste derút en dêr siet in grut swart gat.
   Pake syn swarte gat! In hoart lyn hienen mem en pake it ûnder de kofje oer deagean, en mem sei dat it dochs net sa slim wie omdat wy dochs leauwe mochten dat wy nei God gongen. Doe sei pake:    “Jawis fanke, mar dat swarte gat, dêr sjoch ik sa tsjinoan.”
   It iene laad stie op it bêd yn 'e hoeke. Se rûnen der allegear hinne en seagen deryn. Muoike Pytsje sloech in earm om beppe hinne. Ik bleau by de doar stean. Soe pake yn dat laad...?
   Ik seach nei heit en mem. Mem gûlde en de muoikes ek. Ik rûn der ek hinne mar ik koe neat sjen want it wie te heech. Heit tilde my op en doe seach ik it ek. It wie pake. Mar it wie pake ek net. It wie in hiele grutte stive pop mei in giel gesicht en hierren út 'e noas. Ik begriep net hoe't beppe him oanreitsje doarst.

Ik moast betiid op bêd jûn fan mem. Sliep ynhelje. Moarn moat ik wer gewoan nei skoalle. Ik mocht Bijke meinimme, foar dizze kear. Ik kin de stimmen út 'e keamer hearre. Omke Sjoerd en muoike Gryt binne der noch. Muoike Pytsje soe fannacht by beppe sliepe. Doe't ik krekt de piama oan hie en mei mem nei boppen soe, kaam de man fan de begraffenisferiening. Dêrom hat mem my gau bestoppe en koe se net sa lang by my bliuwe. No moatte se prate oer pake syn begraffenis, sei mem.
Bijke hat him ûnder de tekkens wrotten en leit tsjin my oan. Hy slikket myn hân. Dat mei er oars ek net. Syn waarme tonge oer myn fel. Lekker.
   “Nou kinst pake noait mear yn 'e bokse bite, of stikem op syn stoel sitten gean, Bijke,” flústerje ik tsjin him. Pake en de slachter binne Bijke syn grutste kammeraden. Pake kaam alle dagen om kofje by ús en Bijke siet altyd yn 'e stoel foar it rút nei him út te sjen. As er him dan seach, waard er hielendal oeral. Dan liet mem him derút, en dan draafde er pake blaffend yn 'e mjitte en luts him oan 'e broeksbokse yn 'e hûs.
   “Och hûntsje, wied er dêr?” sei pake dan.
   Fan 'e moarn siet Bijke ek wer yn 'e stoel foar it rút. Doe die ús Jappy wat hiel raars. Hy sei: “Bijke, pake?! Wêr is pake dan?” Dat dogge wy oars altyd as pake deroan komt. En Bijke begûn te blaffen en woe nei bûten. Mem moast doe wer gûle, en heit waard o sa lilk op Jappy.
Bijke rôlet him op en suchtet hiel djip. Hy begrypt der neat fan fansels. Mar Bijke hat pake ek net sjoen yn dat laad. Ik haw it al sjoen. Pake is dea. Hy is gewoan dea. Stiif en giel en hy leit yn in laad en dat laad hawwe se letter doe't wy wer fuort wiene wer yn dat swarte gat skood. De kuolling, sei heit. Dat moast.
   Ik stopje myn noas yn Bijke syn facht, achter syn ear op it plakje dêr’t er it meast nei Bijke rûkt. Hy fielt waarm en sacht tsjin my oan. Mar binnen yn Bijke sit in geraamte. Yn mysels sit ek in geraamte. Ik krûp stiif tsjin him oan en fiel syn hert klopjen. As dat net mear kloppet, wurdt Bijke ek stiif en kâld. Dat kin net. Bijke moat altyd waarm en sacht bliuwe.
   Ik moat bidde.
   “Heare, Bijke mei noait dea gean.” Mar it jout neat. Ik wol ek bidde oft de Heare mei beppe wêze wol, mar it wol net. De Heare hat pake gewoan stikke litten en hy lit him ek yn in kâld gat skowe, wylst pake sa bang is fan swarte gatten. De Heare is hielendal net by pake en hy hat ek net op beppe past, want beppe is beppe net mear. Beppe is der finaal ôf; heit sei it sels tsjin omke Sjoerd. En Bijke giet ek dea en heit en mem ek en Jappy ek en iksels ek. En omke Meinte en de oaren mei har ferhalen oer God en har bibelteksten, se lige it allegear.
 Myn kiel knypt ticht. Mar ik wol net gûle want ik bin bang dat ik dan noait wer ophâlde kin.