Geertruida van Assen


DE YNBREKKER

   ‘Soa pake wat hasto útfretten, te hurd rûn op ’e grutte dyk mei dyn rollator?’ It wie de jonge mei it griene hier dy’t it frege. Ik hie al seare eagen fan al dy kleuren oan ’e muorre. En no komme se ek al neist my sitten. Der wiene noch mear kleuren. Se seine neat, mar laken wol omraak. Wêrom yn ’e goedichheid litte de plysjes my tusken dat skoarem sitte?
   ‘No pake, hawwe se dyn mûle yn beslach naam?’ It wie no sa’n leven yn ’e hal, dat it frommes fan ’e baly kipe efkes om it hoekje, mar hja griep net yn. Ik konsintrearre my mar op it ding oan ’e muorre. Miskien koene je der in hûs yn sjen mei wat fantasy, mar dat hie ’k no ienkear net.
Der kaam in jongkeardel yn unifoarm, mar hy kaam net foar my, it skoarem moast mei. Dêr siet ik, hielendal allinne, dy ûntankbere smychten. En dat nei sa’n jûn. In skiter hie ’k noait west; mar diskear, hie ’k in echte heldedie dien fûn iksels: hoe faak bart it no eins dat ien in ynbrekker te pakken kriget? Mar ik siet der mar, oan ’e kant set, fuortstoppe yn in aaklike hal, nimmen dy’t my priizge foar myn prestaasje.
Wat hie ’k it knap foarinoar krigen. Sa sûnder wapen, mei de bleate hannen, no ja hast dan. Hy soe it net wer weagje, dat wie wol wis. En mocht in oaren it besykje, dan soe ik... Hee wannear is dy knaap hjir kaam te sitten? Dy sjocht der teminste kreas út, mei dat gewoane ljochte hier. Lokkich gjin prater. Dat wie ’k sels ek net; foar de safolste kear beseach ik it kleuregefal, it hûs hie ’k der noch net yn fûn.
   ‘Mei ’k jo freegje wêrom’t jo hjir binne?’ Dochs in prater? Ik seach nei de freegjende, blauwe eagen, ik woe graach fertelle, mar net oan him. De jonge like nei te tinken, loek oan ’e skouders en draaide doe de holle de oare kant út. Myn holle wie wer by de jûn.
Wat fûn ik mysels ezelich doe’t ik foar de doar stie. De grutte kaai fuort, mar de doar wie los. Allinne sa’n lyts ding siet yn myn bûse. Wêr soe dy kaai eins fan wêze, hoe kom ik oan dat ding? Soest net? Dat ik my dat net mear yn ’t sin bringe kin.
Mar mei dy fint haw ik wol even knap ôfweefd. Wat sil er der spyt fan hawwe dat er krekt myn hûs treffe moast. En dat sa’nien as my him oer it mad kaam. Dagen hat er der op loerd, moatst mar rekkenje. Tocht miskien dat sa’n âld man him net pakke koe. Of hy hat witten dat ik alle tongersdeitejûns yn ’t kafee sit. Frjemd dat se my net de tiid jûn hawwe om de kaai te sykjen. Aanst komt der wer in ynbrekker en dan sit ik hjir. Wat in ûnnoazele hinnen wurkje hjir dochs. As ik no mar ien seach. Mar dat frommes fan de baly sil it ek wol net witte. Wie Tine der no mar ...
Ik krige muoite mei sykheljen. Sâlt wetter pinige myn eagen. Dat kleureding, miskien krige ik it dêr mei fuort. Al dat reade, sa healwiis. De triennen kamen net. En dan dat grien, in tekken? Myn hannen hiene fûsten west. In tekken dat soe kinne. Ik fielde de neils noch. Wa hinget no in tekken oan ’e muorre? It sykheljen wie wer gewoan. Myn eagen droech. Wat die de jonge? Hy hie earne in tydskrift weikrigen. It wie my net opfallen dat dy dingen der wiene. Lokkich besocht er net mear mei my te praten. Mei Tine .. mei har hie ’k der oer prate wollen en de plysjes, mar dy stomkoppen litte my sa lang wachtsje. Harren hie ’k wol fertelle wollen hoe’t ik yn ’e hûs gie. De biezem krige, bewapene mei it feechark op it grut ûnfatsoen ôfsloep. Him de hiele bykeuken troch jage haw, mar him net de kâns joech, om ek mar wat te sjen. Hy sil wol op ’e sikeseal yn ’e finzenis telâne komme. ‘Minsken wêrom litte jim my hjir sa lang wachtsje!’
   ‘Dat is altyd sa.’ Ik skrok der suver fan. Hie ’k allinne dat lêste lûdop tocht, of it oare ek? Ik seach nei de jonge. Der spruts gjin bewûndering fan syn gesicht. Myn tinzen eamelden noch wat troch oer de fraach, mar kamen net ta in antwurd. De jongkeardel yn unifoarm kaam der wer oan; ik moast mei. Einlings soe myn beleaning komme.
Yn in lyts keammerke mocht ik op in stoel sitte.
   ‘Jo namme!’ kommandearre de snotnoas, hy frege net iens oft ik ek sin oan in bakje kofje hie.
   ‘Dat haw ik al tsjin dy oare knaap sein fan ’e jûn. Dy moat jo dochs wol ferteld hawwe dat ik Abe hyt. Ferdikkeme jonge, sa faak bart it dochs net dat in man op leeftyd in ynbrekker yn ’e kraach grypt!’
   ‘Abe fierder?’
   ‘Fennema’, myn hannen jokken, it like oft in ûnsichtbere pomp my hite lucht yn ’e kop jage. Noch sa’n ûnnoazele fraach en ik soe ...
   ‘Menear Fennema, wat diene jo yn dat hûs?’ De smoarge smycht, hoe doarde er, ik soe ...
   ‘Earst in bakje kofje wylst jo oer it antwurd neitinke?’ Hiel stadich kuolle de lucht yn ’e kop wat ôf, der fleach wat fan troch de noastergatten nei bûten. It jokjen wie oer.
De kofje smakke bêst. Ik krige wer moed om it de knaap oan it ferstân te krijen: ik wie de held en net in fertochte. ‘Harkje goed knaap, ik fertel it noch ien kear: doe’t ik thúskaam fernaam ik dy fint. Ik wie dûm, griep de biezem en haw him dêrmei delslein ...’
Delslein ... del... slei..., it wurd bleau my in ’e holle hingjen. In fraach beseach it fan alle kanten. Delslein Abe? Hoe hurd? Net sá hurd. Dochs? Ik haw dy man ... Jawis, dêrom litte se my sa lang wachtsje. It wie ferkeard gien. ‘Ik haw dochs net te hurd slein wol?’ frege ik, bang foar it antwurd. ‘Sit ik hjir dêrom? It wie wier net myn bedoeling. Sa hurd haw ik dochs net slein?’
   ‘Menear Fennema, dat hawwe jo hielendal net dien, jo binne samar it hûs fan ’e famylje Boersma yngien. Yn ’e keuken stroffele oer in biezem en frou Boersma, it earme minske wie alhiel oerstjoer, hat jo fûn. Boersma hat besocht út jo te krijen, wat jo dêr te sykjen hiene, dat slagge net. Doe hat er de plysje belle. Wy hawwe jo meinaam. De heale nacht sieten jo yn ’e hal, net oansprekber. En no is myn fraach: wat diene jo yn dat hûs?’
   ‘Ik kaam in ynbrekker oer it mad’, pipe ik net mear hielendal wis fan mysels. Dy oare kaai ... is dy net fan ... wie ik in setsje lyn net ferhuze, nei in lytsere wente? As ik goed neitocht die de holle my sear, mar stie my ek de ien of d’ oare senioarewente foar eagen.