Aggie van der Meer


OPMJITTE

Oan it begjin fan 'e hûnsdagen stapten se út it boek: trije perkaminten koppen, plat as niten, swil op 'e siel. Se seinen: wiswier, hy hat gelyk, dy Clemens van Alexandrië, de laits is de opmjitte nei ûntucht.
Yn 'e falske sinne setten se út ta reade pioenen, dy't safier trochfokt wienen dat de pronkerigens de hope op neiteam de grûn ynjage hie.
Dat wie net har earste soarch.
Dat wienen de planken foar harren koppen, dy't brêgen waarden doe't se dy doarden del te litten. Achter harren wie it boek ticht, foar harren lei de wrâld iepen mei al har ferlokkingen en skeanskermery.
Troch tafal en yntelliginsje soenen se fine wat se net sochten.
It bliken twa froulju te wêzen, wat âldachtich en net al te moai.
Se soenen har oer de holle sjoen ha, earstens omdat froulju net mear wienen as in fuotnoat yn har preferinsjeel systeem en twads omdat har geast skerpe wie op himelske skientme.
It wie dat de froulju laken. Dat koe gjin tafal wêze.
Nee, Clemens van Alexandrië hienen se noch net fan heard.
De trije ferparten de twa, ûntginden it braaklân, har sinding yndachtich. Ynstee fan ûntucht fûnen se in net ferwachte skat.