|
Aggie van der Meer
DE TSJOKKE FROUDe earste fraach wie oft se har op twa skealen sette koenen, want foar ien wie se te swier. It koe net. It koe wol, mar se soenen net te witten komme wat se witte woenen. De tsjokke frou sels hie har der net mei bemuoid en dus wie de twadde fraach wat der te rêden wie. Wat der te rêden wie, wie in ûntrêstigjende ljochtens, dy't alle swierte omheech treau as by in walfisk ûnder wetter. Hy hâlde fan stevige froulju, dêr hienen je greep oan en beet. It wie begûn mei de frachtweinen. Dat fûn er moai: tweintich of tritich frachtweinen sekuer yn 't gelid, de iene hieltyd in pear sintimeter foar de oare, sadat je yn ien kear it hiele weinpark oersjen koenen. En dan op de motor der bylâns, as in generaal dy't de troepen ynspektearret. It iene bedriuw of it oare dat makke noch gâns ferskil. By Van der Veen wie it him bygelyks noch noait oerkaam dat de boel net hielendal pikobello yn oarder wie. Sy hie krekt wat lêzen oer njoggen deadskisten fan multipleks, mei wite side, ek neist inoar, mar dan foar in stikkensketten moskee. Ja, mei de liken deryn en yn 'e folle sinne. Hy fûn it in oar ferhaal, mar ek moai. Wist se ek wêr't it wie? Nee, se wist it net, in frjemd lân. Dêr hast de eigenaardichste dingen. Dêr koe er oer meiprate en wylst se har meifiere liet nei de loswâl fan Istanbul en in ferwurden fabryk yn Dar es Salaam en de slankclub erges ûnder har yn 'e djipte ferdwûn, koe it gebeure dat ynienen syn hân, syn Harley Davidson hân, op har machtige knibbel lei en tastimming krige om dêr foarearst te bliuwen. En sa kaam fan it ien it oar. De ynspanning en it genot gyngen lykop en beide wienen fan in ferskuorrende hichte. |