|
|
Jetske Bilker
LEERONTWIKKELEND SPELEN
De oare trije draafden nei de grize oaninoarskode
tafels, dy't achteryn it lokaaltsje opsteld
stienen.
`Ha!'
Hast lokkich lieten se har foarsichtich yn 'e
bernestuoltsjes delploffe. Ien fan 'e liedsters kaam
der laitsjend by sitten en sei dat it dúdlik wie
dat se neat mear út hoegde te lizzen. De oare
trije laken fan nee. Dat sij minder hurd draafd hie
en noch foarsichtiger sitten gien wie, wie gjin mins
opfallen. It like foar elk in útmakke saak dat
dit in leuke aktiviteit wie.
Nei it fluitsinjaal mochten se begjinne. Hast elk
pakte daliks in bus en spuite it wite spul yn grutte
flokken op 'e tafel. Gjin momint wachten se mei it
beetpakken derfan en al gau waard der smard. Op 'e
tafel, mar ek op 'e hannen.
Sy wie heakjen bleaun yn it lêzen fan 'e tekst
op 'e spuitbus. It wie it húsmerk fan in
goedkeape drogisterijketen. Dat koe se ek
rûke.
De liedster murk op dat sij noch mei de spuitbus
yn 'e hannen siet en rikte har in leppel oan.
`Dêr meist it ek mei dwaan, ast der net mei de
hannen oan sitte wolst'
`Moat it echt?'
De oare trije seagen ferheard nei har op.
`Fynst dit dan net leuk?' It wie ien en al
ferbazing.
`Nee,' sei se, heal ferûntskuldigjend.
`O, ik bin altyd bern bleaun,' sei de mem fan Kick
yn it algemien, `ik fyn it sa hearlik om hjir mei de
hannen yn om te bargjen,'
`Ja, ik ek,' kraaide de mem fan Roos. `Soks kin
thús net, dan sitte se my nuver oan te
sjen.'
De heit fan Bas like ek hiel tefreden. Hy boude der
in kastiel fan. Soe er dêr moarns ûnder it
skearen ek nei ferlange? Om der no ris wat hiel moais
fan te bouwen?
Sy tyske wat mei har leppel om. Se koe it net helpe
dat se ynienen in lytse douchekabine seach. In douche
dy't troch de heit en mem fan har freondin `de
badcel' neamd waard. De badcel hie grize tegels op 'e
flier en der wienen gjin ruten. It wie de baaikeamer
fan in lyts rychjeshûs, boud yn 'e midden fan 'e
jierren sechstich. Der wie in wastafel mei in spegel
en oan 'e muorre hong in sproeier. It roek der altyd
hiel oars as thús.
De frou dy’t yn tsjinst wie fan de lanlike
berne-opfang en dy’t fan ‘e jûn de
lêzing fersoarge, die op 'e nij de rûnte.
Se lake al doe’t ser deryn kaam. Yn dit
sealtsje wie der altyd wille en dan hoegde se gjin
pedagogyske fragen fan âlden te beantwurdzjen.
Dêr wienen de oare aktiviteiten foar: it
fervjen, de origami dêr't gjin mins útkaam,
en it plakken.
`Hee, do hast noch hielendal neat?'
It ferskil wie fansels ek dúdlik. Se hie ien
lyts tûfke op it bankoerflak spuite.
`Ik hâld der net fan,' ferklearre se, ek al
hoegde se gjin útlis te jaan.
`It is ommers krekt dzjel?, die de frou fan de
lanlike opfang ûnleauwich.
Moast se no sizze dat se noait dzjel
brûkte?
`Of hast der jeuchdtrauma's fan?' frege de frou,
sabeare as psycholooch, `Goai it mar yn 'e
groep.'
`Ja,' sei se.
De oaren laken allegearre. In trauma, ha ha.
As se middeis út skoalle by har kammeraadske
boarten, kaam dy har heit fan bêd ôf. Hy
wie judolearaar by in sportskoalle, kaam nachts altyd
hiel let thús, want as de lessen jûnslet
ôfrûn wienen, gie er mei de minsken fan
it lêste judo-oerke noch de stêd yn, om wat
te drinken. Hy sliepte it hiele moarnsskoft en soms
wol ta de middei út. De earste lessen
begûnen middeis wer om fiif oere. Dat hie har
freondintsje allegearre ferteld. Sy sieten mei har
beiden ek op judo. Hy woe altyd fan alle famkes witte
watfoar kleur ûnderbroekjes se oan hienen en
makke der dan grapkes oer.
Soms lei dy heit noch op bêd. As de doar
iepenstie koe se him lizzen sjen. Ut dy keamer wei
kaam altyd in soere rook, as die de mem fan har
kammeraadske noait de ruten fan dy keamer iepen. Soms
kaam er fan bêd ôf. Earst kreake it
bêd, dan gie er nei de badcel. Dy wie neist it
keammerke en se hearde it iepen- en tichtdraaien fan
'e kranen.
Soms, as se oan it boartsjen wienen, kaam de heit
ynienen it keamerke fan har kammeraadske yn,
laitsjend, en rjocht op har ta. `Is hjir ek in famke
dat ynsmard wurde moat?' Yn 'e hân hie er in
skearkwaste fol skom. Se besocht te ûntkommen en
raasde. Har kammeraadske joech ek gjalpen, mar har
naam er noait mei nei de badcel om har hielendal yn
te smarren.
`Leuk, hen,’ sei it kammeraadske as se wer by
har yn it keammerke wie.
Der wienen al fiif minuten om. Se hong achteroer
tsjin it hurde leuninkje en seach nei wat de oaren
dienen. Roos har mem hie keazen foar abstrakt en
brûkte it hiele blêd. Op alle hoeken hie se
skom spuite, dat wurke se út nei de midden fan
'e tafel ta. Thús skildere se graach abstrakt,
sei se. Der hong aardich wat wurk fan har oan 'e
muorre.
De mem fan Kick frege oft se derby ek byldhoude,
want dat mocht sy sa graach dwaan. Yntusken foarseach
se harsels fan kommintaar by it modelearjen fan in
gesicht: `Sa, en dan no de noasgatten...' No gie se
dwaande mei de earen. Dat fertelde se yn alle
gefallen.
It kastiel fan de heit fan Bas krige fjouwer
muorren en ien toer yn 'e midden dy't net stean woe.
Hieltyd wer krige er de spuitbus en die er wer in
spitske boppe-op.
De mem fan Roos begûn.
Doe't se har fjirde abstrakte komposysje makke hie,
frege se. `Jim dogge der dochs fierder neat mear mei,
wol?’ en mei in sabeare ûndogensk gesicht
spuite se de hân fol skom en rûn der mei
nei de heit fan Bas. Dy wurke him út it
stuoltsje en goaide gau in flok skom nei de mem fan
Roos. Se geiden it út. Kick syn mem koe doe net
achterbliuwe en pakte mei beide hannen al it skom fan
har gesicht en smiet it nei Roos har mem.
Doe kamen alle oare âlden der ek by; de
aktiviteiten yn 'e oare sealtsjes wienen blykber
ôfrûn en se kamen op it laitsjen en roppen
ôf. Earst stienen se noch oan 'e kant te sjen,
mar ynienen wie it ien en al skom.
De frou dy’t de lêzing hâlden hie,
kaam der ek yn en rôp: `Dit ûnderdiel
leart men net safolle fan, mar is wol hiel leuk! Of
net?’
`Ja nou!’ rôpen alle heiten en memmen
fan 'e berne-opfang.
Sy wachte geduldich de fluit ôf. De leppel hie
se neist de bus dellein.Gjinien koe sizze kinne dat
se net mei dien hie.
|