|
|
Marc R. Kooij
SUSTER IERDE
Diel 5: 'Bernadette'
‘Dyn tas’, bringt Bernadette Marc de
spullen dy’t er meinimme moat, yn’t sin.
Se wenje al in skoftke by inoar, Marc is nei de
krinking fan it mislearre aventoer sa feroare dat er
ûnmooglik noch mei syn gesin yn ien hûs
bliuwe koe. Sij binne net bekend mei it ferskriklike
geheim dat er dei en nacht by him hat. Syn frou frege
him der altyd nei, as hy wer ris wiet fan ‘t
swit wekker waard út in nachtmerje. Hy hie it
har nea sizzen doard, benaud dat it trochlekje soe.
De Wrâld Romte Organisaasje hie alhiel net bliid
west mei harren ‘amateuristyske
hâlding’ foar de bûtenierdsen oer. Yn
oerlis mei it regear wie besletten om de hiele saak
yn ‘e smoarpôt te triuwen. Bernadette hie
foar de tillevyzje ferklearje moatten, dat it
skynbere libben op Suster Ierde optysk bedroch west
hie, oars neat. It regear wie net te min west om te
driigjen mei it eliminearjen fan harren neiste
famylje as Marc en Bernadette net gearwurkje woenen.
It makke it allegear noch slimmer: in ferskriklik
geheim en it der net iens oar hawwe meie. Earst nei
fiiftich jier soe it materiaal iepenbier wurde, de
offisjele tiid foar it ferjierjen fan stikken.
Stipe fûn er allinnich by Bernadette, dy’t
deselde ûnderfinings as him hie. Tegearre wienen
se op de gedachte kaam dat de bewenners fan Suster
Ierde op harren beurt nei Ierde ôf reizgje kinne
soenen. En hoe't se dan it libben op Ierde kritysk
besjen soenen, yn Jehova’s namme.
Om harren kommen ta te rieden besykje Marc en
Bernadette de minsken op Ierde alfêst te
warskôgjen foar de feroarings dy’t se
ûndergean moatte. Echt grut kinne se it noch net
oanpakke. Hoewol’t de skieding al in skoftke in
feit is, is Marc syn leafde foar syn frou en bern
noch net hielendal oer. Yn alle gefallen net safolle,
dat er harren yn gefaar bringe wol troch it bekend
meitsjen fan de feiten.
Se stappe yn de Jaguar en ride nei de strjitte dy't
se hjoed ûnder hannen nimme sille. Dêr
stappe se út en skilje oan by it earste hûs
dat se sjogge.
‘Goeiemoarn,’ groetet
Bernadette de frou dy’t yn har nachthimd yn de
doar ferskynt, ‘jo ha fêst wolris neitocht
oer de tiid wêryn wy libje?’ De frou is
dúdlik noch net hielendal wekker en sjocht har
fernuvere oan.
‘Wat tinke jo bygelyks fan de
tanimmende oarlochsdriging en it fersprieden fan
oanhingjende sykten,’ giet Bernadette troch
foar't de frou by sûp en stút is.
Yn trije oeren ha se de hiele strjitte foar Jehova
wûn. Hy sil harren grif tankber wêze en
harren, as se dea geane, nei harren wurken beleanje.
|