Josse de Haan


‘Les mots ont la parole’

BASKYSKE BRIEVEN 7

SIJENS en BOERSMA: KU-DIALOGEN SUNT MAART ‘02

‘Ika, ik haw foar dy de dialogen tusken de foarsitter fan KU (oant 1 maart ’03, Sijens) en de offisjele adfiseur (oant 1 maart ’03 en dêrnei sels foarsitter, Boersma) sammele en yn in duorjend ramtpetear setten. Do sietst yn Antwerpen, en ik kin my yntinke datst fan al dy ferhalen oer De Moanne neat begrypst. Miskyn jout dit wat ynsjoch.
  It docht bliken dat yn tsjinstelling ta de berjochten yn de media der wol in konsekwint belied fierd wurdt: it doel is it ôfstjitten fan ûnrendabele ûnderdielen. Sijens, de man dy’t op krusiale mominten op fakânsje is of giet, hat in yntinsive gearwurking mei Boersma, de makelaar yn adfiseur- en foarsitterskippen, de man dy’t omkomt yn de petten, dêr’t de kleppen yn alle gefallen de eagen it sicht beheine en ûntnimme. Op de werklikheid.

(maart ’02, Sijens sit yn Ytaalje)

  1. Sijens: Jikke Brattinga hat har bestjoersfunksje dellein, en seit har lidmaatskip op.
  2. Boersma: Makket neat út, it is mar in lid, boppedat is it gjin skriuwer.
  3. Sijens: Marjanne ten Hove hâldt yn juny op as bestjoerslid.
  4. Boersma: Gjin punt, hat ek neat bydroegen oan de KU, wy sykje in nijenien.

(april ’02, Sijens earne yn Europa)

  1. Sijens: Dineke Bos stapt op as bestjoerslid, en bedankt as lid.
  2. Boersma: Gjin probleem. Se skriuwt gjin boeken, en ponghâlders kinst oeral fine. Boppedat hat se in grutte bek.
  3. Sijens: No binne Sietske en ik noch mar tegearre as bestjoersleden. Tinkst dat wy dat oan kinne?
  4. Boersma: Mei myn help kinne wy alles oan…
  5. Sijens: Wy moatte dy Janzen detasjearje foar De Moanne. Wat tinkst derfan?
  6. Boersma: Lit mar even sitte, dat kin altiten noch. Hy hat noch ynkommen fan dy skoalle, en sil dus net omkomme fan de honger.

(maaie ’02, Sijens sit yn Ytaalje)

  1. Sijens: De Moanne ferdomt it langer mei Riemersma gear te wurkjen. Ik hie him wol tasein dat hy de setter bliuwe koe.
  2. Boersma: Ast it mûnling dien hast, hawwe wy gjin probleem. It is dyn wurd tsjin dat fan Riemersma.
  3. Sijens: Riemersma hat syn lidmaatskip opsein.
  4. Boersma: Dat is syn saak, hy is gewoan ien fan de 50 leden. Wy lizze der net wekker fan. Op sa’n wize isolearret er him folslein.

(juny ’02, Sijens sit yn de trein tusken Grins en Ljouwert )

  1. Sijens: Janzen is swier siik.
  2. Boersma: Spitich foar de man. It betsjut al dat wy him no net detasjearje hoege. De wet ferset him hjir tsjin. Wy kinne it jild sels hâlde as KU.

(septimber ’02, Sijens is net te finen)

  1. Sijens: Van der Leest wol dat syn roman troch Riemersma setten wurdt.
  2. Boersma: Komt neat fan yn. Wy ha neat mear mei Riemersma te krijen, hy is sels opstapt. It kin better en guodkeaper troch in profesjonal.

(oktober ’02, Sijens kampearret yn Marokko)

  1. Sijens: De Haan wol dat syn roman Nanette troch Riemersma setten wurdt. Mei Piksjitten op Snyp ha se geweldich gearwurke, seit er.
  2. Boersma: Riemersma begjint fuile spelletjes te spyljen. De Haan moat him dellizze by de realiteit. Van der Hoek is ús opmakker.
  3. Sijens: De Haan hat in smoarch stik skreaun yn de LC. Hy wol my út de KU smite en De Moanne moat ôfstjitten wurde.
  4. Boersma: De Haan kin de pôt op. As er troch giet mei syn beledigingen jouwe wy syn boek net út.
  5. Sijens: Cor van der Wal is yn ûnderhanneling mei Bornmeer.
  6. Boersma: In ûntankbere hûn. Wy ha him as debutant lansearre, him op Poetry International brocht, en no lit er ús sitte. Dy dweil!

(desimber ’02, Sijens is op fakânsje, nimmen wit wêrhinne)

  1. Sijens: De Haan wol dat Riemerersma syn roman Nanette set. Van der Hoek is op fakânsje yn New York. Wat dogge wy?
  2. Boersma: Lit De Haan syn boek mar nei Amearika stjoere.
  3. Sijens: Van der Leest wol no ek swart-op-wyt dat Riemersma syn roman set. Ik wurd hjir gek fan…
  4. Boersma: Neat mei te krijen. Van der Leest moat him oan de rigels hâlde. Riemersma is persona non grata.
  5. Sijens: Us lid Steven de Jong giet mei Frysk en Frij yn see. Al wer ien. Wy hâlde gjin skriuwer oer.
  6. Boersma: Do en ik binne de KU. As wy skriuwen bliuwe, hat de KU dy oaren net nedich. Steven hat altiten al in probleemgefal west. Foaral dy frou. Kop derfoar Sijens, do bist oan fakânsje ta.

(jannewearis ’03, Sijens sit yn Ytaalje)

  1. Sijens: De Haan wol syn boek mei de boekewike útjûn hawwe en easket swart-op-wyt oft Riemersma sette kin of net.
  2. Boersma: Nei dat kulstik yn de LC fan oktober kin De Haan om my it dak op. Dy lit him brûke, krekt as Van der Leest, troch Riemersma. Wy geane de striid tsjin Riemersma en syn klyk mei iepen eagen oan. 50 leden binne dochs 2 fan sokken de baas?
  3. Sijens: Anne Feddema is yn ûnderhanneling mei de FP. Ek in lid fan ús. Dit giet ferkeard. Wy hâlde gjin mins oer!
  4. Boersma: Skilders kinst oer it ginneraal net betrouwe. Dy gean samar fan de iene kleur oer op in oarenien. Boppedat, wat hat er oant no ta skreaun? Do bist oerspand Sijens, ik haw it dy al sein, do moast wer ris op fakânsje, ik regelje hjir alles wol.

(febrewaris ’03, Sijens sit yn Grikenlân)

  1. Sijens: De Moanne betrout my net mear, meidat se net witte oft ik no foar De Moanne bin of foar de KU. Se sizze dat ik dûbel fel foar de kop haw.
  2. Boersma: Dêrtroch bist ek altiten sa bleek, ha ha. Grapke Sijens. Sûnder dûbel fel kinst neat yn dizze wrâld. Do skiedst alles perfekt, lykas ik ek doch mei myn funksjes. It is krekt as mei poëten: jo moatte josels opsplisse yn ûnderskate persoanen, en noait de iene hân freegje wat de oare docht of krekt net docht. Ik werken dat yn dy.
  3. Sijens: Dy dweil, dy De Haan, hat in diskusjestik skreaun fan acht siden foar de ekstra gearkomste fan de KU op 1 maart. Ik moat derút smiten wurde, De Moanne moat nei in goeie útjouwer, en fierder noch wat flauwekul.
  4. Boersma: De Haan kin wol heel wat wolle, mar ik sis dy dat ik wer foarsitter wurd, do nimst it jild en wy sykje wat froulju foar de rest fan it bestjoer. De Haan krijt gjin poat oan de grûn. Mei syn útstel wol er Riemersma wer binnen helje. No, dat is wol it lêste dêr’t de KU ferlet fan hat. Ik haw al lju skille om te kommen en foar ús te stimmen.

(maart ’03, Sijens is even werom foar de gearkomste)

  1. Sijens nei ôfrin fan de gearkomste: No is De Haan ek opstapt as lid, en ik haw fan Van der Leest begrepen dat hy ek giet as Riemersma syn boek net sette kin.
  2. Boersma: Hast myn taktyk sjoen op de gearkomste? Woest hast ek noch opstappe, moatst bliid wêze dat ik dy rêden haw. Ast fuortgien wiest hie elkenien tocht dat De Haan gelyk hie. No bist út de striid kommen as in sterke foarsitter. Kinsty no bewize as ponghâlder. Wy ha in soad jild fan de provinsje oerhâlden no’t dy Janzen yn de syktewet sit. Kinst wol wer op fakânsje.
  3. Sijens: Wy moatte nije leden hawwe.
  4. Boersma: Myn soan skriuwt ek, yn myn eigen blêd, dy wurdt mei koarten lid, en myn frou sjocht in lidmaatskip ek wol sitten.
  5. Sijens: Dy Riemersma en De Haan binne begûn mei in útjouwerij. Wy moatte ús skriuwers warskôgje dat se by de KU bliuwe moatte.
  6. Boersma: Hoechst net bang fan te wêzen. Fanút Súd-Frankryk fuort kinst gjin útjouwerij liede. En Riemersma hat him helendal isolearre mei syn agressive aksjes. Se krije gjin skriuwer!

(april ’03, Sijens sit op Kreta)

  1. Sijens: De Moanne hat my in ultimatum stjoerd: Op de redaksjegearkomsten ferskine, en oars oprotte.
  2. Boersma: Wy binne de baas oer De Moanne. Dy Janzen kin raze wat er wol, mar wy stekke gjin jild yn sa’n djoere redakteur. Wy kinne better in goedkeapere krêft oanlûke. It is miskyn wol wat foar myn soan, dy is no ek sjoernmalist.
  3. Sijens: Van der Leest jout syn boek út by Venus, de nije útjouwerij fan dy twa kwerulanten.
  4. Boersma: Van der Leest skriuwt al lang net mear. Dêr hat de KU neat oan. Venus kin allinnich mar werprintings útjaan. Alle skriuwers sitte ommers by erkende útjouwers. Gjin mins giet mei dy twa yn see. Op syn heechst wat tredderangsfigueren, oare kwerulanten en pornoskriuwers.
  5. Sijens: Wy binne no al in stik of tsien skriuwers en leden kwyt. As foarsitter, en no ponghâlder, lûk ik my dat oan.
  6. Boersma: Fertrou op my. Tegearre kinne wy it spul wol draaiend hâlde. Riemersma en De Haan kinne it noait fan ús winne. Wy hawwe de leden, wy hawwe it jild, ik haw de kontakten en de breens, en ik bin foarsitter fan it Skriuwersboun. Bertus Mulder is as sjerp yn myn hannen. Boppedat bin ik ek noch in ferneamd skriuwer. Wy winne dit Sijens. Gean rêstich op fakânsje. Ik rêd my mei De Moanne. Dy moatte wy wer yn eigen hannen hawwe. It is better datsto dy even op ôfstân hâldst. Stjoer in kaartsje út Ystanboel nei Janzen. Fynt er fêst aardich.

(july ’03, Sijens reizget yn Turkije op in kameel)

  1. Sijens: De Moanne hat my dien jûn, Janzen wol net mear einredakteur wêze, en ik krij fan alles de skuld. Do moatst wat dwaan, want oars doar ik net wer werom. Se tinke ek noch dat ik al dat jild dat poarter is ferreizge haw, wylst ik gewoan op reportaazjereis wie. De Moanne hie der in soad profyt fan ha kinnen. Trouwens, Janzen hat syn lidmaatskip ek opsein. Dit giet mâl Boersma!
  2. Boersma: Kom noch net werom. Ik sil it no sels liede moatte. Ik ferklearje de oarloch oan De Moanne, oan de Provinsje, oan Utjouwerij Venus (want dy sit achter dizze ellinde), oan elkenien dy’t my net stipet. Ik sykje stipe by myn persoanlike psycho- resp. politikolooch en dan sille wy sjen wat der bart. Ik fret se rau.
  3. Sijens: De Moanne wol net mear mei ús prate en se ferbrekke de ferbining mei de KU.
  4. Boersma: Dat kin net. Ik bin eigner fan De Moanne. Allinne as se grof betelje is der oer te praten. Hâld de kameel rinnende en genietsje fan it libben. As de kust feilich is, sil ik dy warskôgje.
  5. Sijens: Venus komt op 29 augustus mei fjouwer belangrike útjeften. Wêr bliuwe wy as KU?
  6. Boersma: It is allegear ôfdankt spul fan de KU. Do en ik soargje dat der yn desimber nije biografyen en kameleferhalen komme. De Moanne hyt dan wer gewoan trotwaer.


Tusken maart 2002 en augustus 2003 hat de KU ûnder de treflike lieding fan Sijens en Boersma in grut tal leden-skriuwers-bestjoersleden ferlern, èn har fisitekaartsje.
  Jikke Brattinga, Marjan ten Hove, Dineke Bos, Trinus Riemersma, Josse de Haan, Cor van der Wal, Anne Feddema, Steven de Jong, Reinder van der Leest, Jan Pieter Janzen en it moanneblêd De Moanne.
  It detasjearringsjild fan Janzen is poarter en der is gjin saldo. Boersma giet te ierappelsykjen en Sijens lit toeristen op kamelen ride yn Turkije. Op dy wize hoopje se it tekoart werom te fertsjinjen. Bertus Mulder is fan syn fakânsje werom roppen en besiket oplossingen te finen. De FIOD leit hjoed of moarn beslach op de boekhâlding fan de KU.
  Sasto sjochst Ika, it is need gongen yn dy oardeljier. Ast noch wat nijs hast oer dizze affêre dan hear ik dat graach. Want Boersma hat gelyk: út Súd-Frankryk fuort hawwe jo in fertekene byld fan de sitewaasje. Se sykje no in sterke man of frou om it spul wer op ‘e kluten te krijen. Hannah Ludwig en Willem Verf wurde neamd, politike talinten en dus manipulators fan komsa. Want dat hast nedich yn soksoarte fan gefallen. Foar Bertus Mulder wurdt it dan ek wat makliker.’

Oant sjen, agur, a diós, au revoir, J. (Hendaye, 3 augustus ’03).