Marc R. Kooij


SUSTER IERDE


Us kolonisten hawwe Suster Ierde berikt. Mar kinne se de striid mei de oarspronklike bewenners wol oan? Wint technology it fan religy? Wurdt Suster Ierde it beloofde lân? Lês alles oer de takomst yn:



Diel 4: 'Eva'

De stimming is net al te fleurich op de ‘Op Ferhoop Fan Seine’. Se binne harren tige bewust fan it belang fan harren maatregels oangeande Suster Ierde. Se werhelje alle tests trije kear, de lytste misrekken kin ôfgryslike gefolgen ha. It stiet harren net frij om eat oer de holle te sjen.
De meast ideale oplossing liket te wêzen om in flard út de bûtenstream fan de tiiddjipte op te pakken, en dy by lytse bytsjes op 'e planeet los te litten. Op dy wize kinne se it proses de hiele tiid yn ‘e gaten hâlde. Want it is fansels net de bedoeling dat de tiid ynienen trijetûzen jier foarút giet ynstee fan de plande trijehûndert.
            Boppedat moatte se sels net meigean yn de tiid, en de tiiddjipte, as it dien is, wer werom op it plak sjen te krijen. Komme se sels yn de djipte, dan bestiet it gefaar dat ek sij tegearre mei de planeet foar ivich yn 'e fersnelling fan 'e tiid hingjen bliuwe. Dan kinne se nea wer werom nei de Ierde en as finzenen fan de tiid yn duzeljende en net te stopjen gong de takomst yn slingere wurde.
            Sa giet der in wike fan djippe konsintraasje foarby, oan’t se úteinlik beslúte dat it griene ljocht foar de tiidsoperaasje oan kin.
Nei in oerke wrotten is it dien. Op feilige ôfstân fan de planeet besjogge se de foto’s, en de operaasje liket slagge. It oansjoch fan Suster Ierde is wol gâns oars wurden, enorme diken fol stadich ridende auto’s lizze no tusken de doarpen en steden. Ek is der mear heechbouw kaam, op 'e foto’s binne dúdlik flatgebouwen, stjoermêsten en kantoaren te ûnderskieden.
            ‘Okee, we moatte mar eefkes nei ûnderen’, seit Eva. Yndied, se kinne no net bêst samar fuort fleane, miskien ha se net te ferhelpen skea oanrjochte mei harren tiidsoperaasje en is de planeet no noch minder geskikt foar kolonisaasje as earst. Mei wat muoite ûntdekke se in leech plakje tusken al it gewoel.

Sa as se fan ‘e foto’s al tochten is it op ‘e grûn in hektyske tastân. In soad minsken rinne troch inoar en guon ride yn auto’s dwers troch groepkes minsken. De dyk deun by de stêd dêr’t se no delkaam binne leit besiedde mei ferkearslachtoffers. Blykber de risping fan minder dan in dei, grutte trucks ride om bar oan en ôf. Ploegen fan wurkers smite de deade lichems yn de meastentiids útprotsjende oplizzers.
            ‘Wat ha wy dien,’ mompelet Bernadette fertwifele, ‘it liket hjir wol in boargeroarloch’. Sa as se it no besjen kinne, liket harren aksje, útsein de perfekte technyske útfoering, in totale mislearing. De freedsume kristlike maatskippij hat it fjild romme foar gaos. Se ha de beskaving útroege mei harren yngripen.
            Harren eagen sykje fergees alle kanten ôf nei werkenbere saken út wat no it ferline fan de planeet is. Alles wat se fine is pine en lijen, moard en deaslach. Se binne sa skokt troch wat se sjogge dat se harren ûndersyk ferjitte.
            ‘Fuort hjir, dit is de hel,’ is it iennichste dat se noch tinke.

Earne op in hoeke sjocht Karel in tillefoansel. Harren nijsgjirrigheid wint it no dochs wer fan harren wearzge, Karel en Eva steane de drokte om harren hinne (Ja, wie okee) en rinne tegearre de kant fan it gefal út. It betsjut in nije skok foar Marc en Bernadette, as se sjogge hoe Karel en Eva de sel yngeane en de sel flak dêrnei de loft ynsjit om tsientallen meters boppe de grûn mei in hurde knal en in soad fjoer te eksplodearjen. De brokstikken wurde ferspraat oer in gebiet fan wol hûndert fjouwerkante meters en lûke mannich ûnskuldige foarbijgonger mei har mei de dea yn.
            Eangst slacht Marc en Bernadette yn it liif. Harren beste freonen binne hjir foar harren eagen ferstoarn en as se hjir noch langer bliuwe ha sy ek grutte kâns om om ‘e hals te kommen. Sa hurd as se kinne, flechtsje se werom it romteskip yn en naaie sa gau mooglik út, om nea wer op dit ferskriklike plak werom te kommen.
Se binne lang en breed de tiiddjipte troch, Ierde kin sawat wer yn ’t sicht komme, as se harren rêst wer in bytsje werom fine. De hiele weromreis ha se swijd oer wat bard is. It útsjoch troch de ruten ha se mijd, it is net mear itselde en sil dat ek nea wer wurde. It liket oft it hielal foargoed ferbean terrein wurden is.
            Marc leit treastend syn hân op Bernadette har skouder. Sy hâldt it no net langer en begjint oer it fiasko te praten.
            ‘Earme Karel en Eva,’ seit se, en Marc knikt. Se wisten fansels yn 't foar dat der risiko’s oan de feart ferbûn sieten, mar se hiene al sa’n soad reizen mei har fjouweren makke, se hienen der gjin rekken mei hâlden dat se dizze kear net alle fjouwer oerlibje soenen.
            Se ha noch in pear oeren om te betinken wat se dwaan moatte as se werom op Ierde binne. Bernadette hat fan it begjin ôf it wurd foar de groep dien by offisjele gelegenheden. Stilswijend hie sy de taak op sich naam om sjoernalisten yn te ljochtsjen oer harren aventoeren en befinings. Mar no ha se in hiele wrâld nei de kloaten holpen, dat is dochs minder nijs om mei thús te kommen as de ûntdekking fan de tiiddjipten fiif jier werom.
            Tegearre beslute se dochs mar it ferhaal sa as it is te fertellen, hoe dreech harren dat ek falt.
            ‘Wy moatte nei eare en gewisse hannelje,’ mient Marc, ‘ek as wy dêrtroch in minne yndruk meitsje.’ Bernadette knikt ynstimmend.
            ‘Do hast gelyk Marc,' seit se, ‘in mins bliuwt altyd sels ferantwurdlik foar syn dieden. We kinne allinnich mar hoopje op de goede fan Jehova.'