|
Josse de Haan 'Les mots ont la parole' BASKYSKE BRIEVEN 6Berjocht oan Ika, streekrjocht fan de oséaan,
It is hast fjirtich graden hjirre. As de minsken op
it strân komme rinne se yn it bytsje klean dat
se oan hawwe daalk de oséaan yn. Ik haw
itselde dien en dobberje no mei myn panama op 'e kop
yn in opblaastuoltsje mei in skriuwtaffeltsje op it
wetter. EL PAPA
Yn in Spaanske krante lês ik dat de Spaanske
konservative premier Aznar - absolút hearsker
meidat syn partij de folsleine macht hat - yn de nije
konvinsje fan Europa opnommen hawwe wol dat it
Roomske Leauwe de wichtichste en grutste
godstsjinst is yn Europa. Hy hat krekt in nije
wet troch it Spaanske parlemint jage dy't
ynhâldt dat der trije oeren wyks Rooms-Katolike
godstsjinstfoarming op de legere skoallen komt. Dat
is mear as ûnder Franco. Ek hjir is restoraasje
fan (kristlike) noarmen en wearden needsaaklik. No
sa! DE MINISTER IS IN DICHTER
Dominique Villepin, de minster fan
bûtenlânske saken yn Frankryk, is dichter
en hat krekt in mânsk boek mei literêre
essays publisearre. Chirac en hy hawwe fûl
opposysje fierd tsjin Bush, Blair, Aznar en oare
konservative oarlochgeilers. Ik haw him sjoen, dizze
Dominique Villepin, yn Bordeaux en letter op CNN yn
de VN, dêr't er op in heel aparte wize en
typysk erudyt Frânsk syn ein
fêsthâlde. Poëtysk hast, al is dat
in belediging foar de poëzij yn dit geheel fan
sjantaazje en ligerij fan de kant fan de USA. RENE CHAR (1907 - 1988), Frânsk (surrealistysk) dichter No't ik hjir op it wetter lis lês ik graach wat afoarismen fan in Frânske dichter dy't út de kontrijen (Vaucluse) komt dêr't Van Gogh syn gloedfolle skilderijen makke hat, fier fan de oséaan, fier fan it wetter, baarnend hast. De oséaan soarget derfoar dat de wurden wat ôfkuolje: OP DE SÛNENS FAN DE SLANG I Ik sjong oer de gloede mei it antlit fan in krektberne poppe, de hopeleaze gloede. II No is it de bôle dy't de mins brekke sil, om de skientme te wêzen fan it dageljocht. III Wa't betrouwen hat yn de sinneblom sil it wol litte en tink nei yn hûs. Alle leafdesgedachten sille syn gedachten wurde. IV Yn de luts fan in swel sjocht men de tonger kommen, wurdt ek in tún oanlein. V Der sil altiten in drip wetter wêze dy't de sinne oerlibbet sûnder dat de assendant fan de sinne der lêst fan hawwe sil. VI Lit sjen wat de kennis geheim hâlde wol, de kennis mei de hûndert gongen. VII Wa of wat op 'e wrâld komt om gjin steursinder te wêzen, fertsjinnet noch achting noch geduld. VIII Hoe lang moat dit noch duorje: it tekoart fan de mins dy't stjêrt yn it hert fan de skepping, omdat dy skepping him ôfwiisd hat? IX Yn dyn essinsje bist oanhâldend dichter, allegeduerigen op it hichtepunt fan dyn leafde, hyltyd wer longerjend nei wierheid en gerjochtichheid. It is miskyn in needseaklik kwea datst it net stânfêstich wêze kinst yn dyn gewisse. FAKS OER W.F.HERMANS YN DE GROENE Graa Boomsma: yn De Groene, 7/6 'Hermans ophingje nei 50 jier?'
Beste J., de diskusje oer de skriuwer en syn
haadpersoanen dy't yn Fryslân troch Veenbaas en
Bilker opstart is, hat yn it westen in ferfolch
krigen. Graa Boomsma hellet fûl út nei
in skriuwer, Ronald Havenaar, dy't Hermans - lykas
syn oanklagers yn 1952 (sic!) - ferantwurdlik stelt
foar de opfettingen fan syn romanpersonaazjes. IT DELIKT FAN IN ROMANPERSOAN
Op 20 maart 1952 stie Willem Frederik Hermans yn
Amsterdam yn it palys fan Justysje foar de rjochtbank
'wegens belediging van een bevolkingsgroep'. Yn
Hermans' boek Ik heb altijd gelijk hâldt
de dronken haadpersoan Stegman in taspraak tsjin de
katoliken. 'Se naaie der mar op los, plantsje har
fierder as kninen en hawwe ferrotte kiezzen fan it
ouwels fretten.' 'SKENNER' FAN LITERATUER
Boomsma fynt Havenaar in anty-literêre en
taalspulûngefoelige mieningensamler. Dizze
anty-literêre metoade negearret de relatyf
autonome romanwrâld, de 'heechstpersoanlike
mytology', dêr't de personaazjes funksjonearje
en har betsjutting oan ûntliene. ROTBOEKEN Ik sil De Groene keapje. Graa Boomsma is al jierren dwaande mei de ferdigening fan de rjochten fan skriuwers, en fan in frije literatuer. Yn de PEN en ek yn de Feriening fan Letterkundigen (VSV). Ik bin bliid dat er hjir ien fan de bêste Nederlânske skriuwers ferdigenet. Hermans is al sûnt myn achttjinde in favoryt. Yn it kader fan dizze diskusje eindigje ik mei in útspraak fan de foarsitter fan dat skoalbestjoer dat Trinus Riemersma ophingje woe. J. Ypma hyt dy kloat: Hy is in prima skoalmaster, allinne, hy soe net fan dy rotboeken skriuwe moatte (oer Trinus Riemersma yn 1967). Oant sjen, agur, au revoir, a diós, J., Hendaye, France 27 juny 2003). |