Marc R. Kooij


SUSTER IERDE


Diel 2: 'Bettie'

Hjoed is de grutte dei, fan 'e middei om healwei twaën sil it bemanne skip 'Op Ferhoop Fan Seine' de loft yngean. Om acht oere moarns nimt Marc ôfskie fan frou en bern. Syn frou en dochter swaaie him nei oant er de hoeke fan 'e strjitte om is. De rest fan 'e autorit kinne se op tillevyzje folgje, foar elts fan 'e fjouwer bemanningsleden is in ploech kameraminsken en ferslachjouwers oan setten kommen, sadat nimmen op ierde wat fan de tariedings op 'e reis hoecht te missen. De moarn sil bestege wurde oan it trochpraten fan 'e startprosedueres. Se hawwe it fansels al tûzen kear dien, yn flechtsimulators likegoed as yn it echt: fan de Ierde omheech komme; mar romteskippen binne sokke djoere masjines dat de WRO gjin risiko's nimme wol as it perfoarst net hoecht.
  De hiele wike binne der medyske tests dien, op it ferfeelsume ôf. Marc kin sûnder medyske rapporten ek wol fertelle dat se goed sûn binne. Alle reizen dy se mei-inoar makke hawwe, hawwe ta in hechte freonskip laat, se binne inoar nea út it each ferlern. Noch altyd diele se inoars soargen en freugden, al like it ek noch sa ûnwierskynlik dat se ea wer mei syn allen farre soenen. Ien kear yn 'e twa wiken is de sneontejûn reserveare foar klaverjassen. Dan is it krekt oft se wer 'in space' binne, se draaie psychedelyske platen en sjogge nei ôfrin nei âlde science-fictionfilms, Eva hat in hiele samling op fideo stean. 'Queen of outerspace', en 'It conquered the world', se hawwe se al tsientallen kearen sjoen, mar reitsje dochs eltse kear wer út 'e skroeven troch de fantasij dêr't de films mei makke binne.
  'Wienen wy mar wer outerspace', suchtsje se gauris, fol mankelike langst nei dy goeie âlde tiid.

Om healwei ienen krije se harren foarearst lêste miel op Ierde en om ien oere sitte se al op harren plakken yn it skip. It is in strak tiidskema dat realiseare wurde kin troch it fakmanskip fan net allinnich de bemanning, mar ek it betûfte personiel oan 'e grûn dat sûnder in spoar fan nerveuzens syn taken útfiert. Om kertier oer ienen slacht de swiere metalen doar efter de bemanning ticht.
  'You're on your own now,' seit de lêste man as groet troch de mobilofoan by it delgean fan 'e treppen fan it skip en it ôftellen begjint.
  'Njoggenennjoggentich, achtennjoggentich, sânennjoggentich', wit de bemanning fan it skip dat miljoenen minsken thús foar de tillevysje mei sitte te tellen. Marc tinkt oan syn frou. Se hie allinnich mar bliid foar him west, bliid, dat hy syn favorite hobby, romtefarre, wer útoefenje koe. Fansels is ek sy goed op de hichte fan alle gefaren dy't op 'e loer lizze yn it hielal. Mar gefaren ha jo ek op Ierde, en dy loere meastentiids út in lyts hoekje, en net út it ûnmjitlike wei.

Se binne trije moannen ûnderweis en hawwe de dwaalstjerren om 'e Sinne hinne al in skoftke efter harren litten. Eva stiet foar it rút en genietet fan it útsjoch dat de pikswarte tsjusternis om harren hinne, har jout. Marc en Bernadette studeare op 'e stjerrekaarten dy't foar harren op 'e tafel lizze, Bernadette berekkenet út de navigaasjegegevens de eksakte posysje fan de 'Op Ferhoop Fan Seine', 312, 4228, 73. Dat betsjut dat se yn in pear oeren de tiiddjipte dy't se sykje, berikke sille. Se hat it noch krekt even oan tiid foar't de feilichheidsproseduere ynset wurde moat. Marc giet by Eva stean en sjocht ûntspand mei har mei nei de stjerren.
  'Wat is't hjir dochs moai, net,' seit Eva sûnder him oan te sjen.
  'Ja, it is in prachtich gesicht'. It is in unike gewaarwurding, de kombinaasje fan it jin de siken besettende útsjoch mei it besef yn sa'n lyts skip diel út te meitsjen fan it grutte gehiel. Hoefolle generaasjes hawwe hjir net fan dreamd, tusken de stjerren kuierje, ien mei it universum? De hiele bemanning is 't der oer iens: se soenen hjir de rest fan harren libben bliuwe kinne sûnder har ek mar ien momint te ferfelen.
  Se hawwe wolris diskusjeare oer de mooglikheid om út te naaien en de minsken op Ierde yn harren eigen sop gearkoaitsje te litten. Se soenen oant se âld en griis wienen fan planeet nei planeet reizgje kinne. Alinne it idee dat harren bern op in dei ek dizze wrâlden befolkje kinne, wjerhâlde harren derfan om sa'n piratebestean op te pakken. It fielt dochs wat te asosjaal om al dizze skientme foar harren sels te hâlden en net as erfskip nei te litten oan kommende generaasjes.
  En wa wit wat foar wûnderlike wrâlden dý noch oantreffe sille, nimmen kin it sizze. Want hoefolle in minske ek witte kin, de takomst foarsizze kin net ien, it boek fan de skiednis fan 'e mins is skrean oant it momint fan no ta, wat noch komt kin allinnich dúdlik makke wurde troch it libben sels.

Karel keart him efter syn masjine om nei Marc en Eva.
  'De tiiddjipte sit no op de skenners,' hellet er harren út harren dreamen wei, 'as wy sa troch farre, dan sille wy de tiiddjipte yn presiis hûndert-en-sânentritich minuten yngean'. Dat betsjut dat it tiid wurdt om de feilichheidsakkoarten troch te nimmen, werby elts syn eigen taak hat.

Sa moat de masjinekeamer fergrindele wurde. Op it earste each liket dat net sa'n wichtige operaasje, mar it neilitten derfan kin harren djoer te stean kommen.
  Der is alris in frachtskip mei man en mûs fergien troch it net fergrindeljen fan dy doar. As it skip goed gliidt bart der neat, mar as it skip begjint te draaien, kin it mâl gean. Dat wie by dit skip ek sa, it lykwicht wie fuortfallen, alle fracht slingere los troch it skip en liet neat oer fan 'e ynstruminten, de panielen en de bemanning. De kracht wêrmei't de boel rûnslingere wie sa grut dat yn 'e bûtenwand fan it skip dûken fan binnenút te sjen wienen. It is in lytse mar net te ferjitten skeakel yn de keatling fan akkoarten dy't nommen wurde moatte om in skip feilich troch in tiiddjipte te piloaten.

It stellen fan 'e ideale temperatuer fan 'e motor is by Eva yn betroude hannen. Om't tiiddjipten ûnderling nochal fan karakter ferskille kinne, moat dit by eltse gong troch in djipte op 'e nij steld wurde.
  Eva soarget ek foar de begrinzing fan de temperatuer, yn dit gefal op seishûnderttrije graden Celsius. Dit is it absolute maksimum, komt de temperatuer hjir oer hinne, dan sil de motor it hiele skip eksplodearje litte.
  Yn gearhing mei de begrinzing fan 'e temperatuer fan 'e motor aktivearet Eva de bûtenskylden dy't beskermje moatte tsjin hitens en skokken. Gewoanlik is der gjin oar ferkear yn in tiiddjipte, mar ek dêr binne yn it ferline wolris fersinnen mei makke, en altyd rûnen se út yn in katastrofe. No is it saak om de gong te minderjen, by de normale gong fan tweintigtûzen zater is it skip yn 'e tiiddjipte net mear yn 'e macht te hâlden. Bernadette lêst de sakjende getalle-rige foar oant de winske gong fan fiifhûndert zater berikt is. Fluch berekkenet se de nije ferwachte tiid fan oankommen.
  'Oer hûndertsantjin minuten geane wy de djipte yn,' seit se.
  'Moai, dat jout ús de..', Eva soe wat sizze, mar fierder as dat komt se net, in alderferskuorrendst leven follet de brêge fan it skip, begelaat troch fûleindige ljochtflitsen en almaroan feroarjende kleuren. Der is dúdlik wat mis, nei alle gedachten binne se yn in losse flarde fan de tiiddjipte telâne kaam. Dizze flarden binne sa lyts dat se net troch de skenners oppikt wurde. It effekt dat se hawwe kinne, is der net minder om, se sille no de werklike tiiddjipte folle earder berikke as se pland hienen.
  Hastich set Eva de motor út, it skip hoecht no net mear oandreaun te wurden en yn grutte steat fan alertens wachtsje se de lêste fjirtjin minuten oant se yn de tiiddjipte binne, ôf.

It nimmen fan in tiiddjipte is in spektakulêr barren dat hast nearne oars mei te ferlykjen is. It easket in psychyske fearkrêft dy't grinzet oan it boppeminsklike. Hommelse konfrontaasjes mei al lang ferstoarne famyljeleden hawwe al in soad minsken op it plak sels it ferstân ferliezen dien.
  It is fan it grutste belang om jin te konsentrearjen op 'e ljochtflitsen, de kleuren en it lûd en net hingjen te bliuwen yn it ferrifeljende byld fan de woldiedige oases fan rêst dy't oan it each fan de geast foarby komme. It binne dizze rêstpunten dy't derfoar soargje dat in part fan de geast yn de tiiddjipte efter bliuwt. Wêr't dy geast dêrnei bedarret is net te sizzen, der is noch nimmen fan werom kaam. De lichems fan de ûngelokkigen takje stadich mar ûnûntkomber ôf, oant fan de persoan yn kwestje net mear oer is as in pear hannen fol stof.
  Dit lot wie harren fan oarsprong fiifde bemanningslid oerkaam by harren earste gong troch in tiiddjipte, en it byld sit no fêst yn harren ûnthâld. Se wie net iens mear by machte om te fegetearjen en waard even letter op grouwélige wize hielendal út harren fermidden skuord. Eva, Karel, Bernadette en Marc wienen de dûns tafallich ûntsprongen en soenen deselde fout perfoarst net wer meitjse.
  De iene syn skea is de oare syn brea, sy wienen trochgongen as súksesfolle romtefarders en Bettie wie yn it ferjit rekke. Inkeld in ienfâldich monumint stiet ta oantinken oan har en har drôvich lot yn it hert fan Ljouwert.
  It byld fan de earme frou dy't har besleur ferlear en allinnich nog as in minsklike plant ûnwêzenlik glimkjend yn har stoel siet, twingt him op oan Marc syn geast. Wylst se altyd sa'n bliere frou west hie, altyd klear om in oar te ferbliidzjen yn mominten fan twifel of ûntheistering. En ek fakbekwaam, har skerpe geast hie nea neilitten om de krekte oplossing te finen foar ûnferwachte gefaren.
  Har begraffenis hie ferskriklik foar harren west. Se wienen krekt ta de konklúzje kaam dat se hielendal útinoar falle soe, doe't har earms en skonken al fierwei ferbrokkele wienen. Se hienen har boppe in metalen doaze pleatst, de doaze dy't letter har deadskiste wurde soe. It hie ferskate dagen duorre oant se úteinlik hielendal ta stof wurden wie.
  It idee dat se nei alle wierskynlikens net iens har hiele lichem by-inoar garre hienen makke it noch slimmer. In part fan har earms wie mooglik yn 'e stofsûger telâne kaam, doe't se noch net troch hienen dat Bettie yn sa'n fiergeande steat fan ûntbining einigje soe. Net ien fan harren hie de eagen droech hâlden by de koarte útfeart. Mei triljende hannen hie Marc de metalen kiste yn 'e útstjitkoker pleatst.
  It wie it iennichste wat harren noch te dwaan stie, Bettie de lêste eare jaan troch har in romtegrêf te gunnen, in grêf yn it hielal dêr't se sa'n grut part fan har libben west hie.
  'Sy hie it sa wollen,' hienen se inoar, sûnder folle súkses, besocht te treastgjen

Oeps! Dat wie op it nipperke. Dêr hie Marc him hast ferlern yn syn tebektinken oan Bettie, ynstee fan dat er him op 'e uterlike tekens fan 'e tiiddjipte rjochte. Mei wat lijen bringt er himsels werom yn 'e gaotyske wurklikheid dy't, al is de oerdie oan ympulsen neat net noflik, dochs de iennichste mooglikheid fan in feilige trochtocht jout. It is suver iroanysk dat er hjir de dea yn 'e eagen sjocht op itselde soart plak dêr't Bettie har libben ferlear, hy rydbosket by it akelige gefoel dat him by de rêchbonke omheech krûpt.

Ynienen is it ek oer. Se bliuwe rêstich wachtsjen oant ek de lêste ljochtflitsen lâns kaam binne en de kleuren op de muorren ferdizenje yn it gewoane ljocht fan it romteskip. In koarte ynspeksje fan de gesichten fan 'e oaren leart Marc dat se der feilich en wol trochhinne kaam binne, se binne allegear blierhertich en laitsje fleurich.
  'Iee-haa!', raast Karel.