|
|
Jaap Krol
PARKSICHT
I PARKSICHT (1999)
Se hiene earst in grut hûs. No hiene se ek in
grut hûs, mar it foarige hûs wie grutter,
miende er. Miskien fersinde er him. Miskien like it
oare hûs allinnich mar grutter, mar wie it eins
lytser. It kaam ek om't it in ferdjipping hie en in
souder.
No hiene se in flat. In lúks appartemint. Se
hiene in prachtich útsicht op in grien park.
En se hoegden ek net mear de treppen op en del. Dat
wie moai. Doe't se de lege romten foar it earst
beseagen, wie se as in bern sa bliid.
- Hjir wol ik wenje!
As wie it harren earste hûs.
Dat lêste wie net sa. It wie harren seisde
hûs yn tsien jier. Oeral dêr't se foar it
earst kamen, woe se hinne; oeral dêr't se nei
ferhuze wiene, woe se ek wer fuort. Hy hie him faak
ôffrege wat it wie.
En hy hearde dat se de bank tsjin de muorre skode
en it lytse tafeltsje derneist sette. De grutte stoel
sette se foar it rút.
Foar dy tsien jier wiene se ek wolris ferhuze. Twa
kear mar. Fan it earste, lytse hûs nei it
gruttere twadde; fan it gruttere twadde nei it
grutste tredde. Twa kear yn hast tritich jier. Se
koene it dwaan, se krigen it ommers hieltyd better.
De lêste wente hie in grutte tún
dêr't se simmerdeis wolris wat sieten. Wolris
wat - as hy thúskaam, wie sy faak al fuort. Se
hiene it drok hân, jierren oanien.
Hy stie foar it iepene rút fan it
appartemint en seach nei it park ûnder him.
Achter him hearde er neat mear - se hie grif de
hân ûnder de kinne lein om te
ûndersykjen of it sa goed wie. Nee dus.
Dêr gong it tafeltsje al nei de grutte
stoel.
Doe't er tsien jier lyn de saak ferkocht hie, kaam
er nei de lêste wurkdei werom yn it grutste
hûs. Se hie him frege wat er no de hiele dei
dwaan soe. By dy wêze, hie er sein. Doe hie se
lûdop gichele en him in tút op 'e
foarholle jûn.
Hy wie bliid, mar wifele ek. Wie it no in gewoane
tút of wie it in flechtige tút? Nei de
twadde ferhuzing yn trije jier wifele er noch mear.
Miskien wie it yndie wol in flechtige tút
west. Sa fan: dat mienst dochs net wol? Of: oerdriuw
net sa! Hy hie har faak frege of it oan him lei. Se
negearre earst altyd syn fraach. As er trochfrege,
sei se altyd fan net, hoewol't se faak efkes wachte
mei antwurdzjen.
No hearde er dat se de grutte stoel nei de oare
kant fan de grutte keamer skode.
En hy suchte djip. Yn elk nij hûs wie se hast
alle dagen dwaande mei de ynrjochting fan de keamer.
Meastal mei it lytsguod, dan wer mei de grutte
meubels. Hieltyd seach er nei in feroaring wer
itselde patroan: it wie noait eksperiminteel,
allinnich mar in wer werhelling fan de foarige
opstelling, mar dan wat oars. Doe't er der wat fan
sein hie, hie se antwurde dat hy yn it hûs
altyd dwaan moast wat sy woe.
Dêr gong it tafeltsje al nei de grutte
stoel.
As se mei fakânsje wiene, gongen se altyd fan
hotel nei hotel. Oeral slepten se mar ien nacht. It
wie op har fersyk. As it har net befoel, woe se
fierder.
It befoel har noait.
No stiene de bank en de djippe stoel fierste fier
fan inoar ôf, wist er sûnder om te sjen.
It like nergens nei. De wenkeamer wie te grut. Dit
hûs wie fierste grut foar harren beide.
Justerjûn siet er op it balkon en hie er de
hiele jûn op har wachte. Doe't se om healwei
tolven noch net thús wie, wie er mar op
bêd gien.
Se lei al op bêd. Hy hie har net
thúskommen heard.
- Wêr tinkst oan? hearde er har achter him
sizzen.
Har stim wie skel. Wat te lûd ek, wat
nerveus.
- Neat, sei er sleau.
- Fynst it hjir net moai?
- Jawol.
- Witsto wat it moaie is oan dit hûs?
- No?
- It is net sa grut. Krekt as ús earste
hûs. Wist noch?
Hy sei efkes neat.
- Dit hûs is folle grutter as ús
earste hûs. It is ek grutter as ús
lêste hûs.
- Nee!! hearde er har roppen.
Har stim trille en resonearre yn 'e lege romte. Hy
wist net of se no laitsje soe of him noch tasprekke
woe.
II Savigny-sur-Aisne (1959)
Se song sêft in net besteand wyske foar har
út, boarstele ûnderwilens it hier en
seach soms yn 'e smoarge spegel nei him.
- Dizze keamer is fierste djoer foar ús,
hearde er har sizzen.
Hy bewûndere har ûnbekommere
fleurigens, ek al hie se gjin gelyk. Hy
bewûndere har fleur om't er har sa tsjinkommen
wie. Doe't er har better koe, wie se hieltyd
fleuriger wurden. Dat wie moai, fûn er. Lykas
dat it moai wie, dat se ûnder it
hierboarsteljen soms efkes fia de spegel nei him
seach en dan glimlake.
Sûnder it inoar te fertellen, mienden se
allebeide dat de dagen en nachten allemachtich lang
wiene.
Hy lei op it grutte bêd en hie de hannen
ûnder de holle lein. Achteleas seach er nei it
plafond, dan wer nei de grutte ikehouten doar, dan
wer nei it kleurrike skilderij.
Dan wer nei har.
- Fynst it sa moaier? Of sa?
Se hie it hier earst achteroer slein en doe ophege.
It duorre ien tel, mear net.
- Ik fyn it sa moaier. Mar ik fyn dat oare ek moai,
sei er.
En hy suchte djip. Niis hie er sein dat er it iene
moai fûn en it oare ek. Hy wie in moaiprater
wurden. It joech neat, fûn er.
- Mmm, sei se. Ik wit it net. Miskien doch ik it
dochs sá.
En se makke in flecht fan it lange hier. Fol
omtinken seach se yn 'e spegel nei de drokke earms.
En ien tel seach se doe wer nei him.
Al dy tiid hie er har besjoen. Dat wist se. Se
glimke nei him. Hy glimke werom.
- Wêr gean wy moarn hinne? frege se mei in
hege, wat ôfwêzige stim.
- Moarn gean wy nei hûs.
- Nei hûs? Mar ik wol ommers net! antwurde se
wat laitsjend, wylst se de flecht wer losliet.
Hy antwurde net, seach nei it brún-wite
plafond en fielde de holle ûnder de hannen yn
it sêfte kessen lizzen.
Hy hie noch net murken dat se soms wat senuweftich
wêze koe. Se wiene no fiif dagen fuort. Yn 'e
auto wiene se nei it suden riden. Se wiene de earste
dei bedarre yn in lyts hotel, dêr't se op 'e
keamer bôle ieten en sop opwaarmen op in
branderke. Bûten skimere it. Hy hie de ruten
iepene om de lêste fûgels hearre te
kinnen.
It wie in lange nacht. Doe't se de oare deis wekker
waarden, hiene se earst neat sein - beide tochten oan
de lange nacht én oan de kommende dei. Se
koene mar dreech in kar meitsje.
- Hast goed slept? hie se him doe frege.
- Ja.
- Ik ek.
Doe wie se fan bêd ôfgien en hie se de
kraan rinne litten.
Se wiene westlik riden. Der wiene griene heuvels,
der wiene boeren mei grutte gripen en lûde
trekkers. Yn elts doarp dêr't se kamen wiene se
nij: se hiene in auto wêrmei se oaren ynhelje
koene; se droegen grutte sinnebrillen op 'e noas. As
se út 'e auto stapten, wiene se langer as alle
oaren.
Op 'e fjirde dei hie er yn de hearrige keamer fan
in ienfâldich pensjon útsteld dy
jûn wat te iten yn it doarpke. Doe hie se de
ruten iepene, har omdraaid en wat nerveus lake.
- Do hâldst my net foar it lapke wol?
- No nee!
- Ite? Bûten de doar? Wat kost dat wol net?
No?
En fuort begûn se te gicheljen. Dat hie er
frjemd fûn.
- It kostet hjir neat!
- O nee? It kostet hjir neat?
Hihihi!
Fan ferbazing hie er mar meilake.
Haha...
Doe kaam se by him stean en seach him lang en
swijend oan.
- Ik haw noch noait út iten west, sei
se.
- Ik twa kear. Mar wat makket it út? Wy
binne net faak mei fakânsje. It is hjir ommers
net djoer.
- Safolle jild hawwe wy net.
It wie apart. Se wiene tiisdeis pas fuortgien. No
wie it freed. Dochs like dy tiisdei alwer skoften lyn
te wêzen. Hoe lang lyn, dat wist er net
mear.
- It jild moat op, moarn moatte wy wer nei
hûs.
- Ik wol net, sei se sêft.
- Wolst net út iten?
- Ik wol net nei hûs.
- Ik ek net.
Doe't se iten hiene yn it doarpke en wer yn 'e
keamer fan it pensjon wiene, hiene se harren jild
teld. Se sieten op it djippe bêd. Bûten
wie it noch waarm. Hy seach nei har.
- Moarn ride we eastlik, hie er sein.
- Wêrhinne?
- Dat wit ik noch net.
En se hiene beide glimke, want de nacht soe noch
lang wêze en moarn soe der wér in lange,
lange dei komme.
Sûnder it inoar te fertellen, hiene se de
tiid fan harren libben.
Se gie oerein, die it ljochtsje boppe de smoarge
spegel út en klaaide har út. Doe't se
neist him lizzen kaam, fielde er har kâlde
fuotten.
- Wy hawwe alle tiid, sei se noch. Ek
jûn.
- Ja, sei er.
Hy fûn it in lange dei. Wannear't er
begûn wie, wist er eins net iens mear.
Doe't se har lichem tsjin sines fielde, fernaam er
dat se riboske.
- Wat is der? flústere er.
- Neat... antwurde se.
|