|
|
Josse de Haan
'Les mots ont la parole'
BASKYSKE BRIEVEN 5
Dach Ika,
Tige tank foar dyn LOKWINSKEN. Ja, Meulenhoff giet
Nanette útjaan yn febrewaris 2004, mei
de Nederlânske boekewike en de wike fan it
Frânske boek. Myn oersetting fan de roman hat
it op eigen manneboet dien, sûnder resinsjes en
sûnder literatuerbefoarderers. Ik bin der heel
bliid mei, foaral ek meidat twa Fryske ekspêrs
tige negatyf wiene. It betsjut dat der yn goed twa
jier twa Fryske romans fan my ferskine yn it
Nederlânsk. It koe minder!
Dyn ferslach oer de roman fan Tiemersma, De
ljedder, hat kweabloed setten by Eeltsje
Hettinga. Do meist net bestean, ik bin in god wurden,
sels in godstsjinstwaansinnige romanpersoan en hy is
no lykas oaren ek begûn mei it tellen fan
wurden yn de roman dêrsto in rol yn spilest. It
giet net mear oer literêre skyngestalten, oer
de literêre wrâld as in wrâld op
himsels, oer de wrâld yn wurden dy't in roman
foaral is, nee, it giet oer de skriuwer sels. Wat hy
tinkt, wat hy fielt, wat syn noarmen en wearden binne
(as soene jo dat streekrjocht ôfliede kinne
út in roman fan in skriuwer). Sels Eeltsje
Boates Folkertsma wurdt út syn literêr
grêf skuord dêr't er fakkundich troch
Bauke de Jong yn treaun wie.
Ik freegje my sa njonkelytsen ôf wat it ferskil
is tusken in Fedde Schurer dy't mei syn eigen noarmen
en wearden (en dus net mei literêre kritearia),
op morele grûnen, kotste fan homme eernstma en
syn leafdedea en in Eeltsje Hettinga dy't
itselde docht oangeande Josse de Haan, meidat er
Piksjitten op Snyp ûnder de dongbult
skowe wol. Wiene wy dy mentaliteit net wat
ûntgroeid? It is yntusken in lytse fjirtich
jier lyn!
DER BESTIET MAR IEN GOEIE MIENING
Eeltsje Hettinga wie in oardel jier lyn sljocht fan
De ljedder. Sa'n boek hie er de lêste
jierren yn 't Frysk net lêzen. Do fynst it in
ordinêre âlderwetse boereroman yn in
opknapt jaske, en dus doochsto ynienen net mear. Do
meist gjin eigen literêre smaak, miening en
kennis hawwe, gjin ideeën lansearje
wêrom't dit boek neffens dy in optocht boek is
en net in trochlibbe roman. Allinne Hettinga's eigen
miening is de wiere.
Dat is op syn minst frjemd, want wie it net deselde
Hettinga dy't in plurifoarme literatuer foarstie en
dus ek in mearfâldige resepsje,
oriëntearre op in rommere kultuer as allinne mar
op de romantyske provinsjalistyske boerekultuer yn
Fryslân? En woe krekt Hettinga net dat de
skriuwers ris wat fierder seagen as it eigen
nostalgyske boerehiem?
Hettinga akseptearret dy net as alternonym. Hy
fynt ek datsto mei I.K.Bonset en Passoa - dy't beide
yn de roman Piksjitten op Snyp in lyts roltsje
hawwe - neat te krijen hast. Skriuwers meie oare
skriuwers net yn har wurk brûke. De roman hie
fandatoangeande - nim ik oan - ek net begjinne meien
mei in fers fan Pessoa, yn ús libje.
Fryske skriuwers moatte har plak witte.
HETTINGA'S EIGEN HETERONYM
Hettinga skriuwt hjir foar it earst oer Rimmer Franke
- syn maat yn it iere begjin fan 'kistwurk' ('doe't
it noch in ienmanssaak wie', neffens eigen sizzen) -
dy't in krityk jûn hawwe soe op Piksjitten
op Snyp ('dogmatysk, yntolerant, wreksuchtich
hypokryt'). Dat is nij! De kritykpunten dy't er neamt
komme út it brein fan Veenbaas. Ek dat is
ynteressant, want mei it neamen fan R. Franke bejout
ek Hettinga him op it terrein fan de pseudonimen, de
synonimen, de heteronimen en de kopyen.
Ik moast ek even tinke oan in oare Franke, berne yn
Grins, dy't okkerlêsten yn in petear op de
televisy syn Grinzer aksint yn syn Nederlânsk
net weimoffelje koe (en per definysje dus fûl
tsjin it Frysk wie yn syn artikel yn de
Volkskrant doe't er oer Piksjitten op Snyp
en Nei de klap skreau, sa't Rimmer Franke [c.q
Hettinga?, c.q Veenbaas?] dus no ynienen oer de roman
skreaun hawwe soe(?)). Allegearre skyngestalten,
spegelrefleksjes en skriuwers yn de skriuwers.
KEAL, MEAGER EN TIN
Hettinga hâldt fan realistyske boereromans
lykas De ljedder en dy fan Brolsma, de
romantyske poëtika. Literêre ferbylding en
metafoaren yn it proaza binne net oan him bestege. It
moat foaral keal bliuwe, meager, tin, letterlik
oerflakkich. As in romanfiguer as De Grutsk op syn
wize in 'esseeïstyske ferantwurding'
ôfleit, dy't past by him as romanpersonaazje,
dan rekket Hettinga yn alle steaten. De
'Hoantsjepikdogma's' (stie dat ek al net letterlik op
'kistwurk' doe't ien of twa lju tsjin de
GJ-nominaasje wiene yn 2001?) slane foar master op,
mar oanjaan hokker dogma's bedoeld wurde komt ek no
net oan de oarder. Groteske, surrealistyske of
dadaïstyske literatuerfoarmen binne foar de man
fan de 'Platte Fryske Flakten' net akseptabel.
Literêr boartsjen, grapkes en parodyen binne
ferbean.
Bêste Ika, ik wol dy wat fertelle oer de
skriuwster Annie Ernaux dy't ek realistysk skriuwt,
mar wol op in folslein eigen wize. It engaazjemint
mei de romanpersoanen, en de literêre
ferbylding fan de realiteit, dy't beide net foarkomme
yn de favorite boeken fan Hettinga slane hjir foar
master op. Guon Frânske kritisy walgje fan de
boeken fan Ernaux - lykas Hettinga, Veenbaas en
Bilker fan dy fan Josse de Haan - mar der hat noch
noait in kritikus west yn Frankryk dy't Ernaux
lykskeakele mei har haadpersoanen. Dat stadium binne
se dêr al mear as hûndert jier foarby.
IT ENGAAZJEMINT FAN ANNIE ERNAUX
De Frânske skriuwster Annie Ernaux beskriuwt yn
har romans de striid fan in arbeidersfamke (frou) dat
(dy't) út har achtergrûn groeit meidat
se op in stuit as dosinte oan in middelskoalle en
letter oan de universiteit yn de wrâld fan de
boergeoisy telâne komt, dêr't se har net
rjocht thús fielt. De eigen ûnderfining
fan Ernaux rint foar in part parallel oan de
literêre wurklikheid, mar sij giet as
skriuwster fierder as dy platte (biografyske)
realiteit.
Se seit: 'Ik wol net allinne mar de wurklikheid
beskriuwe yn har uterlike ferskining, mar yn har hele
funksjonearjen. Ik wol trochkringe yn it hoe en
wêrom fan de wrâld dy't om ús
hinne leit en dêr't wy midden yn
sitte'(yntervieuws Le Monde, Libération).
Soks fynt de kritikus fan de Nouvel
Observateur nonsens, want hy tinkt dat in
skriuwer de realiteit werskeppe moat. Dy kritikus
kreaket systematysk har boeken. Hy fynt har boeken om
fan te 'walgjen'. Ernaux neamt dit in foarm fan
klassehaat - 'literatuer mei yn de eagen fan sa'n
boergeois net gean oer de wrâld fan arbeiders,
literatuer mei him net dwaande hâlde mei de
tsjinstellingen yn de maatskippij, literatuer is poer
skjintme'.
WA IS ANNIE ERNAUX
De skriuwster is berne yn 1940 yn Yvetot, in lyts
stedsje yn it suden fan Normandie. Har pakes en
beppes wiene lânarbeiders. Har âldelju
wurken jierren op fabriken, mar rêden it op nei
in tal jierren in kafee mei in winkeltsje te keapjen
yn Yvetot. Se wiene grutsk dat se har iennige dochter
nei de bêste (Roomske) partikuliere
middelskoalle stjoere koene. Dêrnei folge se in
kweekskoalle dy't har it rjocht joech op
universitêr ûnderwiis.
Se studearret literatuerwittenskip, jout in tal
jierren les op middelskoallen en letter op de
universiteit. Troch dy stúdzjes ferfrjemdet se
stadichoan fan har achtergrûn. Se wurdt
út harsels skuord, want se heart net mear by
de wrâld fan har âldelju en yn it
universitêre miljeu fielt se har in ferdwaalde
ein. Yn har romans komt dit tema - it ferdreaun
fielen - op ûnderskate wizen oan de oarder.
Yn 1974 ferskynde har earste roman Les armoires
vide (Lege kasten) dêr't op in ynkringende
wize yn beskreaun wurdt hoe't de neitinzen oan en de
wearden fan it âldershûs yn it nije
libben fan de haadpersoan op gjin inkelde wize in
funksje hawwe (kinne). De titel fan it boek komt
út in sitaat fan Paul Eluard: 'Ik bewarre
falske skatten yn lege kasten.'
Yn Lege kasten wachtet in beursstudine op in
abortus - de heit is ôfsetten nei Amearika - en
tinkt nei oer har metamorfose. Yn in tsiental jierren
hat se alles út har eigen miljeu op side
setten en ynwiksele foar de koades fan it nije
miljeu. As in slang hat se har fel ferstrûpt.
Se hat in oare stim, in oar lichem, se brûkt in
oare taal en se klaait har folslein oars. Mar alles
wat se yn dat oare miljeu sa heech oansloech is op 'n
djoer op in desyllúzje útrûn.
DE BEFERZEN FROU
Yn 1981 publisearre Ernaux La femme
gelée (De beferzen frou) dat helendal yn
de ik-foarm skreaun is. De haadpersoan is in frou
dy't fêstrûn is yn in houlik, dy't har
wurk opjaan moat en har dea-ûnwennich fielt yn
it miljeu fan de man mei wa't se troud is. Se seit:
'Ik fielde my net thús yn dat
upperclass-miljeu. Myn man koe ik op 'n djoer net
mear ferdrage, en myn skoanâldelju wiene in
ramp. Ik koe der net mear oer. Allinne yn myn
skriuwerskip kin ik wenje, dat is myn thús. Ik
bin dus út dat houlik stapt, ik fielde my in
oerrinner.'
Ernaux fynt dat sokke oerrinners, emigranten fan de
iene weareld nei de oare, dissidinten yn wêzen,
in grut talint hawwe om heel skerp te observearjen.
It binne de details dy't oanjouwe by hokker klasse jo
hearre. Yn dat opsicht jout Ernaux troch har presys
observearjen har wurk sosjologyske en histoaryske
diminsjes. It ûnderskiedt har fan de generaasje
Frânske skriuwers dêr't se by heart.
Se beskriuwt op in hele teare wize hoe't in famke op
de midelskoalle in opstel skriuwe moat oer de keuken
thús of de sliepkeamer. De keuken fan it famke
heart by it bedriuw en in eigen sliepkeamer hat se
net. Se beskriuwt dan in plaatsje fan in keuken of in
sliepkeamer dy't se sjoen hat yn in tydskrift.
Dêre al op de middelskoalle moat se har
achtergrûn ferlitte en kikeboe boartsje. De
wrâld fersplinteret en it liket wol oft alles
ûnecht wurdt. It slagget it famke (en letter de
jonge frou) net in yntegraasje te skeppen tusken it
ferline fan har jeugd en it nije yn in oare
klasse.
Se sjocht it ferskil yn praten en reagearjen. It
iroanyske taalgebrûk fan de boergeoisy leart se
rasjoneel oan, mar it libbet net. As der eartiids yn
har eigen famylje in kopke of in glês sneuvele
dan waard der omraak flokt. Yn har nije miljeu wurdt
dan op itselde stuit in bekende rigel út in
gedicht sitearre ('stryk net oer it glês, it is
sêft brutsen', in rigel fan S. Prud'homme).
Soks makket dat se duorjend yn twa wrâlden
libbet. Se fynt harsels in ferriedster.
FERFRJEMDING EN UNTWOARTELING
Yn 1984 waard La Place publisearre, in roman
dy't it libben beskriuwt fan in heit, hoe't syn
dochter him seach doe't se in famke wie en hoe't sde
him letter observearret as se folwoeksen is. De heit
siket fanôf syn jeugd in 'better plak', in
befrijing út it sosjale miljeu dêr't er
yn libbet. It slagget him net echt, en dan wurdt de
dochter in soart fan alterego dy't dat wol
oprêde moat. Op har is alle hoop fêstige.
Hy is grutsk op har, mar ferûntskuldiget har
stúdzje tagelyk tsjinoer syn klanten yn de
kroech en de winkel, want hy wol net dat se tinke dat
hy syn 'plak' ferlitten hat, syn eigen miljeu.
Yn de neitinzen oan de heit makket de dochter de
rekken op: it berikken fan in 'oar (en saneamd heger)
plak' hat yn de grûn fan de saak in foarm fan
ferrie west oangeande har woartels. Dêrtroch
sil dat gefoel fan ferfrjemding en
ûntwoarteling har hele libben lang in
betiizjend selskip bliuwe.
Yn dit ferbân is in dissertaasje fan Jan Brands
- Die hoeft nooit meer wat te leren (Sun,
1992) - nijsgjirrich, dêr't op non-fiksjonele
wize in achttal akademisy mei leechopliede
âldelju har libbensferhalen fertelle. Ernaux
fertelt yn fiksje oer Normandie yn Frankryk, Brands
skriuwt in wittenskiplik wurk mei itselde
ûnderwerp oer minsken yn Nederlân en by
eintsjebeslút rinne de boeken naadleas
ynelkoar oer. Meidat Brands de ynterviews mei syn
respondinten yntegraal publisearret reitsje foaral op
dit flak de stoarjes elkoar. Ernaux leit neat
út, alles is troch de fiksje ymplisyt, en
Brands bewiist mei syn analyses en konklúzjes
dat de wurklikheid soms krekt noch wat oars is as wat
men sjocht. De mearwearde fan Ernaux skûlet yn
de emoasjes, de metafoaren en de literêre
ferbylding.
DE SKAMTE SLACHT FOAR MASTER OP
It moaiste boek fan Ernaux fyn ik La honte (De
skamte). It is fan 1997. Yn dit boek ûndersiket
Ernaux wat der noch oer is fan in famke fan tolve dat
yntusken tsjin de sechtich rint. Dit boek is sterk
biografysk, meidat se de neitinzen fan harsels omset
yn algemiene fragen oer de wearde en de echtheid fan
neitinzen. Oer in jeugd.
De skriuwster grypt werom op in anekdoate dy't
bepalend west hat foar har fierdere libben. Har heit
woe har mem yn juny '52 fermoardzje, oan it begjin
fan de middei. It famke tocht dat se gek waard. Se
besefte dat se by in famylje hearde dêr't sokke
dingen barre koene. Se skamme har, foar har
âldelju, foar dronken klanten fan har heit,
foar it platte taalgebrûk, foar al dy bestjurre
gewoanten dy't by har klasse hearden. Dy skamte
bliuwt en bepaalt har libben foar in grut part.
Yn de roman besiket Ernaux de bylden fan eartiids om
te setten yn wurden, sadat se in soarte fan
dokuminten wurde. Allinne, it is hast ûnmooglik
alles presys te treffen. It famke fan doe hat neat
mear fan de frou fan desennia letter. 'As ik dat
famke dat ik doe wie no tsjinkaam soe ik har net
werkennne', seit se.
Se fertelt yn ien fan de yntervieuws dat se it iens
is mei Proust dy't seit dat oantinkens bûten
ússels lizze. Se kin it net lykfine mei de
a-histoaryske fisy fan Proust. Alle persoanen yn 'Op
syk nei de ferlerne tiid' binne op it slotdiner net
allinne âlder wurden, mar ek feroare. Mar de
skiednis hat yn dit gefal gjin inkelde rol spile. As
foarbyld neamt se de oarloch dy't oan de gong wie: dy
spilet mar in lyts roltsje op de achtergrûn.
Sij tinkt dat de skiednis op miny en maksy nivo
altiten meibepalend is hoe't minsken har
ûntwikkelje.
ALLINNE MAR LEAFDE
Passion simple fan 1991 falt bûten it
stramyn fan de oare romans. De roman iepent mei in
sitaat fan Roland Barthes: 'It tydskrift Nous
deux is obsener as de boeken fan Marquis de
Sade.'
Ernaux beskriuwt de koarte leafdesaffêre tusken
in frou en in hege ambtner. Sij libbet yn in
berûzing en leveret har folslein út oan
har hertstocht. It libben bestiet allinne noch mar
út it wachtsjen op en it útsjen nei
dizze man.
Op in stuit feroaret it tij folslein. Erchtinkendheid
en oergeunst ferdriuwe en deadzje de leafde. De
berûzing makket plak foar leechte en foaral
pine. Genêzing fan it fertriet om de ferlerne
passy is net mooglik. It libben liket ien swart gat.
Tearheid en wreedheid wikselje elkoar ôf,
fjochtsje meielkoar. Foaral kritisy fan provinsjale
kranten beskuldigen har dat se in erotomane wie. Har
fergelykjen fan it skriuwen mei de lichaamlike leafde
soarge benammen foar opskuor.
Fan de froulike auteurs yn it
Flaamsk/Nederlânsk/Fryske taalgebiet kin in
Kristien Hemmerechts har mjitte mei dizze skriuwster.
Autentyk, iepen en foaral skriuwend yn byldzjende
metafoaren. In tal boeken fan Ernaux is oersetten yn
it Nederlânsk. La honte is yn '98
ferskynd by de AP, titel 'De Schaamte'. De oare
titels binne útferkocht.
Oant safier Ika. Ast hjir fan 't simmer mei
fakânsje komst sil ik wat boeken fan Ernaux
foar dy klear lizze.
Oant sjen, agur, au revoir, a diós,
J.(Hendaye, Maijos Baïta, 13/6/'03).
|