Aggie van der Meer


TUSKEN DE RIGELS WACHTSJE DE FERHALEN

Hjoed seach ik de foarboade fan 'e grutte ferhalen, dêr't ús fan sein is dat se werom komme sille yn al har macht en majesteit.
  Dy't rûnen, wachten even, en dy't al stienen, tochten dat se wat hearden.
  De dowen lieten har krekt fûne tûke falle, mar dat dogge se ek as der neat te rêden is.
  Ik sei: 'Jo sille it wol net oan tiid ha, mar kom der oars even yn.'
  Hy sei: 'As jo de grûn eidzje foar de grutte ferhalen moatte jo de tiid nimme.'
  Hy woe gjin fris, dat drinkt men te achteleas.
  Dan mar tee mei in swolgje rum.
  Hy sei: 'Tinke jo dat it wat wurdt mei dy ferhalen?'
  Ik sei: 'Ik lês der wol ris wat oer. No ja, allinnich as ik nei de tv sjoch en ik net hoech te sjen. En as ik de krante dan al út ha fansels.'
  Hy skreau it op.
  Ik sei: 'Ik tink net dat it echt wat wurdt.'
  Hy skreau it op.
  'Se steane ús yn 't paad,' sei ik, 'wy hawwe al klauwen mei ús eigen ferhalen.'
  'En hawwe jim dêr wat oan, oan jim eigen ferhalen?'
  'It is gauris wat geëamel. Se wolle ha do moast tichter by dysels bliuwe en ast dan steksjoch wurdst, is in hûn al gau in bear.'
  Ik sei: 'Ik hie net ferwachte dat jo it oer sokke dingen ha soenen.'
  Hy sei: 'Krekt dêrom duorret it ek sa lang.'
  Ik sei: 'Freegje jo tefolle?'
  'Nee,' sei er, 'de antwurden binne net goed. En dat moat earst. De Grutte Ferhalen komme net samar. Se hawwe byleard. Se litte har net mear brûke, se litte har net mear ferknippe, beploaie en achterop auto's plakke. As se komme, komme se as ien gehiel: alles of niks en yntegraal.'
  'Wat foar antwurden wolle jo dan?'
  'Ik soe it net witte. Mar as ik se hear, dan wit ik it.'