Marc R. Kooij


SUSTER IERDE


Diel 1: 'Marc'

De tiid fan de grutte ferrassings liket oer, it is minstens twa, trije jier werom dat Marc foar it lêst mei ferbjusterjende fûnsten thúskaam fan in romtereis. De ûntdekking fan 'e tiiddjipten is fan fiif jier werom, en sûnt dy tiid is der neat mei sa'n wrâld-oeralheljend effekt mear fûn. It hielal hat syn mystearjes ferlern. It is yn kaart brocht en leit iepen foar ûntginning.
  Marc wit noch as de dei fan juster fan de mannige feestlike huldigings dy't ta syn eare hâlden waarden, de jubeljende kloften minsken, eufoarysk troch it besef dat de ûntdekking fan 'e tiiddjipten mei brocht hie: tenei wie it mooglik om yn in pear moannen nei oare sinnestelsels te reizgjen, in reis dy't yn it ferline tsientallen jierren duorre, te lang foar ien minskelibben. Fol fan hope seagen miljoenen eagen nei de himel. Yn harren tinzen seagen de minsken kânsen om in nij bestean op te bouwen, fier fuort fan 'e ierde.
  De knyntsjedagen binne foarby, syn namme stiet yn 'e skiednisboeken mar hat lang net mear dy ympakt fan jierren lyn. De belofte fan nije wrâlden is nea hielendal neikaam. It sykjen nei planeten wêr't minsken in 'ierdsk bestean' opbouwe koenen, hat as it sykjen nei de bekende nulle yn de heaberch west. Nei alle jierren fan yngeand speurwurk is der noch gjin inkelde planeet ûntdutsen dêr't de needsaaklike kombinaasje fan genôch grûnstoffen, soerstof en in klimaat dat geskikt is foar minsken, oanwêzich wie. Alle oant no ta ûndersochte planeten moasten ien of mear fan dizze eigenskippen misse. It pionierswurk is oernaam troch ûnbemanne ferkenningsboaten. Uteinlik die bliken dat it te gefaarlik wie. Tefolle goed ûnderleine romtefarders hienen harren ûndersykssin mei de dea bekeapje moatten. Faak net iens troch de gefaren fan it fijannige hielal, mar troch minsklike fouten, te min iten en ûnderlinge striid. Om't de resultaten ek noch ris útbleauwen hie de Wrâld Romte Organisaasje besletten de bemanne flechten oant ûnbepaalde tiid út te stellen en allinnich noch ûnbemanne flechten op 'en paad te stjoeren.
  Hy is der net minder fan wurden. De lúkse Jaguar bringt him sa 't gjin oare wein dat kin, feilich, fluch en komfortabel nei hokker plak er ek hinne wol.

Jansma fan de Wrâld Romte Organisaasje hat him op it haadkertier ûntbean. It is al in skoftke lyn dat er troch de djoere kantoarwyk fan Ljouwert riden hat. It docht him goed om de grutte, goed ûnderhâlden gebouwen te sjen. De adrenaline begjint te pompen en sûnder it te beseffen trapet er it soepele gaspedaal in bytsje fierder yn, benijd as er is, oan 'e weet te kommen wat der te rêden is.
  De lêste kear dat er hjir wie, hienen se him in hege posysje op it haadkertier oanbean. Hy hie it oanbod freonlik mar beslist ôfwiisd en witte litten dat er yn 'e takomst ek net ynteresseare wêze soe. De top hie syn beslút respekteare. It soe ek net folle sin hân ha, al syn ûnderfinings wienen al wiidweidich publiseare, se hoegden mar in faktydskrift iepen te slaan om alles wat er wist, yn fiif minuten op tafel te hawwen.
  Dêrom beseft er dat it no om wat wichtichs giet, se ha in aventoersman nedich, immen mei lef, immen dy't trochpakke kin, immen sa as him.
  Marc remmet ôf foar de poarte mei it grutte ferljochte logo fan de WRO en draait it, foar it grutste part lege, parkearterrein op.
  Dat parkearterrein seach der yn it ferline, doe't er hjir noch wurke, wol oars út. Fyftjin jier werom, foar de grutte feroaringen, ried hast eltsenien yn in auto, oft se no jong of âld wienen, earm of ryk. Dat koe fansels net ivich duorje. It ferkear drige de minske letterlik en figuerlik te ferstikken, gasmaskers wienen al in algemien aksepteare ferskynsel wurden. Feitlik wie it ûnferantwurde om sûnder gasmasker in stêd yn te gean.
  De poartier hat syn wein al fan in ôfstân werkend en groetet him mei in lichte bûging.

Hy besjocht himsels yn de grutte spegel yn 'e lift en strykt syn boesgroentsje sûnder stryk glêd. It is alhiel gjin wenst om hjir yn minder dan trijedielich pak om te rinnen. Syn dieden hawwe him lykwols troch de jierren hinne it privileezje ferskaft om yn frijetiidsklean te ferskinen. Nimmen, ek net de nije meiwurkers dy't syn gesicht allinnich mar kenne fan âlde kranten en alle portretten dy't hjir yn it gebou hingje, sil him der op oansprekke.

De reade lampe boppe de doar fan de gearkomsteseal jout oan dat der beslist net stoard wurde mei. Hy jout mei syn rjochterhân in koarte, dúdlike klop oan 'e doar, wittende dat syn oanwêzigens net ûngemurken bleaun is, nei alle gedachten is er no te sjen op ien fan 'e monitors yn 'e seal.
  'Kom deryn', klinkt it. De militêren yn de gearkomsteseal saluearje by syn binnenkommen en glimkje by it weromsjen fan âlde kunde. Wat folget is tsien minuten fûstkjen en bolderjen. Se huffe inoar op it skouder en roppe lûd.
  As it leven wat bedarre is nimt Jansma it wurd.
  'Ik sil fuort mar mei de doar yn 'e hûs falle,' seit se, him in plak op in grutte draaistoel wizend, 'wy hawwe reden om oan te nimmen dat der libben is bûten ús sinnestelsel.' Marc sjocht fernuvere op. Hy soe krekt wat nofliker yn 'e stoel sitten gean, mar bliuwt noch even op 'e punt sitten.
  Dit is âld nijs, se witte al jierren fan it bestean fan mikro-organismes, ynsekten en lytse seebisten yn oare sinnestelsels. Hy hat nei de twadde tocht troch de tiiddjipte, mei eigen hannen eksimplaren fan ferskate bistjes meibrocht. Letter binne dizze noch brûkt om it doetiids raar oantaaste miljeu werom yn 'e âlde steat te setten. It kin dochs net sa wêze dat hy hjir ûntbean is om dizze ynformaasje te hearen.
  De foto's dy't Jansma nei wat rommeljen op 'e grutte projeksjemuorre sjen lit, bringe ek al net in soad dúdlikens. It bin gewoane lânskipsfoto's en foto's fan huzen boud met reade stiennen, sa gewoan as it mar kin.
  'Dizze foto's binne naam mei de automatyske kamera oan board fan it ûnbemanne skip `Reizger Santjin', giet Jansma fierder. Marc hat no ynienen gjin ferlet mear om wat better te sitten. Reizger Santjin is troch in tiiddjipte gongen en befynt him no yn in sinnestelsel fier fuort. It is godsûnmooglik dat dizze foto's dêr wei komme, se hâlde him foar de gek.
  'De Reizger is weromkommen by de ierde?' freget er. Ta syn fernuvering skoddet Jansma de holle. Se leit út dat de koördinaten fan it plak dêr't dizze foto's naam binne, net by de ierde lizze, mar ljochtjierren fierderop.
  'Ik hoech dy net te fertellen dat dizze ûntdekking fan it grutste belang is. Marc, tink dy ris yn, in beskaving, in minsklike beskaving lykas uzes, tûzenen ljochtjierren fan ús ôf. Marc, dizze ûntdekking docht alle earder ûntdekkings ferblikjen. Mooglik leit de oarsprong fan de mins net iens op Ierde, mar op dizze oare planeet.'

Wylst se genietsje fan in kop sterke kofje besprekke se it plan de kampanje. Dizze ûntdekking moat fansels fierder útsocht wurde. It doel is in bemanne skip deselde kant út te stjoeren as it ferkenningsskip, en wol sa gau mooglik.
  Marc seit ta syn âlde groep by-inoar te roppen en him ta te rieden op 'e reis. It sil sûnder mis in gefaarlike reis wurde. It 'nimmen' fan in tiiddjipte is nea sûnder risiko's, minsklik lichem en geast wurde swier op 'e proef steld. Ek is fan de foto's net ôf te lêzen oft dy oare beskaving fijannich of fredich wêze sil.
  Dochs wifket Marc net om de opdracht oan te nimmen, syn langst nei it aventoer is te grut, de winsk nei spanning te sterk. Syn opteinens wurdt eins mei de minút grutter, it slûge neatdwaan fan de ôfrûne jierren is út syn geast ferdwûn as snie foar de sinne.
  'Op reis, op aventoer' is it iennige dat him noch troch de kop giet.