Josse de Haan


'Les mots ont la parole'

BASKYSKE BRIEVEN 3

Goenacht Ika,

Ik tink datsto dy mei rjocht en reden ferwûnderest oer it stikje It stôkje fan De Haan fan EH yn Farsk. Nosto wer boppe wetter kommen bist tinkt dy skriuwer dat dêrmei it fiktive karakter fan it boek dêrsto in rol yn spile hast oantaast wurdt. Nee fansels, do hast dy sels weromlutsen neidatsto yn de skyn en wurklikheid fan de roman dyn taak folbrocht hiest. Do kinst net fergelike wurde mei haadpersoanen as De Grutsk en De Lytsk. Do wiest it dadaïstyske elemint, de represintant fan de groteske wrâld, dy't yn Piksjitten op Snyp ek in net ûnbelangryk gegeven is. It is net om 'e nocht datsto ek De Ika-2 neamd wurdst. Fan wa is in fraach dy't literêr beändere wurde moat.
  EH hat noch altiten in probleem mei it lêste part fan de roman dêr't út de optyk fan De Grutsk (hy wie ommers de 'skriuwer') ferantwurding ôflein wurdt. Miskyn tsjin alle literêre rigels fan de romankeunst yn, mar wol yntegrearre yn dízze roman. In skriuwer skriuwt in roman oer in skriuwer dy't in skriuwer treft. Ien fan dy skriuwers wiest do. Bist gjin pseudonym, gjin heteronym, nee, bist wat nijs. Hast (noch) noait publisearre, mar do skriuwst wol. It is de fuortsetting fan dat wat Pessoa die, en te úzes Van Doesburg, dy't mei I.K.Bonset (oan wasto yn namme en persoan besibbe bist) in heteronym skepen hat, dat literêr folslein oars tocht en skreau as de betinker.
  Yn tsjinstelling ta dy heteronimen sitsto ýn de roman. Dyn opfettingen oer literatuer binne oars as dy fan dyn kreator (sjoch hjirûnder). As katalysator, as alter ego, as Ika en Ika-2 hast dyn funksje yn Piksjiten op Snyp hân. Nei in skoft fakânsje dochst wer mei. EH sil syn definysjes oer wat literatuer wêze moat (mei) opskowe moatte. Wat noait bard is hoecht net ûnmooglik te wêzen. Gjin pseudonym, gjin heteronym, gjin synonym, gjin kopy, nee, in nij literêr fenomeen bisto. Ik neam dy fanôf no 'alternonym' (ast it net mei my iens bist komst mar mei in alternatyf).

Dan no dyn twadde hast noch wichtiger notysje:

Bedankt foar dyn ferslach fan it lêzen fan 'De ljedder' fan Tiemersma. Do bist net entûsjast skriuwsto. It is in âlderwetske boereroman yn in nij jaske. As hie Anne Wadman noait bestien dy't mei 'De smearlappen' neffens eigen sizzen in moderne boereroman skreaun hie. De kritiken wiene meast posityf ferline jier, do wykst dus ôf.

Dyn ferslach:

'De boerefaam fan eartiids dêr't boer en arbeider yn omprykten is hjir ferfongen troch muoike Gel ('Jim muoike hat in geile kont' seit de arbeider tsjin it jonkje dat de haadpersoan is yn dit boek).
  Muoike Gel (Geil) neukt mei de arbeider dy't (dus) weromstjoerd wurdt nei de Wâlden (dêr wenje de wylde neukers). Muoike Gel neukt mei har broer en dy wurdt dan ek letter yn de feart fûn (fersopen?). Muoike Gel neukt mei Job, de Joadske ûnderdûker, dy't op in stuit yn de skuorre oan in tou hinget. Muoike Gel neukt wierskynlik ek mei de heit fan it jonkje dy't nachts ek op 'n paad is en nei kommentaar fan de griffemearde dûmny syn tsjerke ynwikselet foar de herfoarme. Grutte sûnden en ferskriklike âldtestamintyske wraakrituelen fine plak. In boereroman pur sang.
  It jonkje libbet dêr yn in taal trochhinne dy't noch de taal fan in jonkje is noch de taal fan de folwoeksen man dy't de ferteller útmakket. As it jonkje santich is - in libben lang learaar Dútsk west, noait troud, altyd omtangele hat mei Job dy't yn 'e skuorre hong - wol er noch in monumint oprjochtsje foar Job. Dy sênes binne troch it boek struid. Keunstmjittich.
  De Joad dy't krekt ûntkaam oan de Dútsers, mar in dei letter wol yn de skuorre hong (ophongen is mei't er muoike Gel neukte?), wurdt hjir brûkt troch de skriuwer om de roman wat ynteressanter te meitsjen. De needsaaklikheid en de rjochtfeardiging fan dizze haadstikken folgje net út it boek sels. In ûnderdûkte Joad dy't krekt ûntkommen is oan in razzia fan de Dútsers sil him noait fiif oeren letter ophingje! Oft de heit de ûnderdûker opknope hat wurdt yn it ferhaal sels net wiermakke.
  De oergeunst of de lulkens fan de heit op de arbeider, op syn broer, op Job (dy't allegearre syn suster neukten) kin bestien hawwe, mar de skriuwer docht neat mei dit gegeven. En dêrmei hinget Job der letterlik en figuerlik mar wat by. It melodrama fan it jonkje op lettere leeftiid is in betocht drama, en dus in falsk elemint. It polityk-korrekte fan it beskriuwen fan in ûnderdûkte Joad ferwurdt hjir ta in ynkorrekt tema: de Joad wurdt misbrûkt as personaazje yn in roman. En dêrmei is dizze 'biografyske' boereroman noch falsker as dy fan fyftich jier ferlyn.
  Jou my mar Fran?ois Mauriac dy't yn Le mystère Frontenac ('33) sa likernôch deselde tema's behannelet. It spilet dêr by dy yn de buert, ûnder Bordeaux, yn Les Landes. It giet oer in wynboerefamylje, mei ek in maffe suster, ferbeane leafdes, geheimen en ek tige (Roomsk) kristlik. Ek hjir sjochst it ivige konflikt yn de mins tusken it fleis en de geast. By Mauriac kinst genietsje fan it djip-psygologysk útraffeljen fan de persoanen. Ek hjir spylje hypokrisy, falske moraal en geilens in grutte rol, mar it is noait optocht of keunstmjitich ("Der kin gjin mosk fan 't dak falle of it hat in funksje", W.F.Hermans). De ljedder fan Tiemersma hat neat te krijen mei dy fan de aartsfader Jakob, ek hjir wurdt misbrûkt en ferfalske.'

No Ika, dat liicht der net om. Ik bin echt nijsgjirrich wurden en sil it boek sa gau mooglik lêze. Do witst dat ik de omkriten fan F., dêr't it boek spilet, frij goed ken. Ik bin tige benijd nei in 'biografysk' ferslach fan in griffemeard jonkje yn it begjin fan de oarlochstiid. Dy griffemearde wrâld yn F. hat my altiten fassinearre, meidat ik der neat fan begreep.
  Koartby haw ik ek in roman lêzen oer in griffemeard gesin. It is de roman 'Het Verzet' fan Harmen Wind, skreaun yn it Nederlânsk en útjûn troch de AP yn de hjerst fan 2002. Hoewol't ik net yn sa'n wrâld opgroeid bin, haw ik oars as dij wol genoaten fan dit boek. It spilet ek yn Fryslân. Ik haw him in brief skreaun, ek in soarte fan ferslach, en miskyn is dat foar dy in oantrún om it boek te lêzen.

Brief oan Harmen Wind:

'Do hast mei 'Het Verzet' in oandwaanlik, mar ek in ûntheisterjend boek skreaun oer in man dy't troch in dogmatyske ideology syn eigen ik foar in grut part yn tsjinst stelle moast fan de law en oarder fan in leauwe dat foar it minsklik gefoel net sa'n soad omtinken hie, en dêrtroch de soan it ark joech om al stridend in eigen wei te gean. Chapeau!
  Dit is gjin miening fan in ateïst - dy't ik fansels bin - mar in kommentaar fan immen dy't him nettsjinsteande fuortkommend 'út de weareld' dochs identifisearje koe mei de sitewaasje fan de twa haadpersoanen. Ik ha my ôffrege hoe't dat mooglik is dêr't ik net opgroeid bin yn in godstsjinstich fermidden, dêr't noait de bibel foar't ljocht kaam. Dy wrâld bestiet net foar my. Want dat is hjir foar my it ynteressante: ik sjoch yn de heit ús heit, ik sjoch yn de soan mysels.
  Ik haw dyn roman dit wykein lêzen, en der fannacht doe't ik him út hie noch in skoft oer neitocht. Myn konklúzje is dat de sosjale libbensomstannichheden, lit ús sizze it lytsboargerlike fan de wurkjende klasse dat ik ek sa goed werken, úteinlik wichtiger binne yn in opgroeiproses as politike of godstsjinstige útgongspunten. Ik ha it hjir mei Trinus ek wol ris oer han, dy't lykas do en ik sawat op deselde wize opgroeid is. Dêr't de heit yn dyn roman mei bibelteksten wurket - en dus himsels bûten skot hâlde kin - dêr wurke ús heit gauris mei politike teksten dy't faak ticht by de réaksjonêre ûnderdrukkende wrâld sieten. Ik wol net sizze dat it in soarte fan fassisme wie, mar it patriargale út de 19e ieu wie der wol mei anneks. En wat hâlde sa'n godstsjinst (of polityk) úteinlik yn? Folgje, sitearje en alle eleminten fan in eigen gefoel skrasse.
  Ik fyn it in ferriking foar my te lêzen hoe't sa'n gesin 'oan de oare kant fan de weareld' eins op deselde wize dwaande wie as myn eigen nêst yn de weareld. Us wegen binne kranksinnich genôch foar in grut part parallel gongen, nettsjinsteande de grutte ferskillen yn achtergrûn. Wol elke kear mei de konstante fan de arbeidersklasse.
  De diskusje yn de roman oer de aksje fan it IKV is foar my tige werkenber. Hokker arguminten jo ek nei foaren brochten, it joech gjin reet, de ôfstân bleau. Op 't lêst bestiene der yn myn gefal hast gjin ûnderwerpen mear dêr't wy oer prate koene. Sadree't ús heit earne oer begûn dêr't er fan wist dat ik der oars oer tocht, melde ik al yn 't foar dat wy oer dat ûnderwerp mar net mear prate moasten. Us mem siet der faak by mei de senuwen yn de keel.
  Dus...
  Ja, de roman sprekt my oan. Ik tink ek datsto in goeie foarm keazen hast: it no, de oantekens, werom nei it doe, en dan soms kommentaar. De skildering fan sa'n tehûs is skerp, mar terjochte. Ik ha itselde meimakke yn '98 doe't myn beide âldelju yn sept. en des. stoarn binne yn in tehûs yn Harns. Dy domme trutten dy't yniens macht hiene oer dy âlde stakkers, en se behannelen as lytse bern. Dom, dom, domheid is it slimste wat der bestiet. Dan ferdwynt alle respekt.
  Homme Wisch, de mins (man) dy't wis fan syn wrâld (de wrâld?) wie, en troch syn bibelsitaten alles ferklearje koe, mar op 't lêst as it ûnthâld minder wurdt, omtysket yn in lege huls en op 'e doele rekket, wurdt manjefyk skildere. Syn ferset, en it ferset fan de soan oangeande de morfine, mar tagelyk ek de fraach wat noch minsklik is en wat net... Ja, sterk, in tige oangripende gefoelsmjittige sêne. De beslissing wannear't jo ja sizze tsjin dy kâlde trutsjes mei griene eagen, dy't de spuit hantearje as in slachrjemmespuit, dy domme einen foar wa't in mins noch minder is as in baarch. Ja, sa leit de wrald derhinne.
  Mei ús mem haw ik itselde meimakke, en ik moast doe ek noch opbokse tsjin domme famyljeleden, dy't bang wiene foar de dea, foar it deagean en dus daalk mar spuitsje woene. Ik hie dy al wat kennen leard mei de oersetting, en ik begryp no hoe't wy sa goed gearwurkje koene. Dyn boek en myn boek hawwe itselde útgongspunt, hawwe deselde gefoelslagen, en jo kinne hast sizze dat se elkoar oanfolje, om en om. Dat is poere winst.
  Dyn roman jout foar my yndirekt ek oan hoe't lju (de heit yn dit gefal) út sa'n wrâld reagearje op bgl. in ateïst as ik, of op boeken dy't ik oait skreaun haw (ik praat hjir oer kritisy út it ferline dy't yn in selde wrâld sieten). En wa wit hawwe moderne kritisy ek noch lêst fan sokke achtergrûnen (omdat guon noch kotse fan Marx, Chomsky, of Lolle Nauta). Do hast dyn eigen identiteit befochten, en bist dus riker wurden, rommer ek. Ik tink as ik dit boek lês dat bgl. in man as de heit mei mear oplieding, mear romte yn himsels, dat ek kinnen hie. Der binne oerienkomsten.
  Ik hoopje Harmen datsto ynfielbere resinsinten krijst dy't miskyn weet hawwe fan sa'n ortodoks gesin, mar foaral each ha sille foar de arbeidersklasse yn dy tiid. De sêne mei it jildpûdsje kin allinne mar begrepen wurde as jo it sels meimakke hawwe. Gjin telefoan, gjin waskmesjine, gjin auto, gjin does, gjin toilet, ensfh. ensfh., ja, it kleuret jo hele libben. Immen út in bourgoisfermidden sil dit noait begripe noch oanfiele kinne.
  Wolkers hat my oait yn de besnijing nommen (oer dy suster fan de mem dy't Wolkers lies yn dyn boek hie ik noch wol wat mear witte wollen, in ynteressante dissidinte yn dit fermidden), mar Maarten 't Hart sei my neat. Dat jildt ek foar Durk van der Ploeg. Ik kin der neat mei. It is my te serebraal, te steryl. Te technysk. Mei Willem Abma leit dat wat oars. In pear dielen fan syn syklus oer dat jonkje sprutsen my oan meidat it ferhaal úttild waard boppe it inge wrâldsje, it gong oer in jonkje yn syn striid fan opgroeien (ik ha der oer skreaun yn myn eigen bled, plusminus '91). Mar syn 'Freonen ûnderelkoar' dat op in kristlike middelskoalle spilet kin ik wer neat mei. Dat elkoar loegen ôfsjen yn it eigen kristlik fermidden haw ik gjin affiniteit mei.
  Do bist mei dyn boek der fier oer hinne gongen. As ik bgl. it boek lês fan Mak 'De eeuw van mijn vader', dan wurd ik siik fan de griffemearde arrogânsje dy't sa't liket Nederlân makke hat. Ik ha krekt in nije bio fan/oer Multatuli lêzen en dan sjogge jo dochs wol even wat oars as wat Mak oan de flaggestok hinget as er oer syn heit yn Yndonesia skriuwt. Mar goed, dat wie al sa mei Jorwert.
  Wat my fasssinearre yn dyn roman is benammen ek de wize dêr't de heit op alles in bibeltekst as antwurd hat. Dat is út yntellektueel eachpunt besjoen foar in arbeider eins fenomenaal. Dy iensidige erudysje! Ja, ik fyn it echt oars as wat der al skreaun is oer dit fenomeen fan in ortodokse famylje. Allinne al it feit dat de heit en de mem út en troch gewoan ta de tsjerke útrinne bewiist in eigen identiteit.
  Silst wol mei spanning de resinsjes ôfwachtsje. As skriuwer steane jo machteleas. Dyn boek is de striid fan de heit, fan de soan, oangeande oerlevere koades, fernijingen of feroaringen, mar ek oangeande it libben sels, in wrâld dy't oait bestie mar yntusken ôfbaarnd is.
  Multatuli sei: 'De opdracht fan de mins is mins te wezen'. Dat is alles, foar my no noch. Dizze striid kinst ek tsjinkomme tusken de âlde Van het Reve en de jonge dêr't it kommunisme it leauwe wie. Yn dat kader sjoch ik de roman. Ek mei dy wrâld hie ik op himsels neat, en dêrtroch koe ik ek dat folgje op in minsklike wize. Eins wurde dan kommunisme en ortodoks leauwen metafoaren foar diktatuer. Foar my binne sokke stelsels machten dy't de mins lyts hâlde wolle, en spilet de saneamde goddelike ynspiraasje of sokssawat gjin rol.
  Dyn boek is iepen en rom. Foar immen dy't (noch) leaut en dy striid striden hat kin it in werkenning jaan, mar ek foar immen lykas ik dy't oan datsoarte fan saken gjin boadskip hat wurket it op in oare wize yntrigearjend.
  Miskyn is myn preokkupaasje mei de arbeidersklasse te grut, mar ik fiel heel fluch it ferskil tusken 'echt' en 'ûnecht', tusken 'trochlibbe' en 'optocht' yn dit stik fan saken.
  Ik bin bliid mei dit boek. Ik besef no ek datsto eins de iennige wiest dy't myn roman oersette koe en dat wy der sa yntinsyf oer maile koene, oer de oersetting sec én oer de ynhâld. Lokwinske! J.

Agur, oant sjen, au revoir, a diós, J. (Hendaye, 17 maaie '03).