| Arjan Hut
Oarde ûnder de lege moanne
Yet, Freedom! yet thy banner, torn, but flying, streams like the thunderstorm against the wind.
(Lord Byron)
Der is ûnder dit bewâld in departemint foar, dêr't men oer frijheid de tûkste dingen seit. Allegear wiisheden, wierheden, motto's en opstekkers. Ik ha der in kear west, dêr op it plein dêr't it byldsje stiet, mar wit net mear hoe as wat. Do hiest der bywêze moatten. Ik hie dy wol mei nei binnen krigen, mar is soks it risiko wurdich? Do witst wol wat ik bedoel.
In kroech dêr net fier wei, dêr is men frij om te praten, mar drok is it der noait net. Ek net doe't ik der wie. In deade sei ris: oanloklik as in bunker boud mei twa linkerhannen. Ik wol my dêr wol by oanslute, mar ik tink, it is miskien better as ik dat no, yn dizze sitewaasje, net doch.
Sjoch, de sitewaasje wie fansels prekêr. Ik tocht doe by mysels fan: no ik bin hjir en men wit dat ik hjir bin. Ik bedoel, sokke saken springe hja net licht mei om, dat is te begripen want der is in balâns dy't bewarre wurde moat sa't er is. Men wol it net ferlieze, men wol net dat ien of wat of wa dan ek it mei de grûn gelyk makket. Dat is in feit en ik slút my dêr by oan, absolút.
Ik wie dêr, hie myn paske en alles ynoarder en ha de iepen sitting fol bewûndering folge. Do hiest der bywêze moatten. Dy minsken binne sa knap, dêr binne do en ik neat by. Ik moast tige goed oplette, oars rekke ik de tried kwyt fan wat se seinen. De wurden dy't se brûkten, godjezus, dat ús taal dat allegear omfiemet. De tûkste dingen.
Ik wie der by en doe't ik nei in mannich oeren wer bûten stie, soe it wol raar lykje as ik dy kroech net oandie. Fansels, ast dy kroech yngiest dan witte se daalks wat fleis at se yn de kûpe ha, no. Dat kin men posityf opfetsje en minder posityf. It is mar krekt hoe't it útkomt. Dat is ek it doel fan dy kroech no, it wurdt tolerearre. It bart oars dochs wol, mar no hat men der yn alle gefallen sicht op. It ûnder kontrôle. Der is in plak en in tiid foar en it plak is dêr en de tiid is jûns tusken sân en tsienen. It is goed en min om dêr nei binnen te gean, do witst no wol wat ik bedoel. Want ast der yn giest, kinst praat krije en ast der net yn giest, dan krijst ek praat.
Ik twifele wol, dat moat ik tajaan. Ik ha efkes by de doar stien sûnder te witten wat ik no krekt dwaan moast. Nei binnen. Trochrinne. Nei binnen. Trochrinne. Nei binnen.... En dan stiest dêr samar in minút as wat en dan witst datst dêr eigentlik net mear weirinne kinst sûnder tefolle oandacht op dy te fêstigjen, ja no? Dat tocht ik teminsten. Dat ik stapte nei binnen.
Men hie dêr oan de muorren buorden mei dêrop spreuken oer frijheid, de tûkste dingen. Ik ha der gjint ûntholden hear, dat moatst my net kwea ôf nimme, want in kroech is in kroech, de barman hat gjin unifoarm oan, der komt in sûpke by no. Ha ha! Tja, dat giet sa, dêr silsto ek neat oer sizze, oars sieten we hjir net sa wol?
Dat ik ha dêr letter wol wer ris werom west, want ik betocht my dat it wolris sa wêze koe dat it raar liket ast der ien kear hinne giest en dan noait wer. In redenaasje fan de kâlde grûn, sjoch ik dy tinken. Is it net? Men moat soks ôfbouwe, fyn ik. Sjen litte dat men binnen it systeem by steat is en wês in openminded boarger, dy't sels tinke kin, dy't foar syn miening útkomt en dan ferfolgens mei dy miening út de fuotten kin. Dy't goed omgean kin mei de mooglikheid dy miening te formulearjen en te uterjen. Snapst? Dan kinst net sa ien kear nei binnen gean en dan noait wer werom komme, want dan liket it as bist te fier gong yn dy kroech, as bist dêr net mear wolkom. Of, helte slimmer, as soest it dêr dochs net fertrouwe! Ja, dat spile wis en seker mei, alle kearen dat ik der wer hinne gie. En ik bin net iens in kroechmins, dat witst do ek wol, thús yn it doarp ha se my noch noait yn it kafee sjoen, noait ien kear. En ik bin ek net in prater, ja no dan efkes, omdat ik al wol datsto my begrypst. Dat is no efkes hiel belangryk foar my en ek foar dy, foar ús allebeide is it wichtich datsto begrypst wat ik no allegear sis.
Dy barman dat wie my in moaie jonge, moaie eagen, goed liif. Ik woe dat ik der noch sa útseach. No ja, sa goed ha ik der noait útsjoen fansels, ek net doe't ik tweintich, tritich wie. Ik koe goed mei him prate, dat moat ek wol, want drok wie it noait en at ik der wie dan wie hy der ek, dat kaam sa út. Dy jonge wit dingen oer my, dat wit myn mem net iens. Frank hiet er, sokssawat, Frank of Alex of Pjotr, sa'n stedsnamme, do kinst se wol. Neat mis mei.
Mar goed, dy teksten oan de muorre feroaren alle kearen wer, noait ris deselde teksten. Kaam it departemint mei in nij motto, in nije quote, in nije fynst, bam, dan hong it er deselde deis noch. Nee, ik ha der gjinien ûntholden, dêr wienen se te knap foar formulearre en sa 't ik al sei, der kamen frijwat sûpkes by en ik bin net sa'n drinker dat soks slacht der wol yn. It wie ek út geselligens hear, dan naam ik der ien en dan joech ik Pjotr of Stan ek ien, dan hie dy ek in leuke jûn achter de bar. Mar goed, dy teksten kamen allegear op itselde del hear, se gienen oer frijheid yn de strekking fan dat op ien as oare wize, wat der ek is, frijheid altyd op ien as oare manier bestean bliuwt. Kinst my neikomme? Mar dan folle knapper sein allegear. Rob fan Klaas Bunning hat der ek foar studearre. Nee ik wit net oft dy al klear is. Mar hawar. It wie dus op sa'n jûn dat it in bytsje mis gie.
It wie drokker as oars dy kear. Guon departeminttoeristen, ik en Alex en wat minsken fan it leger. Dy kamen der oars noait en ik fyn, se hearre dêr hielendal net te kommen. Dat kin ik tsjin dy wol sizze en ik betrou derop dat it tusken ús bliuwt. Ja wit ik wol, mar ik sis it leaver dochs efkes. Der wie in mûtel jongfrommes mei in bril en dy siet mar nei Frank te longerjen en mar oandacht freegje en mar praatsjes ha, no. Net in miening ergens oer ha, nee fan dy praatsjes-praatsjes. En mar mei de kont op dy kruk draaie. Se wie net om oan te sjen, mar do witst it, hin, Frank is in professional, dus dy bliuwt beleefd en giet der fatsoenlik mei om en ik siet dêr mar en myn romer waard mar net byfolle. Ik moast der om freegje en oars, nou, dan is myn glês leech en dan is er daliks wer fol, sa wurket dat tusken Alex en my en sa heart dat ek. Ek as it drok is. Ek as der in ûnsjoch frommis mei de kont op de kruk sit te draaien mei har tonge heal út de bek. En mar praatsjes-praatsjes, ferdomme, dy soldaten hienen har der útsmite moatten om it ferbrekken fan de regels. Dit wie net in ik-nim-in-fint-mei-nei-hûs-om-te-neuken-kroech, dit wie de kroech fan de frijheid, godallejezus! Dom wiif.
Ik hie it foar tsienen al besjoen, se koene my yn de stront sakje mei dy tint. Ik ha ek neat sein doe't ik fuortgie. Bam, doar ticht en de groetnis. Mar ja, dat fûn ik dan ek wer skande foar Frank. Hy koe der neat oan dwaan. Ik koe wol janke, dat ik tocht, lit ik efkes bekuolje en dan gean ik nei binnen en dan nim ik der noch ien en dan komt it wol wer goed.
It wie aardich donker, de moanne wie alhiel bestoppe. Mar it wie noch wol lekker waarm bûten en der wie fierders gjinien op strjitte. Op it pleintsje tusken de kroech en it plysjegebou stie dat moaie betinkingsbyldsje op har sokkel. Ik hie it alris op in aansichtkaart sjoen doe't ik noch mar in beuker wie. Prachtich fûn ik dat kaartsje doe, myn broer hie it stjoerd doe't er it leger yn moast. Ik hie it op myn keamer boppe myn bêd hong. Prachtich. In lytse dûnseresse.
Binnen wie in soldaat op myn kruk sitten gien, mar it frommis siet achter in tafeltsje by ien fan syn kameraden. Ik sykhelle djip en fielde my ûntspannen. Alex, in boarrel, rôp ik en ik knypeage nei him. Nim der sels ek ien. Der wie gjin spanning tusken ús, fielde ik. Nimmen seach der fan op dat ik sa werom kaam. Moai net? Neat oan de hân. Ik dronk der noch in pear en prate mei Frank oer wichtige saken, dêr hie er wol ferlet fan nei dy ynhâldsleaze laarje fan earder. Uteinlik stapte ik as lêste de kroech út.
Ik wit net hoe't ik dat ding fan it sokkeltsje strûpt ha, mar it wie der ôf en ik hie it ûnder de jas foardat ik der erch yn hie. It wie krek wat te grut om hielendal troch myn jas bedekt te wurden. By myn kaaibonke stiek it holtsje der út en as ik it holtsje nei ûnderen treau, stiek de rjochter foet by myn heup del. Dat wit ik noch. It wie bêst in swier ding.
Ik naam it mei nei hûs. It sil sa om middernacht west ha dat ik oankaam. Ik stapte troch de hûs hinne nei de achtertún en sette it op it gers. Ik die de jas út en smiet it oan de kant. Ik pakte it byld by de earms en dûnse dermei. Hearlik, in hearlike berûzing. Ik fielde my hielendal net wurch of sa, nee jonge, poer poer bêst.
Ik dûnse sa't ik doch at net ien it sjocht.
|
|