| Jantsje Post
NET ALLINNICH
`Ik ha sa ôfgryslik dreamd fannacht.'
`Hoe sa, heit?'
We sitte oan de itenstafel.
`Ik tink dat it te krijen hat mei dat boek oer Maria Magdalena dat ik oan it lêzen bin. Sjoch, je kinne der noch sa moai op omteologisearje, mar op in stuit wie it wol sa dat Jezus gewoan dea gong. In minske dêr't je ôfgryslik fan hâlde, giet dea. Ek noch sa'n gruwelike dea. As je dan sa'n roman lêze. .'
`Wat dreamde heit nou?', kapje ik him ôf; ast der net om tinkst sit er samar yn dat boek en is er fergetten hoe't er derop kaam. Ik fertink him der soms fan dat er boeken yntinser as syn eigen libben belibbet.
`Nou, it wie sa, ien fan ús beiden moast stjerre, oft it nou mem wie of iksels - dêr wol 'k ôf wêze.'
`Och leave,' mem hâldt op mei andivy-opskeppen, "dat komt fan myn nuver praat justerjûn.'
En tsjin my: `Ik sei dat ik tocht dat dit myn lêste simmer west hat.'
`Hèn, wat krije wy nou?' Nou is 't myn beurt om de foarke del te lizzen.
`In fersliten heup is net de ein, hear. Hoe komt mem derby!?'
`Och, ik wit it ek net ju, mar it wie gewoan sa ôfgryslike moai allegear fan 't simmer. De tún, de loften, de see, alle dagen wer. Justerjûn ek: dan fyts ik dêr achter de seedyk en dan kín 'k der net weikomme, sa moai, de loft, de sinne... Sjoch, rinne wol net mear, mar nou ha 'k it útfûn: op en del fytse tusken twa hikken - as ik dan wer by in hikke wie en wer omdraaide, wie de hiele loft wèr oars en nóch moaier. "Heare wat ha je 't nou wer moai betocht!" tocht ik dan.
It slacht nerges op, dat wit ik wol, mar dan krij ik in gefoel dat ik hjirwei moat. Dat it foar 't lêst is. Ach, ik wurd âld en sentiminteel - mar,' se sjocht heit wer oan, `dêr hoech ik dij noch net mei bang te praten.'
Harren blik makket my bûtenstanner.
Ik moat ynienen tinke oan de jûn dat ik thúskaam út Israël, hast tweintich jier lyn. In healjier fan hûs west, foar it earst sa lang. Ik hie mei sin net skreaun wannear't ik thúskomme soe. It lêste eintsje út Harns wei nei Seisbierrum wie ik lifte, mar ik hie my in heale kilometer foar ús hûs derút sette litten. Ik woe it momint fan thúskommen, dêr't ik sa nei útsjoen hie, sels yn 'e hân hawwe.
It is al tsjuster as ik it hiem oprin. Ik set de rêchsek tsjin 'e muorre, rin troch de tún om it hûs hinne - oan 'e seedykskant hawwe se de gerdinen noait ticht want dêr wenje dochs gjin minsken - en sjoch troch it grutte keukensrút.
Dêr stiet mem yn it TL-ljocht by it oanrjocht de tosken te poetsen. Mei de mûle ûnder it skom seit se wat oer it skouder yn 'e rjochting fan de keamersdoar, dy't iepen stiet. Ik hoech net nei it keamersrút te rinnen om te witten dat heit dêr noch sit te lêzen en ik hoech mem har stim net te hearren om te witten dat se ropt dat er oanmeitsje moat want dat se op bêd wol en dat hy ek komme moat want dat se net fan doel is om allinnich te gean.
Sa stie ik dêr nei harren te sjen dy jûns.
Ut in langer ferhaal - yn 'e foarm fan in brief oan 'Folkert'; in personaazje út it libben fan ús mem.
|
|