|
|
Josse de Haan
'Les mots ont la parole'
BASKYSKE BRIEVEN 2
Goeie Ika,
Moai dyn ferslach oer de gearkomste fan de feriening
fan skriuwers. De nije namme wurdt dus no
'SKRWRSBN'. Allinne mar bylûden. Ja, dan
kin elk it mar ynfolje sa't er wol. Typysk
Nederlânsk, typysk CDA-achtich ek. It past wol
by dat BN. In bylûd foar 't neist.
Fierder joust my troch dat de
literatuerbefoarderer oer twa jier (of letter, want
der is noch gjin kontrakt) mei in nije Spegel
komt. It is te hoopjen dat it dan in wat minder
beskaafd kristlik boek wurdt, dêr't miskyn dan
no ek notware poëtyske dwerslizzers yn opnommen
wurde. In wat bredere kommisje fan saakkundigen -
guon dy't witte wat poëzij is - soe ek net gek
wêze, skriuwsto. Ja, bin ik mei dy iens.
Ik bin bliid datst in moaie middei hân hast
dêr yn dat Haersma-hûs. It wurdt trouwens
tiid dat se wer ris mei in goeie ledelist komme, want
no klopje adressen en telefoannûnmers foar gjin
meter. Jo wolle wolris mei in kollega prate, is't net
wier?
Do wolst witte oft ik ek achter dy 80 prosint
Frânsen stean dy't Chirac stypje, sawol fan
rjochts as fan lofts. Ja, folslein. Ik fiel my hjir
wat langer wat mear as god yn Frankryk thús.
Ast kieze moatst tusken barbarije (cq Amerikaansk
patriottisme) en Frânsk patriottisme, dan leit
soks frij simpel. Ik sil dy even in moai ferhaal
fertelle dat hjir yn de Súd-Ouest stie,
in regionaal deiblêd foar de
Pyrénées Atlantique lykas de LC foar
Fryslân.
Doe't de striid om Bagdad hast wûn wie hat
der hjir op 'e grins fan Frankryk en Spanje in
moeting west tusken Aznar, Bush, Blair oan de iene
kant en Chirac oan de oare. Aznar hie Bush op Camp
David yndruid dat de terroristen yn Baskenlân
noch slimmer húshâlden as dy Saddam yn
Irak. Hy rekkene op help fan Bush om se út te
smoken. Lit ús sizze dat er it each hie op in
twadde Guernica dêr't Hitler oefenje mocht fan
Franco om de Spaansk-Baskyske republikeinen ôf
te slachtsjen.
Ek dit seach Chirac net sa skerp sitten, want hy
hie fermoedens dat dy Yankees ek maklik yn
Súd-Frânsk Baskenlân operearje
koene. Dus skreau Chirac in brief oan Aznar dat
Frankryk it doel hie de hele Pyreneeën ticht te
setten as der earst net even praat wurde koe oer de
agressive plannen fan Spanje. Sa net dan moasten se
de tûzenen frachtweinen mei sitrusfruit foar
Noard-Europa sels mar opfrette.
Op in eilantsje yn de Bidasoa, de rivier dy't de
grins foarmet tusken Spanje en Frankryk, hjir yn
Hendaye, waard besletten de top te hâlden.
Meidat dit eilantsje in histoarysk eilantsje is -
Franco en Hitler moeten elkoar dêr oait - en it
tagelyk in mienskiplik besit is fan Frankryk en
Spanje (elk healjier wikselet it fan flagge), koe dat
moai tsjinst dwaan as plak fan moeting. It is like
grut as twa fuotbalfjilden, de rivier streamt der oan
beide kanten lâns, sadat ek de sjoernalisten
alle gelegenheid hiene om yn boatsjes deromhinne te
farren en har wurk te dwaan.
Foardat se oan de eksakt fjouwerkante tafel sitten
gean, falle Aznar, Bush en Blair op knibbels. Chirac
bliuwt stean en krijt syn mobyltsje. Hy krijt
ferbining en praat mei hannen en fuotten. It liket
hast teater. De tolken sette net oer, want dy witte
ek net krekt wat se der mei moatte. Chirac begjint
hin en wer te rinnen en praat mar troch. De oare
trije sitte al in moai skoft oan tafel as Chirac der
ek wer by komt.
Bush: 'Hast dyn adfiseur skille?'
Chirac: 'Nee.'
Aznar: 'Mei wa hast dan skille? Of is soks
geheim?'
Chirac: 'Geheim, nee, hoe komst derby.'
Blair: 'No fertel op, as wy hjir iepen prate sille
dan hat it gjin doel en skilje immen sûnder
ús meiwitten.'
Chirac: 'Ik ha mei god skille!'
Bush: 'Tsjonge, hast in direkte lijn?'
Chirac: 'Hy wie net thús.'
Aznar: 'Mar do luldest mar troch.'
Chirac: 'Ik ha mei syn hûshâlder
praten.'
Blair: 'De plakferfanger dus.'
Chirac: 'Lykas yn de lêste wiken giet de
grutte baas te kuierjen, sei er.'
Bush: 'No moat it net mâler, te kuierjen as
wy nota bene op knibbels falle?'
Chirac: 'Ja, hy fynt dat jo it spul skiede moatte,
sa't wy hjir yn Frankryk dogge. Ek al is er dan wyt
lykas jimme, hy wol der neat mei te krijen hawwe. Hy
hat trouwens in Arabyske freon, fertelde dy
hûshâlder.'
Aznar: 'Ik tink dat wy de echte freonen binne en
wol witte wat goed foar dy man is.'
Blair: 'Mar prate se dêr wol Ingelsk, hoe
hiesto kontakt?'
Chirac: 'Dy plakferfanger prate Frânsk. It
binne dêr beskaafde lju.'
Bush: 'Mei ik dat nûmer fan dy, dan sil ik it
ek ris besykje, en as ik gjin ferbining krij dan
stjoer ik der wol even wat oars op ta. Mon dieu, te
kuierjen as wy op knibbels falle. En ek noch in
Arabyske freon! Wa mient dy gek wol wa't er is?'
Do sjochst Ika, Frânsen reagearje op har wize.
Njonken de serieuze analyses, en wiidweidige
ynformaasje oer de besitters fan oaljebronnen, krijt
ek de satire rom baan.
Hjir noch in tip foar dyn SKRWRSBN: ien kear jiers
skriuwe de measte stêden en stedjes yn Noard-
en Súd-Baskeân in literêre
priisfraach út foar poëzij, proaza,
essays, ensf.h. De prizen fariearje tusken de 250 en
25000 Euro. Yn twa gemeenten ha se in aparte
priisfraach: de opdracht is om in goeie leafdesbrief
te skriuwen, modern of antyk. Hjir yn Sare wie de
opdracht dit jier in brief te skriuwen sa't oait in
pryster yn de 16e ieu in leafdesbrief oan syn god
skreau (it is ien fan de âldste Baskyske
teksten). De man hat sûndige en freget om
genede yn in tige barokke leafdesbrief foar syn
hear.
Hawar, der binne uteraard heel wat mooglikheden.
Ik sjoch it al foar my: 11 stêden mei in
literêre priisfraach, elk jier. Ynstee fan de
eigen nâle te bedjipjen soe it SKRWRSBN de
beide echte eagen iepen dwaan moatte.
Oant safier mar wer. Op 23 april is yn alle
Spaanske stêden in stik út de DON
QUICHOT foarlêzen, dé Europeeske
roman fan Miguel de Cervantes, de roman dy't oer
lêzers giet, oer skriuwers en oer de skriuwer
sels. Doe al, fjouwer hûndert jier lyn. Oer
moderniteit sprutsen!
De oare kear wat mear oer dit masterwurk.
Au revoir, oant sjen, agur, hasta la vista, J.
Hendaye, 2/5/03
|