Elske Schotanus


BO BAKKER

   'Noar mei dy Marokkaan efterop de skooter nei Makkum. Oars hie er gjin ferfier. Wy seagen de bui al hingjen fansels. Belle se de oare deis.' Al pratende riert Joost yn syn kofjekopke om. De oaren harkje mei sân pear earen.
   'Hie dy fint it hûs yn wollen. Dat wie te ferwachtsjen net? Noar kin betiden sa nayf wêze. Dy fint tocht dat soks samar eefkes koe. Hy bleau op 'e stoepe efter. Holp er himsels!'
Hoe tichter it ferhaal by it hichtepunt komt hoe Freudiaansker Joost syn leppeltsje tsjin de râne fan it kopke tikket.

   'Hast al mei him tonge?' Myn âldste nimt nea gjin blêd foar de mûle.
   'Do ek al sa'n swartenien,' giet se troch.
   'In swartenien? Soks meist net sizze, dat heart sa raar.'
   'Hy is dochs swart? Wat moat ik oars sizze?'
   'Miskien wêr't ien wei komt.'
Hanneke falt der yn: 'It is in Nederlander. Allinne syn mem is Marokkaans. Syn heit hjit fan Bakker.'

Ut de Bose-boksen klinkt wrâldmuzyk. De multikulturele maatskippij as boarne fan ynkommen foar de plate-yndustry. Hannen en fuotten bewege har op 'e easterske klanken dy't troch de keamer galmje. Platte rasistyske skellerij en sterke ferhalen fleane oer tafel.
   'Gleone mantsjes.'
   'As puntsje by pealtsje komt wolle se in maagd.'
   'Sûnder puntsje.'
Der wurdt lake. Allinne Hanneke en har freondintsje laitsje net mei.

Ik krige him nea te sjen. Hanneke wie fyftjin en fereale. It wie har tredde feintsje. De earste hie yn it jeugdparlemint sitten. Op it ynternet hie se alle ynformaasje socht dy't der mar oer te krijen wie. De twadde hie yn Grou wenne, sneontejûns moast ik it fanke nei De Treemter bringe. Twa moanne letter, yn it skoft, op skoalle, hie er har witte litten, dat er net mear op har wie. Se hie der hielendal ôf west. Ik hie bliid west, dat ik der nachts net mear út hoegde om nei Grou ta.
   'Dizze hjit Bo. Bo Bakker,' hie se sein, 'en hy dûnset as Michael Jackson.'
Jûns siet se oeren oanien mei him te tsjetten. As sy efter de kompjûter siet, stie ik efter har oer it skouder mei te lêzen: 'Marokkaans iten is hiel lekker.'

   'Siet ik ferline wike nachts yn 'e keamer te lêzen. Keleareherje bûtendoar. Net normaal mear. Hongen dy fammen oare kant de dyk beide mei de kop ta it finster út. Dy iene, dat is wol sa'n oester, mar dat is in oar ferhaal. En mar prate en mar prate. Ik hie al in pear kear op it rút slein, mar it joech neat. It gyng mar troch. Dat ik op 't lêst de doar út. "Jimme kinne dy jonge der mar better yn litte, de hiele buert hoecht net mei te genietsjen wol?" Ik siet al wêr yn 'e stoel, mar de dames feroaren har der net om, it balten gyng gewoan troch. Twa studintes binne it. Se sille wol tocht ha, wat moat dy âld keardel te eameljen. Se belibben der in soad wille oan dy jonge op 'e stoepe op tok te hâlden. Sa siet ik te tinken. Doe stoppe der in auto. Manljusstimmen. Noch mear lawaai. Hold it dan noait in kear op? Ik seach troch de kier fan it gerdyn. Der stie in auto op 'e dyk, it blauwe swaailjocht oan. Wat die bliken? Hiene de dames de plysje belle. Dy hiene him yn 'e boeien slein en him achter yn 'e auto smiten. De beide froulju stonnen yn it doarsgat it tafriel oan te sjen. Ik ta de doar út. Even heare. De plysje-auto ried krekt de hoeke om. "Sorry, hear," seinen se. Se hiene de man oan 'e praat hâlde moatten. Elke jûn hie er foar it rút stien te lûken.'

Ik hie it der net op stean. Se woenen yn it hûs fan syn broer ôfprate, want syn âlden mochten it net witte.
   'En wêr is dy broer dan?'
   'Dy is net thús. Dy is foar saken nei Hamburch ta.'
   'Hokker saken?'
   'Gewoan. Saken. Wit ik it.' Hamburch. In broeinêst fan terrorisme. It hie yn it nijs west.
   'Lit dy Bo hjir mar komme.'
Hanneke hie poer west. Ik diskriminearre.

   'It binne krekt bisten.' Hanneke en har freondintsje Sara sjogge inoar sa ris oan.

Hanneke hie him belle om te sizzen dat se net kaam. Mei my woe se it der net oer ha. Twa dagen oanien hie se stúmsk foar har út sitten te sjen. Dêrnei hie ik har frege, hoe't Bo reagearre hie. De jonge hie my gelyk jûn, hy koe him myn ferset skoander yntinke, syn âlden soene it tegearre- op- in- keamerke-sitte likemin talitten ha. De jonge steech daliks yn myn achting. Se gyngen nei de film of nei de diskoteek. It wie my wol goed, as se mar op neutraal terrein ôfpraten en oars moast er mar by har thús komme. It doarre in heal jier foar't er del kaam. In leuke jonge. Knap. Fatsoenlik. Hy koe goed leare en wist wat er woe. Bo hat mar ien kear oan 'e doar west. In pear dagen letter makke Hanneke de ferkearing út. De jonge hie my in hân tastutsen en him foarsteld:
   'Bobaker el Maroudi.' Bo Bakker.

Hjoed-de-dei skarrelt Hanneke mei Hâns. Bo woe neat.