Josse de Haan


'Les mots ont la parole'

BASKYSKE BRIEVEN 1

Hendaye, 15 april '03

Bêste Ika,

Prachtich fûn ik it datst der wiest by de presintaasje fan Nanette in moanne lyn op De Himrik. Wa't ik ek ferwachte hie dij net. De mânske bargebongel fan ien meter njoggentich by fytich sentimeter is weromkommen yn it âlde lân as in normaal minske. Proficiat!
   Doesto yn '99 as in grutte bargebongel mei dyn leafste De Fil yn Piksjitten op Snyp ôfsettest nei Antwerpen gong ik derfan út dat ik dy noait wer sjen soe. Ik bin bliid datst wer meidochst. Wy wiene noch lang net útpraat en útskreaun.
   Ik haw doe dyn brieven brûkt, no kinsto mines ferwurkje ta in roman dêrsto my op De Himrik oer ferteldest. Oer Mata Hari noch wol!
   Sast sjochst wenje ik op 't heden yn Frânsk Baskelân. Neidat Piksjitten op Snyp op 9-9-'99 ferskynd wie koe ik ôfsette nei it suden. Firtueel is de ôfstân mar in pear sekonden, en meidat myn taal yn myn kop sit makket it net sa'n soad út wêr't ik wenje. Ik hâld fan de oséaan en fan de bergen, en wat dat oanbelanget bin ik hjir teplak.
   Wy hawwe it destiids wiidweidich hân oer de 'professoaren' dy't analooch oan 'Onder Professoren' fan W. F. Hermans opnommen binne yn de roman dêrsto as De Ika sa'n wichtige rol yn spilest. Do leist op dit stuit wer ûnder fjoer. De professoaren fan Hermans yn Grins hâlden har wyslik stil, mar ien professor yn Piksjitten op Snyp werkent him yn De Bik en spuit raar spul yn syn boek De lêzer is in duvel. It is in kritikus en hy stekt dy nochris oan syn mes.
   Hy is kûgelsk. Hy fynt datsto in rôt bist, hy diskusearret net mei rotten. Dat kinst lêze op in digitale side (erosmos.nl). No, in kritikus dy't in skriuwer in rôt neamt is fansels folslein útpoept, en dy hat syn kredyt foar twa hûndert prosint ferlern. Hy fergeliket dy mei de bokser Mike Tyson, de man dy't famkes reepte. Dit is it peil fan de krityk anno 2003 yn Fryslân. Neffens Bilker nimt er wraak (De wraak fan J.V. -farsk.nl).
   Dizze kritikus hat net troch dat De Bik (dêr't er himsels yn werkent) in metafoar is foar kritisy dy't wrokkich resinsjes skriuwe. Hy is yn syn eigen mes rûn, en hat dus de slach ferlern. Us stratezjy en taktyk hawwe fertuten dien. Hy hat himsels reept en dat kinst fergelykje mei dy sljochtweihinne pedofyl, De Jap yn Piksjitten op Snyp, dy't De Lytsk pakt yn Snyp. Jinsels repe stiet foar masogisme en totale iensumheid. Jo soene der hast begrutsjen mei krije.

It is moai datst in plakje fûn hast boppe 'De Gouden Fust', de kroech mei al dy skilderijen yn de âlde binnenstêd fan Ljouwert. Dat sil dy grif ynspiraasje jaan. Der komt in soart apart en kréatyf folk. Der hingje skilderijen fan û.o. Sjoerd de Vries en Anne Feddema. Miskyn sette se dêre ek wolris it mes yn de tafel lykas yn de roman, mar dêr hoechst net bang foar te wêzen. Soks heart by keunst en keunstners.
   Do hast my frege om ynformaasje oer Mata Hari doe't se hjirre yn Baskelân omspaande. In grut part fan de earste roman dêrsto mei dwaande wiest hast my taskikt - sadat ik it materiaal brûke koe yn mines - no sil it heve haw ik begrepen. Titel fan dyn nij projekt: Mei Mata Hari te swimmen yn Biarritz.
   Ja, Mata Hari, it fenomeen Greetje Zelle. Ik haw oait it doel hân in roman oer har en Esmee van Eeghen te skriuwen. Yn de (autobiografyske) oarlochsroman fan Tiny Mulder, Tin Iis (1981), snijt de fersetsstriidster Esmee wat ûnder, wylst sij no krekt de dramatyske persoan west hat (en letter lykwydearre is). Oer de rivaliteit tusken de twa froulike haadpersoanen, in blonden en in swarten, wurdt net skreaun. En krekt dêryn skûlet neffens my de oplossing foar it riedsel Esmee van Eeghen.
   Greetje Zelle en Esmee van Eeghen lykje op elkoar yn myn optyk. De siden dy't ik al skreaun haw en alle oantekeningen sil ik dy stjoere. Wa wit kinst se brûke yn dyn roman. Sa't Esmee in tsjinspylster hat yn Tin Iis, sa hie Mata Hari hjir in rivale, Lourdes Pasaia de San Pedro.

Do witst dat Mata Hari hjir dûnse hat yn de kasino's fan Biarritz en San Sebastían. De fyftich kilometer tusken dy twa 'dekadinte' Baskyske stêden oerbrêge se mei in treintsje dat doe noch ride of mei in grutte Ford fan in luvver. It tilde hjir op fan de Europeeske aristokrasy en fan hege militêren, sawol Dútsk, Frânsk, Spaansk en Ingelsk.
   Yn dy tiid - ein njoggentjinde en begjin tweintichste ieu - wie de Baskyske kust tusken San Sebastían en Biarritz yn de simmer it wenplak foar de jetset fan Europa (no, nei in hûndert jier, begjint in werhelling, meidat it fleanfjild fan Biarritz ferbiningen hat en krijt mei de grutte stêden yn Frankryk en oare lannen). It tilde hjir op fan Russyske prinsen en prinsessen bygelyks. No noch kinst de villa's bewûnderje dy't doe troch Russyske arsjitekten boud binne.
   Ik haw de argiven fan beide kansino's troch west, en ek dy fan de gemeente Hendaye, omdat se hjir ek in pear kear dûnsfoarstellingen jûn hat yn it lytse kasino. Hjir, op de grins fan Frankryk en Spanje wie it ek wat makliker lju te moetsjen. Ik kin dy sizze dat ik skitterjend materiaal fûn haw. Oanplakbiljetten dêr't se breedút posearret yn in 90-prosint Eva-kostúm, útnoadigingen, resinsjes fan har optredens en sels brieven fan Madame Mc Leod-Zelle oan wichtige lju dy't se ferwachte yn it kasino.
   Esmee kaartspile oan beide kanten, sij die it ek, net daalk as spionne tinkt my, mar as frou fan de wrâld dy't wist hoe't se mei har útstrieling en lichem jild fertsinje koe, en foaral respekt mei oprôp. Ik tink datsto har foaral pleatse moatst yn dy tiid yn dizze 'dekadinte' oarden dêr't ek skriuwers en skilders yn de aristokrasy mesenassen fûnen. Ek Mata Hari wie sa'n artyst, sjoen as in útfierend keunstner, sa't hjir ek yn Biarritz simmers de rose balletten út Parys kamen en hege eagen smieten.
   It wie in gouden tiid dy't no liket werom te kommen. Oars, want yn hûndert jier is der wol wat feroare. Dochs sjochst ek wer deselde figueren. Op strjitte, op it strân.
   Soms sjoch ik yn de simmer Mata Hari lizzen as ik tsjin de jûn noch even te swimmen gean. Dan betink ik in dialooch mei har, oer har langsten, oer har eangsten, oer har leafdes. Kom mar ris del hjir yn Frânsk Baskelân. Foar de sfear fan dyn roman kin it posityf wurkje. Ik haw it lytse strân ûntdutsen wêr't de dûnseresse faak yn de sinne lei en út en troch swom. Ast dêre in oere lein hast begrypst faaks wat mear fan dit frommeske én fan it libben hjir.

Oant sjen, agur, au revoir, hasta la vista.

PS : Justerjûn haw ik yn San Sebastían nei in konsert west fan in Katalaanske sjonger dy't twa oeren achterelkoar op de planken stie. Hy song oer de tiid fan de diktatuer en skeakele dan ynienen oer nei hjoed de dei (Spaanske keunstners binne fûl tsjin de neo-konservative Bushdoktrine, en dus ek tsjin de earste minister Aznar). Yn it Katalaansk, yn it Kastilliaansk en it Frânsk.
   Hy liet in prachtich sjanson hearre oer syn oan aids ferstoarne freon. Guon fersen waarden opdroegen oan freonen dy't fermoarde wiene troch de Eta. En dat yn it hert fan Baskelân! Spanje is oars as Nederlân, de keunstners ek. Reaksjonêre, restorearjende en neo-konservative ideeën sjochst hjir minder as by jim.