|
|
Jaap Krol
OP IN MOARN
Doe't er de gerdinen fan de wenkeamer iepen die,
seach er daliks dat it in prachtige moarn wie. Hy
gong fia de foardoar nei bûten en liet it
grutte sinneskerm stadich nei ûnderen sakje.
Alfêst foar fannemiddei, tocht er, foar as se
weromkomme soene. Want in waarme keamer, dêr
sieten se net op te wachtsjen ommers. It wie just
noflik om nei sa'n lange tocht thús te kommen
en dan yn in koele keamer te sitten.
Stadich liet er it koard troch de hannen gliidzje.
It hiele rút waard bedobbe ûnder it
oranje skaad. Hy seach dat er de earste yn 'e
strjitte wie dy't it skerm sakje liet. Tsja, tocht
er. Hy hope mar dat elkenien wist dat it grutte
rút op it suden stie. Benammen no ommers,
tocht er, benammen no, op sa'n waarme dei as
hjoed.
En hy sloech wat hier foar de eagen wei en makke
it koard wer fêst oan it izeren frame fan it
skerm. Doe't er de foardoar wer ticht die, krige er
de krante fan 'e doarmatte.
- It is prachtich waar! rôp er nei boppe en hy
rûn nei de keuken, die de radio oan en sette in
tsjettel wetter op it fornús. Doe gong er nei
de bykeuken en iepene de achterdoar. Earst krige er
har fyts - bûten sette er de fyts foarsichtich
op it standerke. Doe sette er syn eigen fyts neist
harres. Sa, tocht er. Twa moaie, glimmende fytsen.
Twa deselde ek, elk mei trommelremmen en trije
fersnellings. Krigen by syn ôfskie. Se hienen
der no al in hiele soad wille fan hân - op in
moandei of tiisdei samar de hiele dei fuortgean, wa
koe dat harren no neisizze?
En hy fluite it wyske dat er niis foar de radio
heard hie en seach ris nei it sliepkeamerrút.
De gerdinen sieten noch ticht. It wie no... hast
njoggen oere. O, tocht er, tiid genôch. Hjoed
soene se in flink ein te fytsen. Se hiene it juster
besletten, doe't se op 'e tillevyzje seagen dat it
moarn simmersk waar wurde soe. Hast tropysk, hie de
waarman sein.
Hy gong wer yn 'e hûs, rûn nei de
keamer, krige it sûkerpotsje en gong wer nei de
keuken. Stadich oerstimde de fluitsjende tsjettel de
radio.
Njoggen oere. Oarloch yn in fier lân, in
treinûngelok, it ferstjerren fan in bekenden
ien. Mar dan: it waar! En hy smiet laitsjend in
teepûdsje yn 'e kanne en geat it wetter deryn.
Doe rûn er nei de gong.
- Tee is klear! rôp er. Soe er by de tafel
sitten gean en dan rêstich teedrinke? Fansels
net. Yn 'e keuken moast er noch fan alles dwaan.
Earst soe er kofje sette. Foar de earste
tuskenstop.
It wie moai. As se tegearre fytsten, seinen se
eins net safolle. Se swijden, mar fytsen net te hurd;
se petearren oer it te folgjen paad, mar lieten inoar
foargean; se fytsten oeren en oeren en sieten dan op
in bankje. Nei safolle jierren hie er him noch noait
sa ûntspand field. It wie him en har
tegearre.
En de kofje prottele al, wylst er bôle
smarde mei bûter en der tsiis op die.
- Komst? rôp er noch mar ris yn 'e gong.
Miskien soe se de kofje rûke en dan gau nei
ûnderen komme.
- Kofje is klear!
Sa, tocht er. Wol dúdlik, net te
lûd.
Hy lies de koppen fan 'e krante, wylst er stadich
tee dronk. Oarloch yn in fier lân, in slim
treinûngelok wat tichterby, it ferstjerren fan
in bekend persoan. O, dy! Ach! En hy smarde
bôle mei jam en die doe alle stikjes bôle
yn pûdsjes.
Sa.
Dat mei dy oarloch ensa, dat wie gewoan no net,
tocht er. Hjoed soe er dat allegear ferjitte. Hjoed
wie de simmerske dei foar harren twaën.
Hy krige twa kopkes.
Wat wie no it moaie oan dat fytsen, sa tegearre?
tocht er, wylst er de nije fytstas op it oanrjocht
sette.
Eins wist er dat net, moast er foar himsels oer
bekenne. Miskien wie it wol sa dat se beide fielden
dat se noch altyd tegearre wiene. Nei safolle
jierren! Oan wa moasten se dát no noch
útlizze?
Op 'e radio klonk sêfte mezyk.
Miskien hy oan har. En sy oan him. As se fytsten
en sûnder in wurd te sizzen en allebeide wisten
wêr't se stopje soene om wat te iten.
Doe die er de kofje yn 'e termoskanne en geat der
kofjemolke by. Noch wat riede... klear.
- De fytsen stean al bûten! rôp er
út de keuken wei nei boppe.
Ut it laad krige er de kaart. Ut it kuorke mei
fruit krige er twa apels.
En hy glimke foar him út. Hy mocht fan har
net de kaart op it stjoer ha. Dat fûn se mar
dom. Der wiene poddestuoltsjes genôch. Hy mocht
fan har ek net de skuon oan dwaan sûnder dat er
sokken oan hie. Dat like nerges op. Elkenien seach
it! Fan har soms twingende toan hie er altyd
genoaten. Noait hie er wifele oan de earnst fan har
wurden.
Noait hie er wifele oan har.
En hy dronk it kopke tee op en betocht him dat
wetter op dizze dei hiel wichtich wêze koe. Hie
er noch in lege flesse? Ja. En in pak sju. Sa!
It oanrjocht stie fol. Yn 'e fytstas die er in
kofjekanne, twa kopkes, in flesse wetter, in pak sju
mei in kniperke, in pûdsje mei
bôle-mei-tsiis, in pûdsje mei
bôle-mei-jam en twa apels. En in kaart. Wat hie
er no noch ferjitten? tocht er. Neitinkend seach er
foar him út. Ah, tocht er. De sinnebril! En hy
wie alwer fuort. Op wei fan 'e wenkeamer nei de
keuken stie er efkes stil. Hy moast har noch mar ris
roppe.
- Komst hast? rôp er net te hurd.
Wat moast er noch meinimme? Yn elts gefal syn jas.
Reinklean? Nee. Lange broek? Fansels net. Hast
tropysk, tocht er en hy glimke foar him út.
Hjoed soe in lange, lange dei wurde. As se
thús komme soene, wiene se beide grif oan 'e
ein. Gelokkich soe it dan lekker koel wêze yn
de wenkeamer.
De radio spile in fleurich wyske.
It duorre al lang. Hy rûn de gong yn.
- Komst no noch? rôp er ûnder oan de
trep.
Hy hearde neat.
Stadich gong er omheech. Doe't er de
sliepkeamerdoar iepene, fielde er in iislike kjeld op
him ôfkommen.
|