|
|
Albertina Soepboer
DE FJOERWACHTER
Loscad Rechrainne o geinntib-
De heidenen stutsen Rathlin Island yn 'e brân
De jierboeken fan Ulster oer it jier 795 n.Kr.
It moast sawat tsjin tsienen rinne, sa skatte er,
doe't de strook sinne oer it ynstruksjeboek skode. Hy
draaide him in kwartslach om en gie foar it
rút stean mei de pot Nescafé yn 'e
hân. De brune heuvel lei der leech hinne. It
foarse postuer fan Breeze yn in ivich opsichtige
blommejurk stiffele noch net nei ûnderen ta. Hy
suchte ris. Miskien wie de earste boat hjoed wer
sûnder post oankaam.
Hy beseach de side dy't er justernacht bestudearre
hie, doe't er de sliep foar de safolste kear net fine
koe. 'Needgefallen' hiet it haadstik, mar sokke
situaasjes hie er noch noait by de ein hân yn
dy twa jier dat er no fjoertoerwachter wie. Al syn
ferbylding hie er loslitten op stjoerleaze skippen yn
orkaankrêft of oaljetankers mei dronken
kapteins. By eintsjebeslút wie er fan al dy
swalkjende bylden yn 'e kop yn sliep fallen.
Wer koe er him net bepale by de tekst en syn eagen
draaiden de oare kant út, dy fan de
Eastkliffen. Dreame koe er dy stiengrize râne
fan it lytse eilân sa stadichoan. In suterich
paadsje rûn nei dy tinne stripe ta, dy't yn ien
kear sa'n hûndert meter nei ûnderen foel
lyk de oseaan yn. De artyske wyn waaide der hast alle
seizoenen fan it jier oer hinne en gjin inkelde beam
hie it úthâlde kinnen tsjin dy redeleaze
wyn. It iennichste beskaafde oan it plak wie de trep
nei it lytse strântsje ta, dat mei leech wetter
bleat kaam te lizzen. It wie in ieuwenâlde
trep, oergroeid mei grien mosk, smel en sa glêd
as sjippe. De earste kear dat er dy trep seach,
kriich er it skitende benaud fan de yslike draaien.
Fuortendaliks hie er besletten dat er him dêr
net op weagje soe.
Mear niget hie er oan de groep fan fiif
seepapegaaien dy't it briedplak boppe op 'e kliffen
hienen. Eltse moarn speurde er de râne ôf
mei de fierrekiker. Of se stienen der, hast roerleas,
magnifyk as lytse keningen yn in djip petear of se
kamen krekt nei boppen ta fleanen yn har swarte
jaskes. Lytse muontsen fan it noarden wie harren
tapaslike Latynske namme. Syn sykjen wie ek hjoed net
om 'e nocht. Se stienen al netsjes yn 'e rige. Dalik
soe ien fan har him fan 'e kliffen ôfstoarte.
It wachtsjen wie op de earste dy't tocht dat er in
fisk swimmen seach.
Draaiend oan de fierrekiker seach er dat fan 'e
reade ringen om 'e hazzenútbrune eagen hast
neat mear oer wie. Ek it blau en read wie fan 'e
snaffels ôf, it teken dat de briedtiid
definityf oer wie. De bitende poalkjeld soe net lang
op him wachtsje litte. Hy skokskoudere by dy tinzen
oan safolle ôfmetten tiid. Hy rjochte de
fierrekiker op de fêste wâl.
Tsjintwurdich lei de wrâld faak foar him as no.
De oare kant wie allinne noch mar in streek swart op
blau papier. Hy glimke. It wie de wrâld sa't er
him oait foar himsels optocht hie: in foto.
It wetter foar de kofje sea en hy helle twa koppen
út de kast. It wie oft tiid stil stie op sokke
mominten en trochsichtich waard. Prakkesaasjes holden
op. Syn soepel draaiende spieren bleaunen as
iennichsten oer. Neat koe him út syn
konsintraasje helje. Mei stadige en wisse bewegingen
struide er de Nescafé yn 'e koppen. It waarme
wetter sûchde it donkere poeier yn in pear
sekonden op. Hy sette de kofje op tafel en gie op 'e
nij foar it rút stean. Tichtby de fjoertoer
wapperen knalreade roaskes. Breeze wie der al. Syn
tinzen hienen in aardich ein omstuitere. Hurd stode
er nei ûnderen ta om har deryn te litten.
'Soa, jo mochten wol tinke, dy komt net mear,'
hime se doe't er de doar einlik iepen hie.
'De kofje stiet klear,' antwurde er in bytsje
skuldich.
Breeze like altyd frij krekt yn 'e rekken te
hawwen wat er tocht. Hy hie it oerjûn him der
drok om te meitsjen. Utsein dat er fan har rake
opmerkingen sa no en dan in kaam kriich. Hy joech har
de earm en deun tsjin inoar oan sjouden se tegearre
de smelle treppen op. Se hime oan ien tried troch.
Doe't se boppe wienen, liet Breeze har mei in djippe
sucht yn 'e grutte stoel falle.
'It is my ferdomme wat. Fan 'e moarn de flierren
dweile, in fust oansletten yn 'e pub en noch leit
Paddy te snoarkjen as soenen de lêste beammen
op it eilân ek noch om moatte. It is my
wat.'
Hy joech har de kofje en gie op 'e oare stoel
sitten. Se kipe him wurch oan ûnder it wylde
bosk hier wei. De tearen yn it gesicht wienen
stoffich en de opsette hannen leinen as
ûnwennige, wurkleaze moskjes yn 'e skurte, mar
de mûle stie har noait stil. Yn it begjin
hienen har einleaze ferhalen skuorren slein yn syn
stilte, mar no koe er dernei harkje sûnder dat
nuvere wuoljen yn himsels te fielen.
'Ik sei juster noch tsjin him, do moatst der
betiid ôf, skrobje, bine, want wy krije in
útfanhûzer. Us dochter komt hjoed
út Dublin, sjoch sa, en nee, de post hat noch
net west, as jo dêr soms op wachtsje.'
Bûten kriet in seefûgel. Hy trille
eefkes. De post dêr't er op wachte, soe noait
komme. Noch hearde er it klikken fan 'e
kofferslotten, koffers dy't er op in skiere jûn
ynpakt hie, yn in simmer dy't in ivichheid lyn like.
Hannah hie swijd dy jûne. It wie dúdlik
dat er fuort soe nei syn fiere famylje op it
eilân, foar wurk op 'e fjoertoer, in âlde
dream út syn bernetiid. Se hienen him belle dy
simmer. Gjin sinnich minske dy't sok iensum wurk
dwaan woe. Hy wol. Hy koe alle passy fan Hannah net
mear ferneare. Brieven soe se net stjoere, dat wist
er sa wol, mar dochs seach er eltse moarne nei de
lege rjochterhân fan Breeze. It hearde sa
stadichoan by it ritueel: sy brocht him syn post dy't
noait kaam, wylst hy harke nei de ferhalen oer de
loaiens fan Paddy.
'De earste boat hat noch net iens west,' sei
Breeze. Hy skrok op út syn tinzen.
'Hin, it is sa helder as glês, gjin suchtsje
wyn,' sei er.
'Gjin goed teken, atsto it my fregest,' sei
Breeze.
Se swijden en seagen nei de oseaan dy't as in
djipblauwe spegel foar har lei. Gjin wolkje oan de
hoarizon. Ien fan 'e seepapegaaien naam in lange
oanrin om himsels it wetter yn te smiten. Hy hie it
faak fergelike mei kamikaze: in yntins stil
wêzen foar de lêste klap, foar it fallen
oer dy âlderlêste râne hinne.
'Tank foar de kofje,' sei Breeze ynienen.
Mei muoite kaam se út de stoel oerein en
luts de blommejurk rjocht. Hjir yn 'e folle sinne
foel him saniis op dat se skillich wie fan
wurgens.
'Ik bring jo wol,' sei er yn in
opwâling.
Foarsichtich toffele se de treppen ôf wylst
er har goed beet hie. Doe't se bûten wienen,
rûkte er de neisimmer, tsjok en fol toarnbeien.
Se rûnen nei de heuvels. Breeze har sykheljen
gie mei hoarten en stuiten.
'Paddy is net goed, hy sliept al nachten net, mar
doarmet as in spoek foar de glêzen om en it is
de drank net,' parste se derút.< br>
'Paddy as spoek?' sei er ferbjustere.
'As fernimt syn siel wer tefolle.'
Hy wist net rjocht wat er sizze moast. Soargen om
Paddy, spoeken en de siel wienen gjin saken dy't
thúshearden yn har ritueel. Se like lytser no,
as liet dy sinne hjir yn it iepen fjild sûnder
beam har krimpe.
'It sil wol wer oergean,' fersuchte se.
Se sloech har goarwite doek steviger om de
skouders hinne. Boppe op 'e earste heuvel bleau er
neist har stean. It sicht wie goed en koest it
doarpke lizzen sjen oer de twadde heuvel hinne. Dat
ein soe se it allinne wol rêde.
'As der dalik noch post foar jo is, kom ik wol
eefkes del.'
Hy knikte. Sûnder dat er der wat oan dwaan
koe, skokten syn skouders. It moast dy hast
ûnwêzenlike reade kleur wêze dy't
oeral tusken de grize stiennen skimere. Hannah hie
read hier. Hy slikte en seach Breeze de heuvel
ôfrinnen as wie se in ierdfroutsje. Dalik seach
er ferdomme noch spoeken.
De skerpe rook fan 'e oseaan krûpte him yn
'e noas doe't er werom rûn nei de fjoertoer
dy't as in ferlern stikje skaakboerd boppe it
lânskip útstuts. De ûnderste helte
wie wyt, de boppenste swart. De siel, wat wie yn
godsnamme de siel dêr't Breeze it oer hân
hie? Hy biet him op 'e lippe en fielde bloed tusken
de tosken sipeljen. Oait hie der in dei west dat er
syn siel field hie, as in readboarstke dûnsjend
om syn lea en dy fan Hannah, dy't neaken neist him
lein hie, glimkjend, as fielde se it ek oan. Letter
hie er dat grutte wurd skrast út syn
libben.
It stiennige lân om him hinne like
sêft te gloeien. Hy sette de fuotten mei in
klap op 'e dyk del. Hy moast him ynhâlde en rin
net achter Breeze oan om har te freegjen wat se
bedoeld hie mei dy opmerking oer Paddy. Hy wie gjin
eilanner en gjin Ier. Wierskynlik soe se eefkes
knipperje mei dy griene eagen fan har en him minlik
op ôfstân hâlde. It hie gjin doel
en tink deroer nei. It lei bûten syn macht.
Doe't er by de râne wie, like it wol of
hienen de seepapegaaien op him wachte. Se
bekoekeloerden him mei har fiven.
'Middei,' sei er.
Foarsichtich gie er sitten op sa'n trije meter fan
'e râne ôf. De oseaan hie alle kleuren
blau dy't er mar betinke koe. Skitterjend akwamaryn
en in ljochtblauw dat sa út en troch wyt
opljochte. Op 'e plakken dêr't it skaad fan 'e
wolken foarby fleach, like it wetter hast blauswart.
It wie in libben skilderij dat er al sa faak sjoen
hie, mar dat him eltse kear wer rekke. Ien fan 'e
seepapegaaien makke him klear foar de dûkflecht
nei ûnderen ta. Driftich meneuvele de lytse
muonts hin' en wer op it plak dêr't de earste
triem fan 'e trep te sjen wie. Hy liet him falle en
doe't er hast de oerflakte fan 'e oseaan rekke, kaam
er as in ferdwaalde helikopter wer omheech.
Rom sykhelle er. Hy wist wêrom't er op it
eilân wie. No like it net op dy dream
dêr't de wrâld om him hinne allinne skots
en skeef ynpaste. Dalik soe er nei hûs rinne,
it iten klearmeitsje en wachtsje oant de streken
tsjuster har sjen lieten oan de hoarizon. Dan soe er
it ljocht oandwaan, it boek iepenslaan en him
fernuverje by it haadstik 'Needgefallen'.
De wyn boaze oan. In twadde seepapegaai weage de
sprong. As siet er yn 'e heechste balletklasse, sa
skeat er oer de oseaan hinne, fong in fisk en fleach
wer nei boppen ta. De seepapegaaien krigen der niget
oan. Ien foar ien lieten sa har as in rige
dominohoutsjes fan 'e kliffen tûmelje. Teplak
stienen se stil, as hienen se de hannen gear, as
dienen wyn en wetter der net mear ta.
Ien kear mar hie er besocht wat oan God te
freegjen yn syn libben. De nacht dat Hannah op stap
wie mei de fotoman hie er frege dat se fan him
wêze mocht. Dat dy heimsinnige fotoman
út har libben ferdwine soe. De fotoman dy't er
noait sjoen hie, dy't op Hannah har antwurdapparaat
ynspruts en mei har ôfpraat hie yn in djoer
restaurant. De man sûnder gesicht, dy't as in
skaad tusken har hong. Hierskerp seach er foar him
hoe't se har satinen broek oanstrûpte, him
folslein negearjend, en har taske oer it skouder
slingere. Hy rûkte nei wanhoop, hie se sein. Hy
moast grut wurde, hie se sein. Dy nacht hie er foar
it earst wat tsjin God sein. Hy hie him op 'e
grûn falle litten en jankt as in hûn. It
hie net holpen. Hannah hie it hân oer frijheid,
de fotoman spruts it antwurdapparaat wer yn en hy wie
úteinlik mei de koffers op Schiphol
bedarre.
In pûst wyn klapte tsjin him oan. Hy skrok
eefkes. It waar koe yn in heal oere samar feroarje.
De hoarizon wie no driigjend pears en de weagen
hienen kamen krigen. Hy moast werom, en syn radio's
oandwaan om him ta te rieden op 'e nacht. It wie al
ein augustus, der koe wer fan alles barre. De
seepapegaaien sieten stil yn in rûntsje om him
hinne. Hy soe se in hân jaan wolle op dit
stuit. No koe it noch. Oer in pear dagen soenen se it
briedplak ferlitte en de winter ôfwachtsje op
'e oseaan.
'Oant sjen,' sei er mar.
De wurden waarden wei tusken de oanboazjende wyn
en de weagen dy't mei grut kabaal tsjin de kliffen
brutsen, mar it wie better as neat. Soms moast er wat
sizze, sa op 'e iepen romte. Hy slikte wer en
rûn nei de fjoertoer ta. De stiennen leinen der
like griis by as oars. Eins woe er net fuort, de
skonken protestearren sacht. Hy tocht oan de poaten
fan 'e seepapegaaien dy't al yn it stadium wienen dat
it prachtige fûloranje ferstoffe wie ta in
skimerige kleur fan wat it west hie. De briedtiid wie
echt oer.
De simmer hie noflik west, koel, oerdeis skjinne
loften en nachts noarderljocht. No wie dat âld,
op. De skonken knikten as twa wiffe stikken brea. Hy
gie sitten op in grutte stien. It wie deastil wurden,
sels de oseaan hearde er net mear. Nei in setsje foel
him it tikjen fan syn hert op. It makke him kjel. In
fleach waarmte streamde troch de skonken de ljisken
yn. Sa út en troch barde it. Hy woe it net, hy
woe it ferballe, mar it wie der al. It byld fan
Hannah, neaken, mei swit oerdutsen en se lake him ta.
Hy woe nei har raze, mar altyd wie er alle wurden
kwyt. Dan ferdwûn se, en bleau er allinne
achter. Hy woe it byld ferdrinke yn it sâlt of
wat dan ek, kwytmeitsje, ferlieze. Hy woe it net.
Yn 'e fierte kriten in pear seefûgels, op 'e
syk nei fretten. Hy lei de hân tsjin de mage
oan, krôke en konsintrearre him op syn honger.
It gie better sa. Hy soe no wier op hûs oan. Hy
rûn stadich en tocht oan de bakken wetter dy't
falle soenen en hoe't it dan nei ozon rûke soe.
It stof soe út de loft wêze. Magnifyk
soenen de bliksem en de tonger wêze hjoed. Hy
kriich hast sin yn it ûnwaar en fan alteraasje
draafde er fierder, oant er op sa'n tsien meter wie
fan 'e fjoertoer. It skaad fan in sittende frou foel
oer de stiennen om de toer hinne. Breeze siet foar de
doar. It hier hong har noch woester om 'e holle as
oars. Se hie in fettige skelk foar en in wyt pakket
ûnder de earm
'Nee, it is gjin post foar jo, der komt gjin boat
hjoed, it is kabeljau, farsk,' smyt se derút
foar't er wat sizze koe.
Eefkes like der wyn yn 'e triedden te giseljen. Hy
hie it nuvere gefoel dat er dizze situaasje earder
belibbe hie, mar koe him net te binnen bringen
wannear't dat west hie.
'Wolle jo tee mei bakte kabeljau? Dan kinne wy
tegearre nei jo radio's harkje,' sei Breeze.
As in automaat knikte er. Hy woe wat tsjin har
sizze, mar wist net wat. Boppe kriich Breeze de
tsjettel en die oalje yn 'e fetpanne, wylst hy mei de
radio's ompielde. Stoef lústere er alle
waarberjochten ôf. Min waar soe it wurde, mar
net striemin.
'Wêrom komt der gjin boat?' frege er.
'Witte jo it net? Fan 'e moarn binne der in pear
minsken oerboard fallen, doe't se yn in lyts boatsje
nei de grutte boat moasten om it hege wetter. Der
kaam in grutte weach. Allinne, se hawwe dy minsken
noch nergens weromfûn op dat skyt eintsje
tusken dy twa boaten. Ik tocht dat jo miskien mear
wisten.'
Swijsum helle Breeze moal en aaien út de
kast foar de kabeljau. Hy fielde him in jonkje fan
seis dat de tiid ferdien hie mei fûgeltsjes
ynstee fan dat er op syn post west hie om it
tillefoantsje fan 'e fêste wâl oan te
nimmen. Breeze joech him in kop tee. Hy belle op.
Fiif minsken wienen wei. Se sochten al in pear oeren
en sadra't er wat seach, moast er belje. Dimmen frege
er oft se wisten om hokker nammen it gie, mar de man
oan 'e oare kant sei dat se sa fier noch lang net
wienen. Hy lei de hoarn del. Breeze stie nei de
oseaan te sjen dêr't it ljocht no tsjustergrien
wie.
'Unwaar,' sei se.
It hier yn 'e nekke stie him rjocht oerein. Breeze
sette in panne mei bakte fisk foar him del. Hy knikte
koart, wylst er alle war die om him te
konsintrearjen. Hy stelde de radar yn op it stik
tusken de wâl en it eilân, mar der wie
neat bysûnders te sjen. Hy soe it mei de
fierrekiker besykje.
'It is Paddy, dêrom bin ik hjir. Doe't er it
niis hearde, gûlde er as in lyts bern. Jammere
dat it de ljochte wetterman wie. It spoek dat er al
wiken sjoen hat. Ik ha him op bêd brocht en
tasein dat ik nei jo radio lústerje soe, foar
it gefal dat…'
Har reade, skilferige hân socht de ekstra
koptillefoan.
'En it is de whisky net. Jo moatte witte, der is
hjir in âld ferhaal oer it ferstjerren fan 'e
simmer. Dan komme grutte weagen fan 'e oseaan mei
wettermannen deryn, dy't minsken meinimme om mei har
te oerwinterjen. By maitiid litte se har wer frij,
mar wol as bonkerak.'
De grize gie him oer 'e grouwe. Se like wol sa'n
âld orakel. Hy moast goed by syn ferstân
bliuwe. Dat wie de iennichste manier om mei de
situaasje om te gean. Achter him hearde er hoe't se
de fingers ien foar ien knappe liet. It makke him
senuweftich.
'Jo tinke dat jo wat witte at jo it mei eigen
eagen sjen kinne. Mar jo binne gjin eilanner, jo
witte net wat hjir spilet. En jo kinne myn wurden
better mar leauwe.'
Se stie no foar it rút nei him te sjen,
wylst de koptillefoan heal op 'e skouders hong. Yn
him wie in grutte plasse fan wurden, hy woe wat tsjin
har sizze, in antwurd jaan op har ferhaal, mar hy koe
net prate. De hannen trillen boppe de knoppen.
'Hoefolle Paddy ek drinkt, dy siel is helder. Se
soe, sa sei er, de donkerblauwe jas oan ha dy't ik
foar har makke ha.'
Har stim wie krekt in ronfelige
ôfdroegersdoek. Hy trille. No. No soe er wat
sizze wolle, mar in readboarstke fladdere him yn it
sicht en hy koe de radar net sjen. En hy moast op 'e
radar sjen. Dat wie krusiaal no. Hy soe de hûd
derfoar hâlde.
Achter him hearde er in klap. Se wie op 'e
grûn fallen. Hy soe eksplodearje wolle,
skrieme. No moast er wat dwaan. No. Hy gie neist har
sitten. De pols kloppe noch. Op itselde momint wie it
as hearde er in dizehoarn yn it treppehûs. In
pratende dizehoarn.
'Kom no, kom, wy moatte nei de oseaan ta.'
It wie Paddy. Hy dendere de treppen del. It swit
stie him op 'e foarholle. Bûten hong de
hoarizon as in griene muorre fan swier waar. Bryk
stie Paddy neist de fyts. De bleate fuotten stutsen
as breklike skulpen út de fize broek en syn
gesicht wie in wyt lekken. Doe't Paddy him yn 'e
rekken kriich, stuts er de wiisfinger út,
rjochting Eastkliffen.
'Dêr moat se lizze.'
Hy woe roppe dat it ûnsin wie, tsjinakselje
dat er no fuortendaliks werom moast nei de radar. Mar
hy koe it net. Hy wie brutsen. De fersketten jas fan
Paddy en syn hast keale kop wachten op him. Hy wist
it. Se gienen. Wis wie er derfan dat er it paad
earder sa rûn hie, mar op 'e nij wist er net
wannear, as hie ien him in grouwe tekken oer de
harsens hongen. Leech wie er, wylst dit in needgefal
wie. In needgefal. Dêr wie it dan, einlik. Hy
lake grimmitich yn himsels om dy konklúzje. De
situaasje dy't er him noait yntinke koe as er boppe
it boek siet.
It earste wat er seach, wie it lege briedplak fan
'e seepapegaaien. Hy stoareage nei ûnderen ta,
mar wist sa wol wat er dêr oantreffe soe: in
oseaan sûnder har swartwite fûgelpakjes.
Se wienen fuort. Paddy stie neist him. Syn noas like
in grutte ierdbei op springen.
'Do moatst nei ûnderen ta, ik kin dat net
mear mei dy âlde, rottige lea fan my,' hime
Paddy.
De smelle trep, de ûnferwachte draaien, it
spekglêde mosk. It dûzele him. Hy stie op
it punt om te koarjen. Hy moast no wat sizze.
Godferdomme. No.
'Hoe witte jo no dat se dêr leit?' rôp
er.
'Omdat dy ferflokte wetterman dat sei,' raasde
Paddy.
'Dat is dochs godferdomme in ferhaaltsje,' raasde
er werom.
Hy ferrekte it. Woest wie er. Paddy stie tsjinoer
him. Hy soe dy âld man de hûd fol skelle,
hy soe him finaal fynknipe, kapot huffe. Mar foar't
er wist, hie Paddy him in klap ferkocht.
'En no nei ûnderen ta. Jo meie dan wol de
man fan 'e fjoertoer wêze, mar fan fjoer snappe
jo neat. Se hat griene eagen, as dy fan har mem.'
Beiden trillen noch nei fan 'e klap. Paddy hie de
blik op 'e hoarizon rjochte. Hy soe gean. Hy soe
godferdomme gean. Hy soe in goeie fjoertoerwachter
wêze. Doe't er nei de trep rûn, draaide
er him om.
'Ik wiuw wol as ik wat fûn ha.'
Op 'e earste, glisterige triem tocht er dat er
stjerre soe, fuortendaliks, op dat plak. Mar doe't er
nei fiif minuten noch libbe, koe er wer sykhelje.
Millimeter foar millimeter soe er it dwaan. Nei in
skoftsje waarden de brekkende weagen in donderjende
trein. Hy wie no sa'n tsien sentimeter fierder. It
mosk waard hieltyd tsjokker. Hy wankele. Falle, dat
soe er. Hy hie it ommers altyd witten.
'Moatst nei dyn hannen sjen,' raasde Paddy ynienen
oer de râne hinne.
As yn in hallusinaasje seach er nei syn hannen,
triljend, sykjend, oant der wat feroare en hy
hûd fiele koe. Gean soe er, folle oars koe er
net. Nei wat in ivichheid like fan stappe, fiele en
wer stappe, stie er op 'e smelle stripe strân.
It strân wie leech en it wetter kaam op. Hy
flokte. Hy hie it wol tocht. Dy Paddy ek mei syn
ferhalen. Hy like wol net goed by om nei
ûnderen. Hy hie by de radar bliuwe moatten.
Earst soe er bekomme en dan, dan moast er mar klimme.
Hy gie sitten op in stien. Foar him lei in lytse
stien en fan klearebare baldadigens smyt er mei it
ding. De stien foel mei in droech plofke by ien fan
de grotten del yn 'e kliffen. Hy knippere eefkes. Ut
ien grot stuts in skonk. Hy waard beroerd. Hy woe net
mear te sjen. Hy soe nei boppen, sizze dat er in
deade fûn hie. Mar hy moast sjen oft se in
blauwe jas oan hie en fan dy griene eagen as Breeze
hie. Hy kaam oerein.
Se lei op 'e rjochterside. Hy knakte as in
lúsjeferprikje doe't in bosk read hier him yn
'e mjitte skittere. In lange gjalp fleach him de keel
út. It die der net mear ta, mar hy moast sjen
hokker kleur de eagen hienen. As yn in film stuts er
de hân út en draaide de frou om.
Hazzenútbrún, fier iepen, as woe se de
himel noch in kear oanreitsje. Hy slikte. Yn 'e lea
kaam in waarm gefoel los dat oanwaakste ta flammen
doe't er de boarsten seach ûnder dy tinne,
wiete stof fan har jurk. Grutte sienen aaiden him al.
In waas luts oer him hinne en foar't er wist, hie er
de jurk iepenskuord, de boarsten betaast en syn stive
piemel tsjin har oandrukt. No soe er har nimme. No.
It koe net mear wachtsje.
Der slikke wat oan syn fuotten. Lange tongen fan
opkommend wetter sirkelen om him hinne. Hy skrok en
op dat stuit seach er himsels stean, hjir, op dy
stripe strân. De deade frou as in marionet
neist him. Hy raasde, fûl en hurd. Dy wite
hûd wie sûnder libben. Dat reade hier soe
yn twa dagen stopje mei groeien. Hy woe janke as in
hûn. Gûle woe er om dy frou, om himsels
en de wrâld dy't as in wiete doek tsjin syn lea
klapte. Hy koe it net. De fûsten stienen stiif
fan spanning.
Oer it lûd fan 'e oseaan hinne hearde er de
stim fan Paddy troch in megafoan. Hy moast Breeze
fertelle wa't dêr lei, dat it har dochter net
wie. Hy kriich de deade frou beet en sleepte har de
grot yn dêr't it hege wetter har net berikke
koe. En no kaam de trep. It klimmen gie fansels. Hy
tocht net mear, sette de fuotten del sûnder
wifeljen en spytgnyske om it fochtige mosk. Boppe
like de oseaan him in swimbad ta. Grimmitich lake
er.
Breeze, Paddy en de manlju fan it
rêdingsteam wachten op him. Se seagen him oan
as wie er in spoek.
'De wetterman is net kaam om jo dochter, mar om in
oare frou. Jim kinne wol nei ûnderen. Se leit
yn ien fan 'e grotten.'
It waard deastil. Paddy skodholle. Breeze liet har
djipste sucht los. It rêdingsteam ferdwûn
sûnder wat te sizzen mei de touwen en
katrollen. Wurch sakke er op 'e grûn, sloech de
earms om 'e knibbels en stoareage de âld man
oan yn syn ferknûkere jaske.
'Miskien wit ik no wat fjoer is,' flústere
er heas.
Breeze kaam neist him sitten en sloech de earm om
hinne. Prate koe er net. Net oer dit. Hy koe dit har
noait útlizze.
'Paddy, wy moatsten mar ris op hûs oan,' sei
Breeze nei in skoftsje.
Hy knikte har ta. Allinne moast er wêze.
Neitinke. Se rûnen it paad nei de fjoertoer ta
en ferdwûnen. Yn syn keel like in grutte berch
iepen te brekken, as rôlen der kluten troch syn
lea hinne. Alles die him sear. Hy gie op 'e
rêch lizzen. De loft boppe him wie helder.
Sûnder dat er it yn 'e rekken hân hie,
wie dy griene muorre fuortlutsen. De toarnbeien om
him hinne glinsteren as diamantsjes. De wrâld
wie wer himsels.
Hy tocht oan dat liif sûnder streamend
bloed, sûnder klopjend hert. Dat liif dat er ha
woe, fiele woe, mar dat der net mear wie. En hieltyd
skimere Hannah troch dat byld hinne, as in mislike
grap. Hy woe it net sjen, mar tagelyk wist er it. Hy
wist it mar al te goed. Hannah hie mar in bysaak
west. It readboarstke, dat hie it west. Hy woe net
witte wat er wist. Mar hy wist it, hy koe net langer
fuortrinne.
It soe net maklik wêze. De fleanmasine soe
de hel wêze. Dat dit lân ûnder him
ferdwûn. Mar it hie gjin sin en bliuw noch
langer. Hy moast fierder. Hy hie op it fjoer wachte,
lang genôch, al hie er it net iens witten.
Moarn soe er mei de boat en dan op 'e trein nei
Dublin. Moarn. Hy kaam oerein. Hy wiuwde nei de
seepapegaaien dy't no op 'e oseaan wennen, in hiele
winter lang. Ek hy soe de kommende winter ergens oars
wêze as hjir op 'e stiennige Eastkliffen, dy't
nei ûnskuld rûkten. Gjin útsicht
soe er mear ha op 'e râne fan 'e trep. Der
dripte wat op syn hannen. Triennen. Hy kaam oerein en
rûn it paad ôf. Noch ien nacht soe er har
fjoertoerwachter wêze.
|