Jaap Krol


WOANSDEI, JÛNS

Wat him bytiden ferbjustere, wie it feit dat er syn libben hiel goed planne koe. Hy hie al in hiele rige saken betocht dy't foar him eins al sa gewoan wiene. Bygelyks as er in ôfspraak makke hie en er by it ôfpraten al wist dat it moai net troch gong. Dat er útstelgedrach sjen liet om it ôf te sizzen, dat wist er. Mar hy wist ek, dat er noait koarter as trije dagen yn it foar opbelje moast. Oars wie it wol hiel dúdlik dat er in smoeske betocht hie.
  Wat er ek hiel goed koe, wie it juste sizze op it juste momint. As ien bygelyks sei dat it bûten sa wiet wie, dan sei er dat dat klopte, mar dat hy fûn dat it folle slimmer wie dat it sa kâld wie. As ien sei dat it bûten sa kâld wie, dan sei er dat dat klopte, mar dat hy fûn dat it folle slimmer wie dat it sa wiet wie. It gong derom kunde yn te bringen op it juste momint. It juste momint wie dat iene momint fan befêstiging fan it ferhaal fan de oar en in befêstiging fan it feit dat er kundich wie. Files, polityk, Claude Monet - feitliks wiene der miskien ien of twa ûnderwerpen dêr't er tuskentroch net wat oer wist.
  Wat er ek behearste wie de keunst fan it op tiid komme. Yn syn eagen wie op tiid komme altyd wat letter - as er allinnich wie dan. As er mei har erges hinne gong, moasten se just altyd wat betider komme, fûn er. Dan koene se ek earder wer fuort. Op tiid fuort gean, dat wie ek in keunst.
  As se fakânsje hiene, gongen se altyd op reis. Nei fier fuort. Reize wie... nei fier fuort gean. Tsja, hie er ris tocht. Hy doarde it wurd 'frijheid' net yn 'e mûle te nimmen, sa earlik wie er wol.
  Se wiene al hiel faak yn Grikenlân west. Se wiene ek yn Australië en Yndonesië west. Mar hy wist it hiel goed - as se thúskamen, wie er de reis eins alwer ferjitten. Hy pakte de koffer út, brocht de fotoroltsjes nei de fotowinkel en de oare deis gong er wer oan it wurk. Ek syn fakânsjewille hie er pland. It duorre fjouwer wike. Op it wurk fertelde er tsjin de ien dat it waarm west wie. Mar hiel oars waarm as hjir. Net sa fochtich, nee, droeger. Tsjin de oar fertelde er dat it waarm west wie. Mar hiel oars waarm as hjir. Net sa droech, nee, fochtiger. Dêr ferbjustere him allegear oer. Hy fûn it in frjemde ûnderfining dat er it allegear tsjin himsels sein hie, mar hy fûn it noch frjemder dat it him àltyd thús oerkaam. En ek noch allinnich as er wat ûnderút oan 'e tafel siet en sleau boarte mei in pinne. En ek noch as it bûten sêft reinde.
  Tsja, sei er dan.
  Se hiene salsa-les nommen. Styldûnsje is út, salsa is yn, hie se sein. It wie boartlik en beweechlik, in metafoar foar harren libben, sei se dêrnei. Hy hie himsels derop betrape dat er dat fiif minuten leaud hie.
  It gong net goed. Hy wie traach. De salsa-figuren dy't er learde op 'e dûnsskoalle krige er net ûnder de knibbel. Hy moast faak draaie en dan goed útkomme. Mar syn timing wie min en hy wie altyd te let. Altyd.
  Hy siet oan 'e tafel, wat ûnderút, en seach nei har. Se sette de meubels oan kant om salsa te oefenjen.
- Komst? frege se.
  Bûten reinde it. Se sette de cd mei salsa-muzyk oan.
- No, komst? sei se doe.
  Se stie al klear. Hy kaam omheech en gong neist har stean.
De twadde tel fan de earste maat nei foarren... en dan noch wat, wist er. Hy wie sleau. Traach. Hy liet him gean en wist al gau net mear wat er die. Se hold op en seach him oan. Spesjaal foar it oefenjen yn 'e hûskeamer hie se it hier yn in sturt draaid.
- Dat wie net goed, sei se.
- Nee.
- Nochris.
  De twadde tel fan de earste maat nei foarren... de twadde tel fan de twadde maat nei achteren... en dan noch wat.
  Bonkich en sleau gong er mei.
- Stop!
  As se yrritearre waard, krige se altyd reade earen.
- Do bakst der neat fan!
  Om rêst út te drukken, stuts er de hannen yn 'e bûse. Mar se seach him bits oan en gong wer yn 'e dûnshâlding stean.
- De bedoeling fan dûnsje is dat dyn dûnspartner dy frijheid jout en dy dochs oan him bynt, sei se nei in skoftke. Dûnsje is in metafoar foar it libben.
- Goh. Sels betocht?
- Mar snapst dat net? Wêrom bisto sa traach? Oars bist it noait!
- Ik wit it net.
  Se suchte ris djip.
- No kom. Nochris.
  Se kuche ris en skodde mei de holle, as om it begjinpunt oan te jaan. Har grutte earbellen stiene stil, seach er.
  Tsja. Hy wie traach. En sleau.
  Hy telde noch en gong yn it rûn. Doe't er har by de earm gripe woe, wie er te let en fernaam er allinnich mar de stof fan har truitsje.
- Nee! Net sa!
  Se die earst de cd út.
- Do moast my ferrasse! Wêrom binne dyn earms net fêst, wêrom jousto my gjin romte as ik my omdraai? Ik fiel neat yn dy!
  Se hie de earms yn 'e side lein en seach him string oan. De sturt en de earbellen makken gjin beweging.
- Salsa is pasje, seit de leraar ommers!
  O ja? Salsa sucks, tocht er.
- Wat is der dochs my dy?
- Ik fyn salsa ferskriklik, sei er. Ik wol net mear.
- Mar wat is der dan net moai oan?
- Sjochsto dat dan net? Al dy minsken om ús hinne?
- Wat is dêrmei?
  Hy antwurde net en seach nei de flier.
- Wat? sei se.
  It bleau lang stil.
- Ik ferfeel my, antwurde er.
- Wat wolst dêrmei sizze?
  Se swijden lange tiid.
- Hat it wat mei ús te krijen? frege se doe.
- Nee.
- Mar wat is it dan?
  Earst antwurde er net. Doe antwurde er wol.
- Gewoan. Ik ferfeel my.
  Hy hearde de keamerdoar mei in klap tichtslaan.
  Doe suchte er djip. Dat er him ferfeelde wie wier, wist er. Hy hie it niis tsjinoer himsels bekend.