|
Cesare Pavese
*De dea sil komme en dyn eagen ha -dizze dea dy’t by ús is fan moarns oant jûns, waaks, ferhoalen, as in âld berou of in mâle ûndeugd. En dyn eagen sil in idel wurd wêze, in ynhoden skreau, in stilte. Sa sjochst it alle moarnen ast dy op dysels ta bûchst yn ’e spegel. O leave hoop, dy deis sille wy ’t ek witte, dast it libben bist en it neat. Foar elk hat de dea in loaits. De dea sil komme en dyn eagen ha - it sil sa wêze as it besljochtsjen fan in ûndeugd, as yn ’e spegel it fannijs ferskinen sjen fan in dea gesicht, as it harkjen oan tichte lippen. Ferstomme gean wy yn ’e draaikolk del. (oers. Goaitsen van der Vliet) Verrà la morte e avrà i tuoi occhi - / questa morte que ci accompagna / dal mattino alla sera, insonne, / sorda, come un vecchio rimorso / o un vizio assurdo. I tuoi occhi / saranno una vana parola, / un grido taciuto, un silenzio / Cosí li vedi ogni mattina / quando su te sola ti pieghi / nello specchio. O cara speranza, / quel giorno sapremo anche noi / che sei la vita e sei il nulla. // Per tutti la morte a uno sguardo. / Verrà la morte e avrà i tuoi occhi. / Sarà come smettere un vizio, / come vedere nello specchio / riemergere un viso morto, / come ascoltare un labbro chiuso. / Scenderemo nel gorgo muti. (1950) |