Josse de Haan
DE WRAAKSUCHT FAN VEENBAAS
Sneontejûns let struiden guon sân en moude op it iis fan de grutte feart yn Peins. Winterdeis. It reedriden waard dan ûnmooglik. Meidat se sels net ride mochten op snein namen se op dy wize wraak. Wy pikten dat net.
No besmoarget sûnt ’95 in literêre wreker(*) myn romans – Veenbaas, besprekker literatuer. Ik wit net krekt wat him besielt. Wol wit ik dat dit net doocht. It liket dat hjir mei opset literatuer kapot makke wurdt.
Earste wraakoefening
Yn ’94 haw ik by de presintaasje fan de Spiegel van de Friese poëzie yn de Harmonie sein, dat ik 1) it boek net aventoerlik genôch fûn; 2) in tal goeie dichters miste en 3) yn guon oersettings fouten seach. Ik fyn dat noch. Veenbaas wie ien fan de oersetters.
Yn de offisjele ynlieding fan dy Spiegel polemisearret Oppewal mei my oer in stik yn myn blêd iP2r90, dêr’t ik myn minne ûnderfinings beskriuw mei him as oersetter. Yn in offisjele blomlêzing heart dat net thús. It seit wat oer it nivo.
Yn ’95 publisearre ik Fyts mei wynflessen - in jubileumboekje foar de KU. Yn ien ferhaaltsje skriuw ik satirysk oer de Spegellju, mar bgl. ek oer Meindert Bylsma, Trinus Riemersma en Albert Camus.
Veenbaas (Frysk en Frij) en Krol (LC) baarne it boekje ôf. Ut de 144 aforismen kieze se beide (!) itselde om te bewizen dat it allegearre neat foarstelt: ‘Yn ’e lift: gean ik no omheech of omleech?’ Veenbaas fynt noch in oarenien dy’t ik ‘liend’ hie fan de skriuwer Peter Handke. Is ek neat. In sitaat fan Camus (oer syn beppe) stroffelet Veenbaas oer – hy fynt it fiis.
Twadde wraakoefening
It twadde boek dat ôfsketten wurdt hyt Tuskenspul (’97), in boekje mei ferhalen en gedichten oer it keatsen, skreaun troch in lytse 100 minsken. De KNKB bestie 100 jier. Baukje Wytsma en ik ha alles sammele. Tuskenspul - tusken literatuer en lektuer. Veenbaas hat it sels oer in ferhaal dat der net iens yn stiet (oer âlde Jan Reitsma). As griffemeard jonkje op it literatueriis wit er neat fan keatsende flokkers, razers, sûpers en hoerearders – op snein.
Tredde wraakoefening
Yn ’98 bin ik dwaande mei de roman Piksjitten op Snyp en beslút twa wraaksuchtige kritisy fiktyf op te nimmen – de twa haadpersoanen-skriuwers ha lêst fan dat parasiteguod. Daalk nei it ferskinen (9-9-’99) skriuwt Veenbaas (no yn de LC) de roman de dongbult op. Hy moast de resinsje de helte lytser meitsje, it rûn oer fan rankune en wraaksucht. Hy neamt de skriuwer in ‘Mike Tyson dy’t kurkjebreidet en út en troch in stomp útdielt’.
In heal jier letter skriuwt Kees ’t Hart yn De Groene Amsterdammer in positive resinsje oer de roman. Meulenhoff wol it boek útjaan. Geart de Vries sil in tv-skriuwersportret fan de skriuwer meitsje.
Noch mear wraak
De proefoersetting fan Harmen Wind fan 15 siden Piksjitten op Snyp (yn ’t Nederlânsk letter Kikkerjaren) wurdt yn de rin fan 2000 troch ien adfiseur fan it NPLVF nei de jiske-amer ferwiisd. Krekt, Veenbaas! Skriuwer Atte Jongstra - optein oer it boek - fynt de oersetting goed. Kritikus Michael Zeeman wurdt ynskeakele: ‘ôfwizer oersetting siket spikers op leech wetter, der is neat mis mei de oersetting, it is in goed boek’. It NLPVF sil subsydzje jaan.
De subsydzje fan de provinsje Fryslân hinget noch (der is 25000 gûne foar oersettings). Jetske Bilker (in kollega-skriuwer!) is as lid fan de adfyskommisje fûl tsjin en wit de beslissing twa kear út te stellen (fan sept. oer okt. nei novimber 2000). Reaksje NLPVF: as dy lju net wolle betelje wy alles.
Yntusken besiket de literatuerbefoarderer – Oppewal fan it FLMD - ek te ‘helpen’: hy komt mei noch 5 boeken foar subsydzje, sadat it bedrach foar elk boek in 4000 gûne wurdt en Piksjitten op Snyp dus de slach ferlieze sil. Literatuerbefoardering! Mar sij ferlieze de slach: allinne Nei de klap fan Riemersma en myn roman krije subsydzje, elk in 12.500 gûne. It boek dat Veenbaas de grûn yn boarre krige as Kikkerjaren goeie kritiken.
Noch wraaksuchtiger (4e boek)
Febrewaris 2003 ferskynt Nanette, myn roman oer de oerpakesizzer fan Vincent van Gogh. Tagelyk wurdt der in kontrakt sletten mei Meulenhoff foar de Nederlânske ferzy. Fan maart ôf sil ik wurkje mei in redakteur dy’t myn eigen oersetting besjen sil. Hy wol in fyfde part skrasse.
Op 11 april sjit Veenbaas boek en skriuwer lek: ‘De Haan hat in redakteur nedich’, skriuwt er. Hy hie dat sels by De Geus meimakke doe’t er dêr mei syn oersetting fan Nei de klap ferskynde – in kwart derút en behoffenje litte troch redakteuren. Neffens skriuwster Elske Schotanus op har webside sitte der noch frisismen yn.
Ultime wraaksucht (5e boek)
De roman Feuilles mortes kaam ein augustus l.l. (2004) út. Op 1 oktober sjit Veenbaas foar de fyfde kear in boek fan my ôf. Hy misbrûkt in printflater (twa yn in rigel fuortfallen gedachtestreekjes) om oan te jaan dat De Haan net skriuwe kin, en it nei 30 jier ek wol noait mear leare sil. Boppedat, der steane ‘kontrofersjele seksuele barrens’ yn. Hy hat syn hele masker falle litten.
Reaksjes op websiden fan Cor van der Wal, Joop Boomsma en Trinus Riemersma jouwe oan dat se it in goar stik fine, rankuneus ek. Yntusken fynt Jelle van der Meulen it ‘een boeiende roman’ en sei Klaas Jansma foar Omrop Fryslan: ‘Net maklik, mar de skriuwer skuort de lêzer mei’. De Moanne, Farsk en Doar wiene tige te sprekken oer de roman (ien lêzer hie der sels in nacht net fan sliepe kinnen).
Steven de Jong, Trinus Riemersma en iksels ha oantoand dat de analyses, ynterpretaasjes en konklúzjes fan Veenbaas der faak by troch binne, meidat hy gjin arguminten en bewizen brûkt. Nije boeken fan De Jong en Riemersma wurde no ek systematysk delsabele.
Immen dy’t fynt dat Durk van der Ploeg in Fryske Albert Camus is, en Trinus Riemersma in Fryske Samuel Beckett, sjocht saken dy’t in normaal mins net sjen kin. Miskyn moat alles yn dat briljante ljocht sjoen wurde.
* sjoch ek J. Bilker, De wraak fan Jabik Veenbaas, yn ‘In dynamyske diskusje’, útj. Venus, 2003)
De alderlêste wraakoefening stiet dus yn Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur, s. 226 (en earder) en is op 12 april 2006 ferskynd.
[Dêr stjoerde Josse de Haan ferline wike dizze tekst oer – AdV]:
In de nieuwe ‘Geschiedenis van de Friese literatuur’ is ten aanzien van de roman Kikkerjaren (2001, Meulenhoff), en de schrijver Josse de Haan, iets vreemds gebeurd (blz. 226):
De Haan geeft echter ook deze roman een gedateerde maatschappijkritische lading mee. Geïnspireerd door Noam Chomsky bouwt hij een samenzweringstheorie op die inhoudt dat de ‘Anglo-Americans’ na de val van de Berlijnse Muur een totalitaire bedreiging voor de wereld vormen. Dat doet hij echter te drammering, met dikwijls onbeholpen redeneringen en sleetse formuleringen, waarin met grote gemakzucht naar het ‘fascisme’ wordt verwezen.
De roman gaat concreet noch metaforisch over bovenstaande zaken, maar wel over twee schrijvers, De Grutsk en De Ika. Die praten, schrijven en ruziemaken o.a. over herinneringen uit hun jeugd - in de roman verwoord door De Lytsk, het kleine jongetje. Op internet is dit allemaal te lezen.
Na 2001 heeft De Haan nog twee romans geschreven (Nanette over Van Gogh, 2003 en Feuilles Mortes, brieven aan een moeder, in 2004) en een boek met essays over de Friese literatuur (Kastanjes poffe, 2005). Die zijn met De Haan na 2001 verdwenen, waardoor er ook geen actuele foto’s of boekomslagen opgenomen konden worden.
*
Boekhannel De Tille 
|