|
|
Abe de Vries
DE FYFTICHSTE TSJERNE
De bining ferbrutsen?
It fyftichste nûmer fan De Tsjerne
ferskynde as dûbelnûmer yn febrewaris 1950.
It wie in temanûmer oer de Feriene Steaten: ien
fan de inisjativen dy’t de redaksje naam om de
Fryske literatuer by de tiid te krijen. Tsjintwurdich
is de modernisearring dêr’t De
Tsjerne yn teory sa fûl op wie, in
fanselssprekkend en permanint projekt wurden, dat net
mear yn manifesten útlein hoecht te wurden.
Hjoeddedei tsjinje oare fragen har oan.
It earste nûmer fan De Tsjerne
proklamearre in healjier nei de befrijing, yn
febrewaris 1946, de ein fan it lange houlik tusken
literatuer oan de iene, en folksemansipaasje en
taalstriid oan de oare kant. De ûngelikense
relaasje fan skriuwer en taalstrider,
wêrby’t de earste yn tsjinst stie fan de
twadde, wie foarby. ‘It Fryske folk’ soe
net wer in fereare god wurde dêr’t de
literatuer oan offerje moast, wie
Tsjerne-oprjochter Fedde Schurer syn tinken. Wat
dat oanbelanget wie syn manifest ‘De bining
ferbrutsen’ ek in befêstiging dat de Fryske
naasjefoarming definityf mislearre wie.
Skriuwers moasten har tenei inkeld bekroadzje om
’e literatuer. Hoe soenen se ek oars? It
romantyske ideaal fan Douwe Kalma – dat in
folweardige kultuertaal meihelpe soe it folk ta in
naasje te meitsjen, ta in politike entiteit – wie
op ’e non útrûn. In hichtepunt fan
syn krewearjen op dat mêd wie syn Skiednis fen
Fryslân west, it boek út 1935
dêr’t er dy skiednis yn sjen liet as
‘âlderearst bisieljende krêft yn
libben en striid’. Sawat deselde taal hie er
jierren earder brûkt yn syn taspraak
‘Fryslân en de wrâld’ (1916),
doe’t er de needsaak seach fan in ‘fier
útstrieljend doel, dat lyk it stjerte
twinkeljend ús leart stadich mar wis de rjochte
wei to bigean’. Yn 1940 joegen net te min
beweger-skriuwers, ynklusyf Kalma, har yn de wjerskyn
fan dat ‘fier útstrieljend doel’ yn
’e kollaboraasje. It wie it einpunt en tagelyk it
fallyt fan it Fryske nasjonaal-politike
ûndernimmen.
Modernisearring waard it biedwurd; tenei soenen
literêre teksten skreaun en beoardiele wurde as
literêre teksten, net as bydragen ta de
folksferheffing. It doel wie de literatuer by de tiid
en op ynternasjonaal peil te bringen. It gie om
‘wider oriïntaasje en eigentiidsker
betrutsenens’, yn ’e wurden fan Klaas
Dykstra. Oansetten wienen der foar dy earste
Tsjerne wol al west, bygelyks yn it wurk fan
Garmant Nico Visser, Anne Wadman, Marten Sikkema en
Douwe Tamminga. Tsien jier letter soe it tydskrift
quatrebras, mei syn mear eksperimintele ynslach,
fierder bouwe op it fûnemint dat De
Tsjerne lein hie.
De Tsjerne nr. 50
Oan de marzjinale posysje fan ’e Fryske
literatuer op ’e lêzersmerke feroare de
nije koerts fan modernisearring oars net folle. Yn
1950, fjouwer jier nei it ferskinen fan it earste
nûmer, siet De Tsjerne yn ’e
finânsjele swierrichheden. Utjouwerij J. Kamminga
út Dokkum die by it fyftichste nûmer in
skriuwen oer de finânsjele tastân. In
earder rûnskriuwen dêroer hie tal fan
reaksjes oplevere, dêr’t Kamminga tank foar
sizze woe. Yn 1949 wie der yntarre. Sûnder
ferbettering soe it ‘in poepetoer [wurde] om it
spul geande to hâlden’. De skouders moasten
der meiïnoar ûnder om mear abonnees te
krijen.
It is sawat itselde byld as hjoeddedei it
algemien-kulturele tydskrift De Moanne sjen lit,
dat okkeries ek in aksje hâlde foar mear
abonnees. De holle boppe wetter hâlde mei in
papieren Frysktalich tydskrift – sels mei in
twatalich Frysk-Nederlânsk tydskrift – is
noch altiten in ‘poepetoer’.
Wat de modernisearringsopdracht oanbelanget, is
nûmer 1-2 út 1950 dochs in wat
twaslachtige ôflevering. It ‘folkske’
elemint, dêr’t de wiere skriuwer fier fan
bliuwe moast, sit troch it hiele nûmer hinne
ferfrissele. Dat begjint mei de beskriuwing troch
Sjoerd van der Schaaf fan de Feriene Steaten. Hy sjongt
de lof fan it fitale kontinint en beskriuwt Europa as
in wurge achterhoeke. It is wat in skoalsk stik, dat
net earlik útkomt boppe it krantenivo. Yn it
each rint ek dat de redaksje in Amearikaanske
heechlearaar fan Fryske komôf in droege
skôging oer de federale steatsynrjochting fan
’e Feriene Steaten bringe lit. It lit sjen dat
De Tsjerne wol deechlik ek oan
folksfoarljochting die.
Boereliteratuer
Boppedat koe de redaksje, mei ferbiningferbrekker Fedde
Schurer en kowesturtekritikus Anne Wadman oan it roer,
dochs net sûnder de boereferhalen
dêr’t men offysjeel sa op delseach. It
ferhaal fan Feike Feikema, ‘Maitiids
teken’, kin wol hoekhâlde tsjin dat fan
Ernest Hemingway yn itselde nûmer, mar it is wol
boereliteratuer. De moaie oersettingen troch Schurer en
Wadman fan fersen fan Langston Hughes kinne de
balâns net yn ’t lykwicht krije. Ek de
oanwêzichheid fan útrekkene Douwe Kalma,
dy’t tekene foar it lêste stik yn it
nûmer, makket fan dizze Tsjerne net in
helder literatuer-ideologysk statement.
Yn dat ljocht is it fierder opfallend dat plak
ynromme waard foar in oersjoch fan Amearikaanske
literatuer skreaun troch emigrearre Friezen en harren
neiteam. De bân tusken de Fryske literatuer en de
emigrearre soannen fan it folk wie net ferbrutsen. It
stik (fan Bernard Fridsma, dy’t dit jier 100
wurden is) is tige nijsgjirrich, foar wa’t noch
nea heard hie fan nammen as Henry Kay Pasma, David
Cornel de Jong, Meindert de Jong en Feike Feikema. It
is goed mooglik dat dizze skriuwers knappe boeken
skreaun hawwe, mar ‘modern’ wienen harren
teksten net dalik.
It boek dat fan Fridsma de measte lof taswaaid
krijt, is This Is The Year (1947) fan Feikema,
dêr’t dy syn kinnen ‘earst goed oan
it ljocht’ kaam. Fridsma hellet Sinclair Lewis
oan, dy’t nei oanlieding fan dit boek oer Feikema
skreau: ‘It liket my ta, dat hy ien fan de meast
bitsjuttende skriuwers yn Amearika wurde kin.’
Dit flaggeskip fan ’e Frysk-Amearikaanske
literatuer (yn 1966 yn it Frysk oerset troch Klaas
Dykstra) hearde ta it sjenre fan ’e boereroman
dêr’t men yn it heitelân nei de
oarloch eins mei ôfrekkenje wollen hie.
‘Dizze wiidweidige en “ierdske”
roman,’ skriuwt Fridsma, ‘skreaun yn it
stadige tempo fan it boerelibben, lit Feikema sjen as
in skriuwer dy’t him oanlutsen fielt fan it
primitive, it bernlike, it naïve. It boek is
oarspronklik, krêftich en sterk byldzjend fan
taal, en direkt, hoewol hwat ûnigael, fan styl.
(..) Faaks hat gjin roman it boerelibben yn Amearika sa
krekt en sa folslein tekene.’
Men kin him op grûn fan dit
Tsjerne-nûmer oer de Feriene Steaten
ôffreegje oft foar de redaksje de bining werklik
sa radikaal ferbrutsen west hat en hoe’t men dat
sels eins seach. Spitigernôch ûntbrekt in
foaropwurd dat de kar fan ’e teksten
útleit of ferantwurdet.
Problematisearring
Yn alle gefallen is de missy fan dy earste
Tsjerne-jierren, de modernisearring as spesjale
opdracht, tsjintwurdich net aktueel mear. Hjoeddedei is
der ommers gjin Frysk skriuwer of dichter te finen
dy’t de klok weromsette wol. Jongere skriuwers
sjogge har wurk net mear as taalstriid (al is neffens
Trinus Riemersma elke Fryske skriuwer qualitate qua in
beweger). It giet om it skriuwen fan sa goed mooglike
boeken, sûnder emansipatoaryske idealen lykas dat
men it folk lêzen leare of
‘ferfryskje’ wol. En sûnder dat men
him noch earne tsjin ôfsette moat. Algeduerige
modernisearring is it biedwurd, en dêrby is dan
noch de soarch kommen foar in goede ynfrastruktuer foar
de literatuer.
It ien en oar is fan dy gefolgen, dat de
útdaging no faaks earder leit yn
problematisearring as yn modernisearring fan Fryske
literatuer. De eroazje, kealslach en delgong fan it
Frysk geane wilens sa hurd, dat hjoeddedei hast alle
skriuwers en dichters dy’t debutearje it
Nederlânsk (folle) better behearskje as har eigen
Frysk. Dit twatalich drama – of, sa’t men
wol, dizze twatalige dynamyk – is hiem oan in
lyts taalgebiet yn in sitewaasje fan ekstreme
yndividualisearring, globalisearring en
dominânsje fan in gruttere taal. It ropt wol de
fraach op nei de takomst fan it Fryske literêre
skriuwen. Hoefolle begjinnende skriuwers, mei
trochstreeks in lytse lêsûnderfining, in
beheind fokabulêr en te min grammatikale kennis,
sille it harsels yn ’e takomst noch dreech
meitsje wolle mei in kar foar it Frysk? Itselde jildt
foar de lêzer, dy’t ommers de kar hat
út in aloan waaksende stream fan boeken
út binnen- en bûtenlân.
Faaks kin in idee oer de rykdom en de
relevânsje fan in literatuer de trochslach jaan.
Dêrom hoecht men, tinkt my, net mijen te
wêzen mei fragen te stellen oan de literatuer
sels. Wêryn ûnderskiedt dy him fan de
Nederlânske, dus fan ’e literatuer fan
’e dominante taal? Lit er de werklikheid op in
oare wize sjen, lit er oare parten fan ’e
werklikheid sjen? Wat makket dy literatuer de muoite
wurdich, foar skriuwers, foar lêzers?
De antwurden kin men net samar efkes jaan. Dy
sil elke generaasje wer op ’e nij fine moatte yn
it skriuwen fan en oer literatuer.
Tradysje
Op dit stik fan saken rint it yn it each dat yn it
nûmer oer de Feriene Steaten fan De
Tsjerne net oan ’e oarder komt wat de
Amearikaanske literatuer apart set fan de Britske. Men
hie yn dat ferbân wize kind op tema’s as
bygelyks emigraasje, Frontier, rasse-diskriminaasje,
‘melting pot’, yndividuele frijheid en
Amearika as it bêste lân fan ierde.
Yn it Kiestra-nûmer fan Hjir
(desimber 2004) haw ik besocht en meitsje oannimlik dat
de fraach nei it ‘eigen karakter’ fan in
literatuer, en benammen fan in lytse literatuer, him yn
de hjoeddeistige globalisearre, multymediale
wrâld twingend oantsjinnet. Taal hat noait it
iennichste ûnderskiedende elemint west. Ien fan
’e antwurden is, dat in ferskil tusken
literatueren behalve yn ’e taal ek besletten leit
yn ’e literêre tradysjes. Ek yn ’e
patroanen dy’t har ôftekenje yn alles wat
der de ieuwen bylâns oan Frysk-literêre
teksten yn it ljocht jûn is, skûlet wat
aparts en eigens. Neam dat ‘identiteit’,
referearje dêr posityf of negatyf oan, mar it is
mooglik om dernei te sykjen en jin dermei te ferstean,
as resinsint, as essayist en ek as skriuwer of dichter.
Hat de kombinaasje fan literêre fernijing en in
kritysk hifkjen fan ’e Fryske literêre
tradysje bygelyks fan De Reade Bwarre fan Trinus
Riemersma net ien fan de meast wurdearre en slagge
Fryske romans makke?
In oare fraach is oft de literêre
ynfrastruktuer yn Fryslân maksimaal beantwurdet
oan de easken fan ’e tiid. Grut ynhâldlik
foardiel soe te beheljen wêze mei it oprjochtsjen
fan in Fryske skriuwersskoalle, in fenomeen dat yn it
Amearikaanske universitêr ûnderwiis al
jierren bestiet. It dichtersklaske fan Tresoar is al in
goed inisjatyf, mar it soe faaks yn gearwurking mei de
Fryske Akademy útwreide en profesjonalisearre
wurde kinne ta in folweardige ‘creative writing
course’, mei op syn minst twa full-time dosinten
dy’t sels skriuwer of dichter binne. Ynbêde
yn in Fryske Akademy dy’t mear omtinken oan
moderne literatuer jaan wol as no – in Akademy
dy’t Gysbert Japicx foarearst mar rêste lit
en folle mear wurk makket fan ’e
tweintichste-ieuske literatuer – soe sa’n
skriuwers- en resinsintekoalle net misstean en gjin
oerstallige lúkse wêze.
Ik pleitsje dus foar wat oars as Hylke Tromp
fiif jier lyn yn de Ljouwerter Krante. Tromp frege him
doe yn in kollum ôf wêr’t ‘al
dy taalbefoarderers har drok oer meitsje [moatte] as de
taal gjin oar doel mear tsjinnet as it oerbringen fan
mondiale klisjees’. Hy woe derop ta dat Fryske
skriuwers faker oer typysk Fryske ûnderwerpen
skriuwe soenen, hokfoar ûnderwerpen dat dan ek
wêze mochten. Sjoerd Bottema hat him der yn
desimber 2000 yn Trotwaer lilk oer makke. Sykje
nei it saneamde Frysk-eigene, yn ’e reële
wrâld, yn it ‘karakter’ fan minsken,
is typysk in ambysje fan in beweger; foar in skriuwer
dy’t him op it foarste plak om de literatuer
bekroadet is it in dearinnend paad. Skriuwers moatte
skriuwe wat se wolle, as it heal kin sûnder ferge
te wurden op har tsjinstberens oan it
‘Frysk-eigene’. Dat is wat Fedde Schurer
foar eagen hie mei syn ‘bining ferbrutsen’.
Mar skriuwers hawwe fansels wol altyd te krijen
hân mei de skiednis fan ’e literatuer
dêr’t se har yn bejouwe, dêr’t
se part fan wurde en dy’t se mei foarmje.
Dý bining is nea ferbrutsen. De literêre
tradysje beynfloedet en foarmet allinnich al it
taalgebrûk fan skriuwers, ek by dy’t har
dêr net bewust fan binne. Yn lytse talen,
dy’t meastentiids in grut ferskil sjen litte
tusken skriuw- en sprektaal, dy’t wol in swak
foar tradysjes hawwe mar faak gjin folwoechsen kritysk
apparaat, spilet dy ynfloed namste sterker. Kontakt mei
en begryp fan ’e tradysje makket jin bewuster fan
plak en karakter fan jins eigen wurk, ek as dat nei
ynhâld of foarm folslein ôfwykt of net
ferwiist nei wat earder skreaun is.
In iepen each
Gelokkich hat it Frysk in lange skiednis as
literatuertaal. Yn it skriuwen oer literatuer hat der
meastentiids in iepen each west foar de literêre
tradysje. En fansels hat dy tradysje mear as ien
gesicht: njonken in sintrale rol foar de ynspirearjende
natuer fan it plattelân komme dêryn
fanâlds ek tema’s as emigraasje, leauwe,
wurk, grutskens, frijheidsdriuw en pessimisme oan
’e oarder. Wat dat oanbelanget hie yn De
Tsjerne nûmer 50 in ferliking mei de
Amearikaanske literatuer faaks noch nijsgjirrige
oerienkomsten opsmite kinnen.
It byld fan in literatuer dy’t libbet
bliuwt troch de jierren hinne net gelyk: wurking en
wurdearring fan ’e tradysje feroarje. Yn
revolúsjes en manifesten wurde der sa út
en troch skriuwers heal en heal ferballe út de
kanon, mar in part fan wat yn sokke needsaaklike en
befrijende modernisearringsbewegingen as
âldmoadrich oan kant skood wurdt, blykt letter
dochs wer – yn in oare kontekst – in nij
libben krije te kinnen. Nei ferrin fan tiid falle oare
aksinten op.
Dêrom docht in lytse literatuer dy’t
net kommunisearret mei syn ferline, himsels tekoart. Yn
in sitewaasje fan globalisearring kin dan net allinnich
de oanlûkingskrêft foar skriuwers en
lêzers allyk faai komme te stean: ek de
literêre ynfrastruktuer kin raffelich en
útwenne reitsje. Lang om let wurdt it eigen
subsidiearre fuortbestean op it spul set.
Konstanze Glaser fan ’e universiteit fan
Edinburgh skreau yn 2002 yn in paper oer de
taalsitewaasje fan it Gaelic yn Skotlân en it
Sorbysk yn Dútsklân: ‘It redusearjen
fan kulturele ferskillen ta in manier fan praten en
symbolyk, kin ûnderstek dwaan oan de claim
dy’t in minderheid leit op “oars
wêzen” en it útsjoch op
byhearrende finânsjele en ynstitúsjonele
stipe.’
It jildt foar taal- mar ek foar
literatuerbelied.
*
(Mei tank oan Albertina Soepboer)
|