|
|
Abe de Vries
IT EKSPERIMINT FAN DE ÔFBRAAK
Problemen fan in postmoderne poëtika
William Jefferson Clinton wie al in
‘Postmodern President’1 foardat er yn 1998 syn ferneamde
útspraak die: ‘I did not have sexual
relations with that woman’. Mar doe’t er
foar in kommisje fan it Congres ferskynde, wie heal
Amearika der wis fan: ‘Slick Willy’ stie
foar alles wat mis wie oan de jierren njoggentich. De
new speak fan Clinton wie gjin tekening fan
’e werklikheid. Hy die útspraken
dy’t de gonbere wierheidsopfetting
‘ûntregelen’. Syn wurden ferwiisden
allinnich nei oare wurden. Eins wie Bill Clinton
allinnich tekst.
Faaks binne der oare mominten oan te wizen dat
‘it postmodernisme’ syn hichtepunt belibbe:
mominten dat de delgong út ein sette fan
wat Carel Peeters yn in emosjoneel mar amusant
skotskrift in ‘kwartjesfilosofie’
neamde.2 Tink oan de
boartlike stelling fan Jean Baudrillard út 1991,
dat de Golfoarloch fan Bush sr. noait plak fûn
hie.3 De tanks, de
ferneatiging, de deaden, it wie virtual reality
west. Faker neamd wurdt de oanfal fan Al-Qa’ida
op de Twin Towers en it Pentagon, 11 septimber 2001.
Mar lit dat ôfbeakenjen fan wrâldbylden
fierder mar sitte. It giet my om postmoderne opfettings
fan poëzij, mear yn it bysûnder de
poëtika fan Jos Joosten en Thomas Vaessens,
dêr’t se omtinken foar freegje yn har boek
Postmoderne poëzie in Nederland en
Vlaanderen.4
Kwetsberens foar in wjerwurd
Safolle poëzijlêzers, safolle redenen om
poëzij te lêzen. Al soe men dat
ôfgeand op Joosten en Vaessens net dalik sizze.
Sy fine eins allinnich dy dichters nijsgjirrich
dy’t hopeleas ferâldere lêsstrategyen
‘ûntregelje’. Postmoderne
poëzie befettet njonken yngeande
skôgings oer guon dichters ek ideeën op it
teoretyske en filosofyske mêd oer wat
nijsgjirrige poëzij is. ‘Dit boek is
óók een statement over de nieuwe
poëzie (..).’5
‘Nijsgjirrich is yn alle gefallen net de
poëzij dy’t, sa’t Joosten yn in
taspraak sei, bestiet út ‘volledig
afgeronde, totaal afgewerkte, met netjes op rijm, ritme
en andere regelmaat gesorteerde regels gestoffeerde,
verzen (..) – gedichten klaar en áf als
een inelkaar gezette IKEA-kast’.6 Dichters fan sokke poëzij
binne ‘in de eigentijdse kunst’ net serieus
te nimmen, ‘jammerlijke poseurs’.
Net sa freonlik? Namste wichtiger is it en
wês krekt by de presintaasje fan arguminten. It
wurd ‘postmodern’ betsjut wilens ommers al
safolle. Wa’t it dochs brûke wol, hellet
teory- en anty-teoryfoarming yn ’e hûs
dêr’t er him mei ferstean moat, en it is
krekt hjir dat Joosten en Vaessens stekken falle litte.
Sy slagje der wol yn en beakenje de betsjutting fan it
wurd ôf foar it ûnderwerp dêr’t
se it oer hawwe wolle: it ferskil tusken
‘modernistyske’ en
‘postmodernistyske’
lêsstrategyen’ – de earste kategory
wurdt brânmerke as achterhelle, de twadde op it
hynder hysd as tige by de tiid. Mar hokker basis is der
foar sok normatyf posysjonearjen? Tsjin it postmoderne
filosofearjen binne logyske, pragmatyske, politike en
etyske beswieren ynbrocht, dy’t konsekwinsjes
hawwe kinne foar it neitinken oer poëzij en
poëtika. Wêrom wurdt it wurk fan de dichters
dy’t yn Postmoderne poëzie de revue
passearje, net hifke op kwetsberens foar in filosofysk
wjerwurd?
Om yn it spoar te kommen dat ik folgje wol, jou
ik earst in tal skaaimerken fan de wize sa’t
Joosten en Vaessens oer poëzij en de
Nederlânske poëzijskiednis tinke. Wat dat
lêste oanbelanget, giet Vaessens syn omtinken
út nei ‘die momenten in de poëtische
ontwikkeling waarop de tot dan toe geldende normen
worden geprovoceerd’, skreau er yn it FD.7 En nei de
‘oproerkraaiers’ yn dy skiednis, dy’t
‘een aaneenschakeling van luidruchtige
conflicten, van vadermoorden is’. Syn favoryt is
‘de avant-gardedichter’, dy’t
kompleks, kodearre, poëtikaal, hermetysk,
yntertekstueel of yn alle gefallen postmodernistysk
wurk makket. Foar sokke avant-garde poëzij oer set
er de ‘romantisch angehauchte’ poëzij,
dy’t it fan ‘authenticiteit’,
foardracht en/of in werkenbere werklikheid hawwe moat.
Yn syn stik ‘Ontijdig panorama: de poëzie
van nu’ skreau er ferline jier:
Zo dacht ik wel eens dat ik
tachtig procent van de Nederlandstalige poëzie
eigenlijk onverdraaglijk vind. Poëzie die
schaamteloos ‘mooi’ wil zijn, bijvoorbeeld.
Of poëzie die het nodig vindt mij van haar eigen
oprechtheid en authenticiteit te overtuigen.
Poëzie die, zonder zich daarvan bewust te tonen,
nog helemaal wortelt in een afgevlakte romantische
traditie. Dichters die ik wél waardeer (..)
schrijven poëzie die op een paradoxale manier met
zichzelf overhoop ligt. Poëzie die weet hoe snel
het genre verzandt in zelfgenoegzame ijdeltuiterij.
(..) Ik houd dan ook van tegendraadse dichters die, in
poëzie, morrelen aan de fundamenten van de
poëzie.8
Dy aventuerlike avant-gardetradysje wurdt droegen
troch dichters as Erik Spinoy, Stefan Hertmans, Dirk
van Bastelaere, Peter Holvoet-Hanssen, Peter Verhelst,
K. Michel, Tonnus Oosterhoff en Arjen Duinker, troch
Joosten en Vaessens omskreaun as
‘postmodernen’. Ek jongere dichters as
Neeltje van Beveren, Geert Buelens, Joep Kuiper en
Tsead Bruinja soenen heal en heal yn dy tradysje stean,
al jouwe dizze nijere dichters oan it postmodernisme
wol in lichtere, fersteanbere en konkrete draai, neam
it ‘postmodernisme-light’.
De filosofyske kearn hjir is de oanfal op it
positivisme fan Frânske tinkers as Roland
Barthes, Michel Foucault, Jacques Derrida en Jean-Paul
Lyotard yn de jierren sechstich en santich. Dy oanfal
waard troch Arjen Duinker yn 1988 kondinsearre oerset
yn ien fan syn fersen as:
Tegen de Inhoud.
Tegen de Persoonlijkheid.
Tegen de Essentie.9
Postmoderne filosofy feroaret de poëzij, en it
boek fan Joosten en Vaessens is in demonstraasje fan de
op himsels net ûnbekende konsekwinsjes,
dy’t yn myldere of radikalere farianten yngong
fûn hawwe yn letterlân. De tekst is gjin
ienheid mear, gjin ientsjuttende meidieling en hat gjin
dúdlik sintrum; de tekst is ‘een aanval op
het humanistisch subjekt’ (sa’t it yn in
earder artikel stie10), dat yn parody en mearstimmigens syn
autentisiteit ferliest. Gedichten mei in inerlike
gearhing, dêr’t in ‘stim’ yn
oan it wurd is, binne ‘modernistysk’: dus
út de tiid. De keunstner wurdt
útskeakele; hy kin gjin ferantwurdlikheid nimme
of op it matsje roppen wurde. It skeppen fan in tekst
is in proses dêr’t de dichter gjin
kontrôle oer hat en ek net hawwe wól.
De wrâld sels hat in fiksjoneel karakter:
de oarder fan de dingen dy’t oan ús as
‘werklik’ ferskine, is skyn en stiet op in
falsk fûnemint. De werklikheid kin net troch in
tekst ‘respresintearre’ wurde. Oan de iene
kant is de keunstner net langer de alwittende skepper
fan syn keunstwurk, oan de oare kant is er de
ûndersiker fan dizze nije sitewaasje. Dirk van
Bastelaere yn Wwwhhoosshh, syn bondel essays oer
poëzij út 2001: ‘Er worden geen
nieuwe vormen gezocht om het publiek te plezieren, maar
om beter aan te geven dat het onrepresenteerbare
bestaat.’11
Populêr is it wurd ‘laboratoarium’,
ek by Joosten en Vaessens. Gedichten bringe gjin
betsjutting oer, mar binne laboratoria foar
ûndersyk nei hoe’t betsjutting ta
stân komt.
Ilja Pfeijffer en Piet Gerbrandy
Sa’n strang-teoretyske beneiering smakket net
elke leafhawwer fan poëzij. Driget it
ûnderskied tusken literatuerwittenskip en
poëzij net te ferdizenjen? Soe de poëzij wol
sa wiis wêze mei it tl-ljocht fan de taalteory?
Opfallend ek, dat de dichter as auteur út syn
wurk weitocht wurdt, wylst syn kritisi sels sa
probleemleas yn harren boek oanwêzich binne.
Foar’t ik in stikmannich fragminten út de
analytyske en pragmatyske Amearikaanske filosofy jou,
is it faaks aardich om te sjen dat guon
poëzijkenners in útsprutsen, hoewol net
dalik teoretysk ferwurde argewaasje hawwe.
Engaazjemint mei de skriuwer klinkt
dúdlik troch yn besprekken en essays fan
Volkskrant-resinsint Piet Gebrandy en NRC
Handelsblad-resinsint Ilja Leonard Pfeijffer. Beide
hechtsje wearde oan ‘persoanlikheid’ yn
gedichten. Oer de neilitten fersen fan Hans Faverey
skriuwt Pfeijffer yn syn essaybondel Het geheim van
het vermoorde geneuzel bygelyks: ‘Maar het is
precies dit streven naar onpersoonlijkheid, deze
neiging tot abstracte objectiviteit, die aan veel
gedichten van Faverey de doodsteek geeft. Na drie
gedichten ga je snakken naar mens.’12 Yn de barokke poëzij
dy’t Pfeijffer propagearret, kin in
‘stimme’ net mist wurde, ‘want wie
zich het zeggen ontzegt zal niet zingen’.13
Piet Gerbrandy fynt dat ‘briljante
invallen’ en ‘ongrijpbare emotionaliteit
die de lezer als een vuistslag treft’14 har net manipuleare litte: it
binne geskinken oan de dichter. Yn syn essaybondel
Een steeneik op de rotsen leit er in analogy mei
de muzyk fan John Coltrane, dy’t ‘zich met
hart en ziel aan zijn queeste heeft gewijd’ en
waans muzyk net makke of betocht is, mar fuortkomt
‘uit het diepst van zijn ziel’.15 Autentiker kin net.
Postmodernisme betsjut ‘ik weet niet wie ik ben,
ik geloof zelf niet wat ik zeg, en ik weet al helemaal
niet of dat erg is,’ gekjeit Gerbrandy op in oar
plak.16 Sa’n
hâlding is neat foar him: ‘in goede
poëzie gaat het nooit om vrijblijvende spelletjes,
maar altijd om herkenbare stemmen die iets zeggen wat
we willen horen, hoe raar, hard of onzinnig het ook
klinkt.’17
Muoite hat Gerbrandy ek mei it learstik dat
taal net ferwiist nei in ‘werklikheid’, mar
allinnich nei himsels. Poëzij dy’t it
allinnich oer poëzij hat, wurdt ‘bijna
onvermijdelijk bloedeloze ironie’.18 Minsken hawwe ôfpraat dat
beskate klanken in beskate betsjutting hawwe en dat dat
de basis is foar de referinsjele funksje fan
poëzij. Ek al soenen guon dichters en
literatuerwittenskippers it graach oars hawwe:
‘zodra iemand besluit bestaande woorden te
gebruiken, zal de toehoorden of lezer ervan uitgaan dat
die iets betekenen.’19
Avant-garde
Tiid is it en kreakje wat bonkjes yn it wurk fan
Joosten en Vaessens. As earste har brûken fan it
begryp ‘avant-garde’. Dêr sette sy de
neffens har liedende rol fan it postmoderne tinken oer
poëzij krêft mei by. Mar wa’t
avant-garde seit (letterlik: foarhoede), seit
foarútgong, en utopyske lineariteit past
én as Ferljochtingsideaal én as romantysk
‘Sturm-und-Drang’ idee útsoarte net
geweldich by it yllúzjeleaze postmodernisme.
Doe’t Vaessens ferline jier troch de lêzers
fan redakteur Chrétien Breukers syn weblog De
Windroos op dy ynkonsekwinsje wiisd waard, draaide er
by: ‘Mijn stukje [yn it FD – Adv] probeert
nu juist te laten zien waarom het in het huidige
poëziebestel moeilijk is om van avant-gardes te
spreken’.20 Mar
dan is Postmoderne poëzie mei
weromwurkjende krêft net sa’n transparante
stúdzje mear. It stiet ommers op de earste side
fan it foaropwurd: ‘Dit boek gaat over de
avant-garde van vandaag.’21
Twad: hat de postmoderne poëzij him net al
lang woartele yn de poëtyske ynfrastruktuer fan
blêden, kritisi en wittenskippers, en moat dy
avant-garde, as dy der wie, yntusken net earder as in
arrivearre yncrowd as as in kontroversjele foarhoede
beskreaun wurde? Ferlykje Yves T’Sjoen syn
ferline jier ferskynde boek Stem en
tegenstemmen: ‘Nee, wat we de postmoderne
poëzie noemen is ingeburgerd geraakt, behoort
vandaag tot de main stream van het literaire
landschap. Academici, literaire critici, essayisten en
dichters, redacteuren van de belangrijkste literaire
periodieken, poëziefondsredacteuren van
uitgeverijen zijn de afgelopen jaren doordrongen
geraakt van een postmoderne literatuurvisie, en wat als
“traditioneel” wordt omschreven is in de
begrenzing van hun perspectief hopeloos
verouderd.’22
Sokke opmerkingen reitsje lykwols net de kearn
fan wat neffens my diskutabel is oan
Postmoderne poëzie. Dy kearn is dat de
auteurs de dynamyk fan de filosofyske diskusje
sa’n bytsje by har skôgings belûke,
en sa de yndruk wekke as binne dekonstruksje en
postmodernisme it iennichste perspektyf foar
poëzij. Dat is fan dy gefolgen dat der in
poëtika ferkocht wurdt as by de tiid, op basis fan
filosofysk tinken fan krij ’m beet tritich,
fjirtich jier lyn. De auteurs kinne har ferwarre en
sizze dat de dichters dy’t se behannelje har ek
net dwaande hâlde mei de filosofyske krityk op it
postmodernisme. Mar foldocht dat?
Lêzers fan Joosten en Vaessens fernimme
neat oer de fan ferskate kanten proklamearre ‘ein
fan it postmodernisme’. Joosten en Vaessens
besykje it net en gean nei wat dat foar de poëzij
betsjutte soe. Yn de epilooch notearje sy it sizzen fan
de jonge Flaamske dichter Miguel Declerq, dat er wat
oars wol as ‘zomaar voortborduren op wat de
postmoderne generatie voor ons zoal gedaan heeft
– ik ben die mensen intussen grondig
beu’.23 Dat
jout har de opmerking yn dat ‘het misschien
verleidelijk [is] aan een uitspraak als deze de
conclusie te verbinden dat “het
postmodernisme” alweer geschiedenis is’.
Mar op dy kwestje geane sy dan wer net yn. Ynienen fine
sy it net sa wichtich mear oft der faaks ‘een
nieuwe garde’ nei foarren komme sil.24
Werklikheid
Op dizze wize wurdt oereide dat it Frânske
postmodernisme fan begjin ôf in wolriswier
modieus, mar tige kontroversjeel filosofysk
ûndernimmen wie, dat konstant ûnder fjoer
lein hat, benammen út de Angelsaksyske hoeke
wei. Ik sil yn ’t koart in idee jaan fan in lyts
tal filosofyske posysjes dêr’t de auteurs
oan foarby geane.
Krityk op it postmodernisme soe men oantsjutte
kinne mei de stekwurden werklikheid, wierheid,
ôfbraak, feroaring en etyk. It sintrale learstik
fan it postmodernistyske filosofyske tinken is de
stelling dat taal gjin referinsjele funksje hat yn
relaasje ta de realiteit. Taal ferwiist net nei in
werklikheid, mar allinnich nei oare taal. It ynsjoch
fan Wittgenstein, dat wy gjin tagong hawwe ta de
werklikheid bûten ús sintugen en
bûten de wize dêr’t wy der oer prate,
dus bûten de taal, wurdt radikalisearre yn it
ferneamde sizzen fan Derrida, ‘Il n’ya
pas de hors-texte’, ‘der is neat
bûten de tekst.’25 Carel Peeters fettet de
praktyske konsekwinsje derfan gear mei it sizzen dat
‘de waarheid nergens te vinden is, zodat er ook
niet meer naar gezocht hoeft te worden’.26
Ut dizze rigide skieding tusken taal en
werklikheid komme in protte skaaimerken fan de
postmodernistyske literatueropfetting fuort, lykas dat
in tekst gjin kommunikative pretinsjes hawwe kin, dat
in tekst gjin stabile ynhâld hat en gjin
bliuwende essinsje, en dat de skriuwer der eins net ta
docht. Der is gjin ankerpunt mear dêr’t in
tekst mei yn ’e werklikheid woartelet: gjin
Archymedysk punt yn it algeduerich útdijend
labyrint fan ferbiningen mei en ferwizingen nei oare
teksten.
Benammen tinkers út Amearika krigen it
oan de stok mei dit ekstreme dualisme, en hawwe besocht
oan te toanen dat de basis derfan net doocht of, mear
pragmatysk besjoen, net foldocht. It fierst giet John
Searle, in ‘metafysysk realist’ dy’t
de noasje fan in te kennen objektive werklikheid
– en dus wierheid – oerein hâldt.
Minsken steane troch sintúchlike waarnimming yn
kontakt mei in objektive werklikheid en hawwe taal
útfûn om oer dy werklikheid te praten,
seit Searl:
(..) what kind of access do
we have to the real world? Then we get into perception
and language. We normally encounter the world
through perception and we describe it in language. But
again we can’t make sense of our perception or
language without the assumption of access to the real
world. And once you’ve got this kind of access,
the possibility of an objective truth is presented
immediately. If words refer and perceptions are
for perceiving, then there must be real objects in a
real world that we can have knowledge of. Anyway,
you can’t make sense of your life or your
relationships with other people without the assumption
of objective truth.’27
Sa’t de Frânske fenomenolooch Paul
Ricoeur it seit: ‘Het werkelijke is dat wat door
meerdere mensen tegelijkertijd van allerlei kanten en
op allerlei tijdstippen wordt waargenomen. Het is dat
wat we gemeenschappelijk zien, waar we samen over
praten.’28
In hoedener en mear nuânsearre posysje
nimt Hilary Putnam yn, troch fakgenoaten sjoen as de
liedende filosoof fan it moderne Amearikaanske
pragmatisme. Yn debatten mei Richard Rorty, pragmatist
én postmodernist, hâlde Putnam steande dat
wy wolriswier net útgean kinne fan in absolute
korrespondinsje tusken talige ekspresje en wat der yn
de net-talige wrâld bestiet dêr’t dy
talige ekspresje oer giet, mar dat der likegoed
ideeën fan wierheid en rasjonaliteit noadich
binne, dy’t de grinzen fan ús eigen
kulturele of histoaryske kontekst oerstige. Putnam
stimt yn dat wy gjin tagong hawwe ta de
‘pure’ werklikheid, mar:
(..) it doesn’t follow
that language and thought do not describe something
outside themselves, even if that something can only be
described by describing it (that is by employing
language and thought); and (..) the belief that they do
plays an essential role within language and thought
themselves and, more importantly, within our
lives.29
Foar syn tsjinstanner, Richard Rorty, is it net
nijsgjirrich oft der wol in realiteit bûten de
taal bestiet: werklikheid is wat wy ôfprate dat
werklikheid is. Lykwols twingt de klam op dat
‘ôfpraten’ him om yn syn tinken
kultuer-oerstiigjende ambysjes farre te litten, neffens
in protte fan syn kritisi. Rorty moat sterk leune op
intra-kulturele ‘konsensus’ oer kwestjes as
werklikheid, wierheid en moraal. De bekende krityk is
dan ek dat syn tinken allinnich brûkber is foar
de blanke, rike wasps fan de Amearikaanske
eastkust. Konsensus wurket faaks wol yn sosjale
struktueren mei in sterke, eigen identiteit, lykas de
tradysjoneel-blank-Amearikaanske, mar yn it
hjoeddeistige Europa fan de etnisiteiten falt it lang
net altyd ta om oerienstimming te berikken. Yn de
wurden fan Donald Davidson:
Als filosoof stel ik me de
vraag hoe we dit concept [fan wierheid – AdV]
kunnen verbinden met taal, overtuigingen, wensen,
kortom: met datgene wat men meestal ‘het
mentale’ noemt. Om een coherent beeld te
ontwerpen van de onderlinge relatie tussen die
concepten, blijkt dat we moeten aanvaarden dat onze
overtuigingen waar zijn of dat verlangens vervulbaar
zijn.30
Grutte ferhalen
It ‘il n’ya pas de
horse-texte’ fan Derrida is dus net
sûnder wjerwurd bleaun. Werklikheid en wierheid
blike yn sa’n promininte
ûnderôfdieling fan de filosofy as it
Amerikaanske pragmatisme goed tsjinje te kinnen as
rjochtsnoeren by it brûken fan taal. Allinnich:
by Joosten en Vaessens lêze wy der neat oer.
Oare punten fan krityk rin ik hjir wat hurder
bylâns. Noch in held yn Postmoderne
poëzie is Lyotard, de filosoof fan it ein fan
de ‘grutte ferhalen’. Dêrmei wurdt it
ein fan de omfiemjende wittenskiplike, maatskiplike en
etyske teorieën oantsjut. De ûndergong fan
it marksisme is in faak neamd foarbyld. Altyd komt
úteinlik de Ferljochting yn ’e kiif te
stean: it grutte projekt fan de minske dy’t it
sawol yndividueel as yn kollektive ferbannen besiket en
realisearje syn frijheid fia de rede en de ratio. It
betrouwen yn de rede is ferdwûn nei 1945, wol it
klisjee, mar it ferlet fan antwurden is bleaun. As de
Britske kultuerkritikus Terry Eagleton it tiidrek fan
it postmodernisme foarby ferklearret, docht er dat
om’t dy kultuerteory net kaam mei nije ferhalen
oer moraliteit, metafysika, leafde, religy,
revolúsje, dea en lijen.31 Mei in teory dy’t sirkelet
om dekonstruksje hinne, falt it ek net ta om positivere
antwurden te formulearjen. Joosten en Vaessens litte
helder en sekuer sjen wat dat betsjut foar de
poëzij: ôfbraak fan de ideeën fan
koherinsje, moraal, identiteit, oarspronklikens,
yntuïsje, folsleinens en autonomy. Mannich
postmodern fers rjochtet him op in didaktyske
demonstraasje fan dy ôfbraak.
Feroaring: it postmodernistysk program
fine Joosten en Vaessens ‘subversyf’. In
Ferljochtingsfilosoof as Jürgen Habermas tinkt
dêr oars oer. Hy beskriuwt de Frânske
postmoderne tinkers as neo-konservativen. Wenstige
lêsstrategyen meie ûndergroeven wurde troch
postmodernistyske teksten, mar bygelyks op it nivo fan
de polityk slacht mei it postmodernisme mar al te faak
ek it konservatisme foar master op. Foar maatskiplike
feroaring is ommers net folle plak as de realiteit in
yllúzje is, oardielen relatyf binne en it
‘subjekt’ der net mear sa ta docht.
Dy krityk fan Habermas klinkt troch yn
beskriuwingen fan de postmoderne tinkers as
teloarstelde eks-linkse nihilisten. Foucault wie koarte
tiid marksist, Rorty komt út in trotzkistyske
famylje, om twa foarbylden te neamen út in
generaasje yntellektuelen dy’t net mear leauwe
koe yn de súksessen fan it reëel besteande
sosjalisme. Oer Foucault skreau The New
Statesman ferline jier:
He represents a generation
of leftists who, despairing at the failure and the
horrors of the socialist experiments in the postwar
era, have sought intellectual solace in apathetic
relativism. These postmodern pessimists reject the
notion of human rights and progress. They mock the
pursuit of reason as a chimera and blame the
Enlightenment for everything from colonialism and
environmental degradation to Hiroshima and Auschwitz.
They owe a debt to Nietzschean anti-humanism, Freudian
psychology and Saussurean linguistics, but theirs is
also a political reaction.32
Etyk: tabûïsearring fan morele,
stelling nimmende útspraken is it resultaat as
men gjin wearden takkenne kin of mei oan tastannen en
perspektiven yn en foar de wrâld. Mar de Ier
Richard Kearney, ynspirearre troch Levinas, hâldt
fêst oan de ‘oar’ dy’t jin op
in etyske respons ferget: de ‘call of the other
to be heard, and to be respected for his/her otherness,
is irreducible to the parodic play of empty
imitations’. Kearney wiist op ‘the ethical
reality of the human right to exist as an other, the
right to be recognized as a particular [subject]
whose very otherness refuses to be reduced to an empty
mimicry of sameness’.33
De postmoderne dichter, neffens Joosten en
Vaessens, kin wat syn morele kompas oanbelanget net
mear weromfalle op ‘collectief gedeelde
betekenisgevende structuren’.34 Neffens Hilary Putnam is
it ek sûnder de oanname fan alles omfetsjende
etyske teoryen mooglik en ferdigenje dat morele
standaarden grûndearre wurde kinne yn de
filosofy. Yn in fraachpetear mei Poalske studinten
joech er fjouwer prinsipes dy’t foar him op dit
stik fan saken wichtich binne:
First, the great Levinasian
principle that one should never turn one’s back
on the suffering of the other. Secondly, the Kantian
insight, that compassion has to be universalized.
Third, the Aristotelian insight that we must reflect
seriously on what constitutes a fulfilling human life
(..). And fourth, the Deweyan insight that ethics deals
with practical problems, not with exceptionless
‘principles’.35
Putnam jout dan ta dat dizze prinsipes mei-inoar yn
konflikt komme kinne, mar as de pragmatysk pluralist
dy’t er is, fynt er it net noadich en meitsje in
kar foar ien prinsipe en sko de oare oan kant:
It is as if they wanted to
see ethics as a noble statue standing at the top of a
single pillar. My image is rather different. My image
would be of a table with many legs. We all know that a
table with many legs wobbles when the floor on which it
stands is not even, but such a table is very hard to
turn over, and that is how I see ethics: as a table
with many legs, which wobbles a lot, but is very hard
to turn over.36
Plak en persoan
De measte kanttekeningen dy’t ik hjir jûn
ha, rjochtsje har tsjin it fuortredenearjen fan de
minske, cq. de keunstner, cq. de dichter, cq. de
‘stimme’ út de poëzij. Tusken
abstrakte, harsels yn ’e sturt bitende teksten
wurdt de kreativiteit fan de minske weisuvere. Yn syn
ekstremere foarmen is der dan gjin romte foar de
mooglikheid dat minsken it ‘taalspul’
(Wittgenstein) of de ‘konsensus’ (Rorty)
kreatyf trochbrekke bywannear’t de rigels net
mear foldogge, it spul op ’e non útrint of
de konsensus ûnder druk komt te stean. Literatuer
wurdt dan in leech boartsjen mei foarmen. De
ûntregelingsstrategyen fan it postmoderne
taalspul binne wilens wol bekend; de
‘demonstruksjes’ rinne it gefaar om like
ferfeelsum út te pakken as de ‘naïve
poëzij’ dy’t postmodernisten
graach fan de hân wize.
De postmoderne poëzij, skriuwe Joosten en
Vaessens, ‘problematiseert het idee van een in
het gedicht klinkende stem’37; dat ‘poëtyske
problematisearjen’ besykje sy filosofysk
respektabel te meitsjen troch te ferwizen nei
‘the death of man’ fan Claude
Lévi-Strauss en ‘the death of the
author’ fan Roland Barthes. En ek Michel
Foucault, ‘the death of the subject’, hie
neamd wurde kinnen. Wat opfalt is dat Joosten en
Vaessens sels nét problematiseare. Langer as twa
tellen steane se net stil by de teoretyske
achtergrûn fan de poëzij dy’t sy
bewûnderje; as der yn Postmoderne
poëzie in namme falt, is it mar al te faak
krekt dat: name dropping.
In behanneling fan wat Foucault oer it subjekt
sein hat, hie bygelyks in wichtige ferskowing yn syn
wurk bleatlizze kinnen. Yn syn essay ‘What is an
author?’ út 1969 is it subjekt al net mear
dea: dêr is sels praat fan auteurs dy’t har
eigen tiid djipgeand beynfloedzje. Tink oan Freud.
Letter yn syn wurk, yn ’e jierren santich, kriget
it subjekt (‘it sels’) fan Foucault in
identiteit mei, in bewustwêzen en self-kennis, om
it by steat te stellen en meitsje fan it eigen libben
in keunstwurk.
‘Ynhâld’ – identiteit
en boadskip – lit him net samar
wei-tekstualiseare. De weromkear fan it subjekt en de
weromkear fan de ferhalen dy’t it subjekt
fertelt, geane lyk op. Grutte ferhalen –
frijheid, demokrasy, wittenskip, minskerjochten,
selsbestjoer – binne ek nei Lyotard
ynspirearjende begripen yn grutte parten fan de
wrâld, ûnôfhinklik fan ’e
fraach oft wy it mei dy ferhalen iens binne of net, en
oft wy it iens binne mei de manier wêrop’t
dy idealen neistribbe wurde. Sokke ferhalen binne
utopyen, dy’t in winsklike tastân yn
’e wrâld beskriuwe. Se wurde ferteld troch
fertellers dy’t it net útmakket oft it
‘ik’ in problematysk konsept is, sa’t
it postmodernisme úthâldt.
Yn it ferlingde dêrfan – of eins yn
in earder stadium – lizze de ‘lytse
ferhalen’. It giet dan om it sykjen fan wat de de
Amearikaanske keunstfilosoof Hal Foster neamt
‘the real of identity, of community, of
site-specificity’. Sokke ‘new and ignored
subjectivities’ binne allesbehalve ferneatige
troch de postmoderne oanfal op it universele subjekt,
dat miende foar it hele minskdom te praten.38
Korreksjes op in poëtika
Hokfoar ymplikaasjes foar in postmoderne poëtika
as fan Joosten en Vaessens tsjinje har oan?
Sûnder op in weromkear nei eartiidske foarmen fan
metafysika en ‘ienheid’ oan te stean, en
sûnder op te stomen nei nije teoretyske
fer- en geboaden, is it ferliedlik en sis dat de
grûntoan fan it filosofyske discours sûnt
de jierren sechstich feroare is. It oerhearskjende
negative (lit ús dat it eksperimint fan de
ôfbraak neame) hat plak ynromje moatten foar it
positive (it eksperimint fan de opbou). Nei de delgong
fan it modernisme en de mooglike einfase dêrfan,
de krisis fan it postmodernisme, kinne begripen as
werklikheid, wierheid, identiteit, moraal en
maatskiplike feroaring op ’e nij in plak fine yn
’e filosofy – en dus ek yn ’e
poëzijteory.
In ferskil mei de heechtijdagen fan it
modernisme soe dan mooglik it ûntbrekken
wêze kinne fan de dream dat it folsleine yn
prinsipe berikber is. Foar safolle domdryste
blierhertigens is gjin plak mear. De hjir boppe neamde
begripen binne imaginêre havens, dy’t noait
berikt mar wol hieltyd socht wurde kinne.
‘Sykje’ liket my it kaaiwurd. Yn dat
positive, frije sykjen nei tydlike en pleatslike
lykwichten tusken de beheining en de ambysje fan taal
ûntstiet poëzij. Sa’n pragmatyske
oanpak is in ferskil mei de negative dekonstruksje,
dy’t him yn syn poëtyske ferskiningsfoarm
faak opstelt as de tsjinstfaam fan in didaktysk program
mei fêste marsrûtes.
It loslitten fan dat nederlagenprogram betsjut
in liberalisearring yn ’e poëzij en de
poëzijkrityk: in praktisearjen fan wat Jabik
Veenbaas yn syn essaybondel De lêzer is in
duvel in ‘brede, tolerante
poëtika’ neamt.39 Utspraken as fan Vaessens
ferline jier yn Folia, dat postmoderne
poëzij ‘[laat zien] dat we over bepaalde
dingen niet meer nadenken’, ferskine yn dat
ljocht as repressyf.40
Ekstreme globalisearring ropt spanningen op,
dy’t by alle lykskeakeling nei yndividualiteit en
autentisiteit sykje litte, yn in wrâld dy’t
dêrby algeduerich yn it paad stiet. Dat wiist
hinne nei de mooglikheid fan in mear regissearjende en
tagelyk eksposearre rol foar it ‘subjekt’,
yn ús gefal de dichter. Dy moast fan it
postmodernisme syn besteansrjocht as skeppend yndividu
ynleverje en kin sa njonkelytsen syn fyts werom easkje.
Wat Joosten en Vaessens ‘de aanval op het
humanistisch subjekt’ neame, is dêrom just
no in handikap fan it postmodernisme.
Korrespondearjend dêrmei liket de ferballing fan
de skriuwer út syn teksten noch teoretysk noch
pragmatysk in twingende ûntjouwing. It is in
iepen doar dat fersen net altyd in skriuwersyntinsje
wjerspegelje, en dat lêzers bytiden oare
betsjuttingen yn in tekst sjogge as dy’t de
skriuwer der yn lein hat. Likegoed bliuwt in fers it
einprodukt fan in dichter, in persoanlikheid: in noch
net te bedjipjen, unyk neurologysk proses, dat
fingerseinen nei toetsen stjoert, en dat op in stuit it
sinjaal jout dat it fers yn in beskaat
ûntjouwingsstadium bewarre, publisearre of
weismiten wurde moat. Pfeijffer en Gerbrandy kinne har
yn ’e hannen knipe. De skriuwer is noch net
ôfskreaun.
Foar de wissichheid: mei in nije
‘foarm-of-fint’ striid hat dizze romte foar
de weromkear fan de skriuwer neat te krijen. De
diskusje stie yn de jierren tritich yn in folslein oare
kontekst as de hjoeddeistige, dy’t fuortkomt
út ûnfrede oer it ferskil tusken it
postmodernistysk program en de aksinten dy’t in
ferskowend wrâldbyld yn de poëzij oanbringt.
De nije poëzij is, lykas alle grutte poëzij,
omfiemjend yn stee fan útslutend, dat wol sizze,
is idealiter ‘foarm-én-fint’. It
wienen júst postmoderne teoretisi dy’t, yn
it spoar fan de âlde diskusje, keazen fóar
it iene en tsjín it oare, en harren sa as
radikalisearre opfolgers oanwize lieten fan de
foarm-partij út it interbellum.
In oare ymplikaasje is de mooglike nije romte
foar it soart poëzij dat him ek as maatskiplik
kommentaar en maatskippijkrityk begripe litte wol.
Hardcore postmodernisme hat per definysje muoite mei
sokke poëzij, om’t wantrouwen tsjin
werklikheidsbeskriuwingen en positive morele aksje
ynherint is oan it postmoderne wrâldbyld.
Dêrom koe Gerbrandy yn in resinsje fan In de
waterwingebieden fan H.H. ter Balkt skriuwe:
‘En de poëzie, eens het bevoorrecht medium
van orakelpriesters, boetepredikers en visionaire
revolutionairen, is tandeloos geworden. De gezapigheid
(..) heeft gezegevierd. Bestaat ze nog, de poëzie
die de wereld wil veranderen?’41
Al te lyts lân
‘The good side of analytical philosophy is its
consistent criticism of postmodernism,’ neffens
Hilary Putnam.42 It
trochsnijen fan de bân tusken taal en werklikheid
troch it postmoderne tinken neamt Putnam in
‘dangerous aspect’. Dêr soe
ferachting út bliken dwaan foar it humanistysk
ideaal fan wierheid en foar it needsaaklikerwiis
behyplike, mar natuerlike besykjen fan de minske om ta
wiere útspraken oer himsels en de wrâld te
kommen. Yn dat ferbân kin ek it hjoeddeiske
humanisme-debat yn Frankryk tusken filosofen as
André Comte-Sponville, Luc Ferry en Tzvetan
Todorov neamd wurde. Foar dat debat wurdt omtinken
frege op 8 febrewaris mei in Felix & Sofie-diskusje
yn De Twentsche Club yn Amsterdam.
It is yn dy humanistyske geast dat de
postmoderne poëtika dy’t Joosten en Vaessens
oanhingje, kritysk ûnderfrege wurde moat,
bygelyks oer syn eksklusive pretinsje fan filosofysk
‘by de tiid te wêzen’. Ik ha besocht
sjen te litten dat dy pretinsje net stipe wurdt troch
it aktuele filosofyske debat of de world out
there, dy’t ommers sels de postmoderniteit
ter diskusje stelt. Yn dat ljocht binne de
‘ferballing’ fan de skriuwer en it ta
swijen bringen fan syn ‘stim’ eksimplarysk
foar de krisis dêr’t it postmodernisme as
modernistyske krisisfilosofy yn telâne kommen
is.
Ta beslút noch wat oer de ewige
Widerkehr fan de diskusje oer poadium en
poëzij. It wurdt hast fêste prik: ien kear
yn de safolle tiid skriuwt der werris in
‘serieuze’ literator in leechlizzend
artikel oer poadiumpoëzij. Ferline jier die
Vaessens wat stof opwaaien mei syn krityk yn in stikje
yn it FD43, dat oars net
folle nijs befette nei Ilja Pfeijffer syn essay
‘De mythe van de verstaanbaarheid’ fan fiif
jier lyn.44 Noch hieltyd is
it debat net fierder as it stik fan de
‘fersteanberens’ en de
‘tagonklikens’ fan in protte
poadiumpoëzij: eigenskippen dy’t neffens
Vaessens (en Pfeijffer) de superioriteit fan de
‘kodearre’, ‘drege’ dichtkeunst
bewize.
Dat oardiel is troch in protte rap
oanbrânde dichters fan de hân wiisd,
spitigernôch yn bytiden wat ropperige
reaksjes.45 Wat mear
selsbetrouwen fan de kant fan de poadiumtigers hie men
sa njonkelytsen ferwachte. It seit ommers himsels dat
ek in tagonklik fers literêre kwaliteiten hawwe
kin, bygelyks wat ferstechnyk, muzikaliteit of
orizjinaliteit fan gedachte oanbelanget, noch
ôfsjoen fan oare poëtyske effekten
dy’t it poadium mooglik makket. Vaessens hifket
it wurk fan in fleantúchmotormonteur op basis
fan Johan Cruyff syn ideeën oer oanfallend
fuotbal.
Al te lyts wurdt it lân fan de
poëzij dêr’t beskate koades de moade
dikteare. Poadiumdichters kinne har posysje ferstevigje
troch omtinken te jaan oan alternativen foar it
postmodernisme. By de earder neamde
‘postmodernisme-light’ dichters is it de
fraach oft harren teksten sa goed passe yn it sketste
byld fan wat postmoderne poëzij is.46 Nim it sizzen dat yn sokke
poëzij gjin ‘stimme’ klinkt. In pear
rigels út Tsead Bruinja syn nijste bondel
Batterij, út it fers ‘De hof van de
abdij’47:
je kwam
bij me alsof we hijgend van een potje rennen voor de
deur
met een smeltend ijsje in onze handen
drie hoog buiten klonk het klapperen van
duivenvleugels
in de dakgoot het knetteren
mijn moed ik huurde een leger en beloofde opslag
voordat ze sneuvelden huwde ik hun vrouwen al uit
beet ik zachtjes in haar
wang
De poëzijskôgings fan Joosten en Vaessens
tsjûgje fan in skerp each foar dichtwurk dat har
foarkar hat. Mar postmoderne poëzij hat
problematyske kanten, dy’t it gefolch binne fan
diskutabele filosofyske posysjes en pretinsjes. Yndie:
Slick Willy hie ‘sexual relations with that
woman’. The Gulf War did take place.
Derrida waard ta de foarfaars samle op 8 oktober 2004.
*
1
Josef Joffe, ‘The first postmodern
president’, Time (7 oktober 1996).
2
Carel Peeters, Postmodern. Een polemisch
essay (De Harmonie, Amsterdam 1987) 15.
3
Jean Baudrillard, ‘La guerre du glofe
n’a pas eu lieu’,
Libération (29 maart 1991).
4
Thomas Vaessens en Jos Joosten, Postmoderne
poëzie in Nederland en Vlaanderen
(Vantilt, Nijmegen 2003).
5
Vaessens en Joosten (2003) 9.
6
Jos Joosten, ‘De dichter als
Controleur?’ Openingstoespraak expositie
Alles onder controle, Valkhofmuseum (30 novimber
2001).
7
Thomas Vaessens, ‘Poëzie treedt buiten
het boekje’, Het Financieel Dagblad
(17 april 2004). Vaessens is behalve dosint oan de
Universiteit fan Amsterdam ek poëzijresinsint
fan it FD.
8
Vaessens, ‘Ontijdig panorama’, 163.
9
Ut: Arjen Duinker, Rode oever (Meulenhoff,
Amsterdam 1988).
10 Jos Joosten en Thomas Vaessens,
‘Postmodernisme in de Nederlandse en Vlaamse
poëzie. Een verkenning’, Nederlandse
letterkunde 7-1 (2002).
11 Dirk van Bastelaere, Wwwhhoosshhh.
Over poëzie en haar wereldse inbedding
(Vantilt, Nijmegen 2001) 204.
12 Ilja Leonard Pfeijffer, Het geheim van
het vermoorde geneuzel. Een poëtica (De
Arbeiderspers, Amsterdam 2003) 203.
14 Piet Gerbrandy, Een steeneik op de
rotsen. Over poëzie en retorica
(Meulenhoff, Amsterdam 2003) 21.
16 Piet Gerbrandy, ‘Klare taal om in
te bijten’, de Volkskrant (20 july
2001).
18 Piet Gerbrandy, ‘Het subject in de
spiegel’, de Volkskrant (15 augustus
1997).
19 Piet Gerbrandy, ‘Fuck
Nijntje’, de Volkskrant (1 maart
2002).
20 Weblog De Windroos:
http://dewindroos.web-log.nl, 27 desimber 2004.
21 Vaessens en Joosten (2003) 7.
22 Yves T’Sjoen, Stem en tegenstem.
Over poëzie en poëtica (Atlas,
Amsterdam/Antwerpen 2004) 12.
23 Sitaat yn: Pieter van Os, ‘Tien
schrijvers voor een nieuw decennium’, De
Groene Amsterdammer 1-2 (2003).
24 Vaessens en Joosten (2003) 247.
25 Jacques Derrida, Of grammatology
(John Hopkins University Press, Baltimore 1976)
58.
27 John Searle, ‘On
postmodernism’, Free Inquiry (Fall
1998) 38.
28 Sitearre yn: Erno Eskens, ‘Je ziet
de straat, je denkt de stad’, Filosofie
Magazine 1998-6.
29 Hilary Putnam, Words and life
(Harvard University Press, Cambridge, Mass. 1994)
297.
30 Sitearre yn: Filip Buekens, ‘De
onherleidbaarheid van de geest’, Filosofie
Magazine 2-1993.
31 Terry Eagleton, After theory
(Allen Lane, London 2003).
32 Patrick West, ‘The philosopher as
dangerous liar’, The New Statesman (28
juny 2004).
33 Richard Kearney, ‘Ethics and the
postmodern imagination’, Thought
62-244 (1987) 42-43.
34 Vaessens en Joosten (2003) 60: ‘De
postmoderne dichter wil erop wijzen dat aan alles
verborgen en/of onbewuste normen ten grondslag
liggen [op ’e nij in foarbyld fan de
didaktyske ambysjes fan postmoderne poëzij
– AdV]. Maar het feit dat hij maatstaven
ziet, impliceert nog niet dat hij ze ook wenst of
zelfs ontwerpt. Ook hij schrijft geen moraal voor,
maar hij wijst zichzelf en zijn lezer erop dat, nu
er geen collectief gedeelde betekenisgevende
structuren meer zijn, ieder individu een grote
eigen morele verantwoordelijkheid heeft.’
37 Joosten en Vaessens (2003) 41.
38 Hal Foster, ‘Whatever happened to
postmodernism?’, The return of the
real (MIT Press, Cambridge, Mass. 1996)
212.
39 Jabik Veenbaas, De lêzer is in
duvel (Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert 2003) 9:
‘Ik pleitsje tsjin in dogmatyske
literatuerfisy en meitsje my sterk foar in brede,
tolerante poëtika. Foar in poëtika
dy’t binnen it proaza net allinnich romte
biedt foar it foarm-eksperimint, mar ek foar it
realisme en de psychology.’
40 Sitearre yn: Wieke Bonner,
‘Poëzie is net zo smerig als de
wereld’, Folia 57-38 (11 juny
2004).
41 Piet Gerbrandy, ‘Poëzie die de
wereld wil veranderen’, de Volkskrant
(25 augustus 2000).
43 Vaessens, ‘Poëzie treedt
buiten het boekje’.
44 Ilja Leonard Pfeijffer, ‘De mythe
van de verstaanbaarheid’, Bzzlletin
274 (oktober 2000), letter opnommen yn Het
geheim van het vermoorde geneuzel.
46 Ferlykje Ilja Leonard Pfeijffer,
‘Het balkon. manifest ten faveure van de
glorieuze Vlaamse poëzie’, De
Standaard (29 apri 2004): ‘Terwijl in
Nederland de podia worden beheerst door
publiekstrekkers als Ruben van Gogh, Ingmar Heytze,
Hagar Peeters, Erik Jan Harmens en Tsead Bruinja,
daar zitten de jonge Vlaamse dichters als puistige
pubers in zelfgebreide spencertjes zich trillend te
schamen voor hun natte dromen over Derrida
(..).’
47 Tsead Bruinja, Batterij (Contact,
Amsterdam 2004) 43.
|