 |
Abe de Vries
OP IT SNIJPUNT FAN HUNKER EN HUVER
It hertlân fan Eppie Dam
Ofhâldich is it dichtwurk fan Eppie Dam (1953)
yn it ferline wolris neamd, bygelyks troch Teake
Oppewal yn de ynlieding by de Spiegel. Frjemd is
it net, dat in dichter mei sa’n roppige,
swalkjende ferbylding en sa’n grut technysk en
taalkundich kinnen as Dam op tûzen-en-ien wizen
seit wat er sizze wol. Hy skriuwt net allinnich lyryk
mar ek sportfersen, fersen foar bern, fersen by
skilderijen, fersen yn opdracht, geastlike lieten en
liturgyen. Syn palet rint fan ierdsk oant himelsk, fan
boartlik oant serebraal, fan anekdoatysk oant
eksistinsjalistysk. Boppedat is er in grut
útfiner fan metafoaren. Sa’n dichter kin
al gau as ‘ôfhâldich’ of
‘yndirekt’ sjoen wurde, just om’t er
safolle paden rinne lit nei it eigen hûs en hiem
fan syn poëzij.
In ûntjouwing nei in direkt-persoanliker
dichterskip sette út ein mei syn njoggende
bondel, De sachte tufkes fan dyn Lister (1993).
Dy wie skreaun as neitins oan syn heit. Yn de opfolger
De hûnsdagen (1994) is it bytiden as wit
de dichter noch net earlik wat er mei dy nije frijheid
oan sil, en yn it lichtfuottiger Leaf en nuddels
(1998) brekt him it ferskaat oan ûnderwerpen en
sjenres wer op. Mar syn tolfde bondel, it fan ’e
wike by De Oare útjouwerij fan Goaitsen van der
Vliet ferskynde Neigeraden it noarden, is fan
dizze ûntjouwing ‘nei it sels ta’
sawol de gigantyske stap foarút as de magistrale
bekroaning.
Hertstochtlik
Neigeraden it noarden is it hertstochtlike
gefjocht fan in dichter tsjin de ferbittering oer syn
jonkheid: ‘de kjeld en de neakenens fan in tiid
sûnder freugde en ferbylding’, sa’t
de achterflap seit. Fan Dam bekende tema’s as
ferline, tiid en it minsklik tekoart foegje har hjir
nei de wetten fan de klassike trageedzje oer ienheid
fan tiid en plak: se drukke har út yn it
subjektive belibjen troch ien minske fan ien
lânskip. Hjir is dat it Eastergoaske gea oan de
igge fan de Lauwerssee en om De Pomp hinne,
dêr’t Dam berne is: it ‘noarden fan
it noarden’.
In streek fan hurde wyn, diken sûnder
beammen, slyk, swiere klaai en in swiersettich leauwe.
In ‘inerlik lânskip’ ek, letterlik in
hertlân, dat yn hast alle fersen yn dizze bondel
foarm jout oan wat de dichter oer himsels kwyt wol. Mei
om’t Dam ek in stikmannich útstapkes
makket nei Grinzer regioanen, wurdt de krite symboalysk
foar it Hege Noarden. Of, om it deftich te sizzen, foar
wat as in noardlike condition humaine sjoen
wurde kin.
Dat ‘hertstochtlike’ gefjocht fan
saniis moatte wy frij letterlik nimme.
‘Hert’ komt as wurd of part fan in wurd yn
leafst 19 fan de 40 fersen foar. Neigeraden it
noarden is in gefjocht fan en om it hert: in striid
dy’t útrint op in klinkende oerwinning
foar de dichter. Op dizze siden komt Dam as yn in
weropstanning út syn ferline ta nij libben.
‘Hjoed bin ik safier / dat ik my út klaai
/ in klopjend hert / boetseard ha’, seit tsjin de
ein ‘Risus paschalis’, miskien wol it
moaiste fers út de bondel. It is ek it fers
dêr’t him op ’en dúdlikst it
kristlike humanisme fan de dichter út
ôfliede lit. Wat in winst yn ferliking mei it
tradysjonele, dogmatyske leauwe dêr’t er
mei grutbrocht is en dêr’t de bondel yn
‘Strofen ta herskepping fan ferline’ mei
út ein set:
Storeingriis bliuwe inkeld de
gebeden
dat wy yn adam ferlern ta weismiten keard
en yn jo eagen ohear net mear as jiskeslakken
ûnbekwaam ta freugde en ferbylding binne.
Fan sloopbal oant pinset
De fersen yn Neigeraden it noarden binne
ûnderferdield yn fjouwer skiften: ‘It
gleone knypeach fan de Grundig’, ‘Fan
stream en sink de trage skepping’, ‘Oan
it fuottenein fan de oerskreau’ en
‘Hjoed litte fan de nacht de wynsels los’.
Under elke skifttitel stiet in fers skean
ôfprinte. It fers ûnder de earste
skifttitel jout al dalik oan wat de dichter fan doel is
mei syn bondel: ‘kinst dyn hûs
ôfbrekke / de sloopbal / troch de muorren
helje’. Dêrnei sil er hieltyd finer ridskip
brûke moatte – lytse moker, beitel, fine
beitel, pinset – om it hert net te reitsjen,
‘read fan grús’. It motyf komt yn it
lêste skift werom, yn it fers ‘Inket
út blaumodder’. ‘Ik frege Beitel om
de moarntyd te forsearjen’, hjit it dêr.
Mar fansels is it iennichste ridskip dat helpe kin om
‘ferlines gong yn oare banen’ te krijen, de
pinne. ‘Pinne dan, stek! Tatoeëarje tekens
fan genêzen. / Inket út blaumodder sil myn
skepper wêze.’
Foar sokke swierdere aksinten oer stiet de
freugde oer de macht fan de poëtyske ferbylding,
dy’t op elke side fan de bondel it heechste wurd
hat. As Dam yn it earste fers, ‘Strofen ta
herskepping fan ferline’, de himel boppe syn
ferline ‘swart as bibelkaft’ tekenet, dan
komt dêrnei dochs de pinne fan de dichter fan no
om ’e hoeke, dy’t yn dat ferline kleuren by
de rûs oanbringt. De ‘ljochtblauwe
skodder’, de ‘reade slide fan in pakje
Dushkind’, ‘tomaatoranje’ wimpels. Yn
’e sleatswâl ‘lalalaje de
swanneblommen / as pearse dronkelappen nei de
fingerbalke’.
Wa’t it skied tusken doe en no sa
fûl yn ’e hûd brânt, wurdt jage
op syk nei it hoe, wat en wêrom. Dam ferbyldet dy
syktocht troch algeduerich oan te heakjen by eleminten
út it lânskip. In goed foarbyld jout it
fers ‘Beammen oan de Foijingawei’. In
âlde foto fan dy dyk troch De Pomp lit sjen dat
der eartiids beammen bylâns stienen. Mar yn de
tiid dat de dichter dêr wenne wienen de beammen
fuort. ‘Fier foardat in fleach my jage, / hie
neakenens myn berteplak / al priisjûn oan it
grutte sigen.’ Hie er ‘in begjin fan
núnderjen yn it bloed’ field as se stean
bleaun wienen? As der beskerming west wie? No moast er
de ‘skraalste siken’ ynhalearje en de kjeld
fan de wyn foar altyd opslaan yn ’e bonken.
Yn ‘Wat blauwers’ sit behalve de
bibel ek de literatuer as laach tusken it lânskip
en de dichter yn. ‘Ik hierde yn Visvliet in fyts
om te sjen (..)’, begjint it fers. Dat is fansels
in ferwizing nei it fers ‘Moeder de vrouw’
fan Martinus Nijhoff út dy syn bondel Nieuwe
gedichten (1934). Nijhoff begjint mei de ferneamde
rigel ‘Ik ging naar Bommel om de brug te
zien’. Nijhoff fytste net, lykas Dam, mar lei in
minút of tsien yn ’t gers. Doe hearde er
in frou op in skip dat ûnder de brêge troch
fear, in frou dy’t psalmen song. ‘O, dacht
ik, o dat daar mijn moeder voer. / Prijs God zong zij,
Zijn hand zal u bewaren.’ Dam sjocht net syn mem,
mar de ‘Unbarmhertige Barmen’ delkommen, en
ek in ‘âlde stobbe, grimas fan de
dea’, dy’t noch altyd it gnizen net litte
koe.
Nea net songen blues
Nei it ynkringjende eksposee fan tema’s en
motiven yn it earste skift, ferleit it twadde it
omtinken fan it skied tusken doe en no nei it skied
tusken see en lân. In polderlânskip. Slyk
waard ta klaai yn in dreech bodzjen, ek fan Dam syn
foarfaren. In kertierstaat lit de dichter yn it fers
‘Slyklaach’ swart op wyt sjen wat er djip
yn himsels al ûntdutsen hie: ‘dat wy, / wat
djipper yn ússels werom, / hieltyd neier oan de
râne / fan it noarden kamen.’
Dizze ûndúdlike kust, no wer
lân, dan wer see, is laden mei symboalyske
krêft en kin stean foar de jonkheid – it
bern as de noch net ynpoldere minske – mar
likegoed foar it frije oergongslân fan de
poëzij. Fersen as ‘Eachweidzjend oer it
waad’ en ‘Steltrinner’ litte
dêr wat fan sjen. De ‘nea net songen
blues’ fan de ‘blabberboeren’ yn
‘Noarderljocht’ wurdt orkestrearre mei de
lûden fan ûnderskate soarten fûgels
yn ‘Nacht fan de baltende balgen’. Ut de
swiere klaai komme de meast diverse bylden omheech,
bygelyks as de sinne ûndergiet boppe in poele fol
mei farkeleinen en reidhinnen ‘en op har
eilân fan ûnwittendheid / de swan it gouden
aai’ útbriedt. Even sjoch ik Sjoerd
Spanninga dêr by dy poel omrinnen.
It noarden fan it noarden is bedoarn troch
‘stikeltriedden teisters’, in
‘woekerjende staar’ en
‘ientûtmemmetaal’, hjit it yn
‘Myn lân’. Dêr jout de dichter
him net by del. ‘Net ivich sil de kantsjesnijde
geast yn fâlden’, skriuwt er. Dat ‘yn
fâlden’ hat ferskate betsjuttingen en is
hjir prachtich fûn. ‘It moai yn ’e
fâlden witte te lizzen’ betsjut: him moaier
foardwaan as er is. ‘Yn ’e fâlden
bliuwe’ is net fan ’t sintrum reitsje.
‘Eat yn ’e jamkste fâlden
slaan’: eat goedprate, krekt dwaan as is der neat
mis.
Dy tiid fan it toaniel om ’e leave frede
is foarby. Tiid en wurd foarmje de dragline
dêr’t Dam de âlde grûn mei
werskept. Hy klaut om genede yn ‘it lân
dêr’t ik mei grizend hert nei taal.’
Liplêzen hertstocht
Yn it tredde skift, ‘Oan it fuottenein fan de
oerskreau’, komme yn de inerlike panorama’s
fan Dam taal en byld op de foargrûn te stean. It
noarden fan it noarden wurdt in lân
dêr’t it hege wurd der net út komt.
In lân mei ‘iggen fan ynbannigens’,
dêr’t moardkûlen besegele bliuwe,
tongen har yn riedsels wine en in wink tidicht
‘op it boe en ba fan de liplêzen
hertstocht’ (‘Delta’). Yn
‘Neigeraden it noarden’, it titelfers,
swije de nachten om de leave frede, is it each de
stille nomade fan it nimmenslân en
‘rêde har nauwerneed út it neakene /
strôtgat de stribbige fonemen fan de
begearte’.
Yn de hoare stilte fan sok moanne-lânskip
kin allinnich de keunst rêding bringe. It fers
‘Hân fan de skilder’, skreaun by it
skilderij ‘Paarse paarden’ (1927) fan de
Grinzer Ploeg-skilder Johan Dijkstra, seit safolle:
O keunstners fan de
kâlde grûn,
besparje jim de ferve en de inket
net, mar lied dit gea de nacht yn
fan it fjouwerskonkich dûnsjen.
Teploegje, jim skilders, en dichters,
ferbyldzje, wuolje óm dit yn himsels
behurde lân en lit fan oerdwealskens
har loften ivich liboaits.
Oare fersen by wurk fan Ploeg-skilders binne
‘It paad te gean’ (‘Koopvrouw op
landweg’ fan Jan Altink út 1925) en
‘Hûs fan ljocht’ (‘Dorpsstraat
te Leens’ fan Hendrik Werkman út 1926). De
skilderijen binne yn de bondel ôfprinte; dat fan
Jan Altink stiet op it omslach. It gesicht fan de
rinnende frou hat deselde griene kleur as de greiden.
It hûs fan Werkman is it
‘âlderhûs’. Werkman, seit de
dichter, hat net de klaai fan de diken skrabe of dong
en rust op syn palet bemongen om it te skilderjen, mar
syn kwaste dope yn ’e noardersinne: ‘fan
jongs ôf songen moat syn mem ha, / út
leafde boud syn went (..).’
Befrijing
Neffens Johannes 20:5 leinen nei de weropstanning fan
Jezus yn syn grêf noch de wynsels dy’t om
syn lichem sieten en de doek dy’t syn holle
beduts. Dat is de achtergrûn fan de titel fan it
fjirde skift, ‘Hjoed litte fan de nacht de
wynsels los’. Sil wat der yn ús siele
printe stiet, op ’en doer slite? Sil de inketfret
syn wurk dwaan? Dat freget de skeanprinte strofe
ûnder de skifttitel. Befrijing, dêr sil it
hinne.
Dam is in dichter mei in grutte foarleafde foar
metafoaren, sa’t ik al sei. In foarbyld fan
sa’n metafoar dy’t in fers lang
folhâlden wurdt, jout ‘Broei’. Lykas
it foargeande fers ‘Swellen, twa
ûlen’ brûkt dat de boere-skuorre as
metafoar foar it brein fan de dichter. Yn syn holle
lizze ‘bitter- / krûden oan de krún
ta loege as oan de spanten / ta in skuorre hea’.
It ferline liket geef te plak brocht, mar ynwindich
broeit it yn ’e golle. Faaks sil de djip bestoppe
geast oait noch in gloppe teppe kinne: ‘in
azemgat beskrept troch eigen hân’.
By beide skuorre-fersen moast ik in momint
tinke oan de lêste strofen fan it fers ‘Om
maeije hinne’ fan Obe Postma út dy syn
earste bondel Fryske lân en Fryske libben
(1919):
De skuorre is leech; troch
d’ iepen doar
Flean rêd de sweltsjes nei boppen;
It spinreach toutert, yn golle-sté
Steane de keallen to roppen.
It jonge foarjier is yn ’t Fryske gea!
Dou hearst’ it al binnensmuorre,
Yn kouwerop en fûgelsang
En ’t winesûzjen troch de lege
skuorre.
Myldens en leafde brocht it noarden fan it noarden
te min; in leechte dy’t allinnich yn en troch de
keunst en it skriuwen folle wurdt. ‘Bytiden
laitsje ik ek noch, / bin ik oan ’t healwiizjen,
/ boartsje ik, / bin ik minske’, beslút
‘Risus paschalis’. It is de letterlike
oersetting fan it sizzen fan de Romeinske skriuwer
Plinius de Jongere, dat as motto boppe it fers stiet:
Aliquando praeterea rideo, / jocor, ludo, homo
sum. ‘Risus paschalis’ is it
peaske-laitsjen oer de dea, dat de rou oer de
passy-tiid ferdriuwt en de oerwinning op de hel fiert.
‘Tichte’ fersen
De taal dy’t Dam yn dizze bondel fûn hat,
op ‘it snijpunt fan hunker en huver’
sa’t it skeanprinte fers ûnder de tredde
skifttitel it seit, is op himsels in essay wurdich. De
toan, de kleur, it lûd fan dy hoekige én
linige taal lit him faaks it bêste oantsjutte mei
wat de dichter oer de stimme fan de Grinzer sjonger Ede
Staal seit yn it fers ‘Ut koalsie, krûd en
koper’:
Ferjou him syn bytiden
sinters sentimint,
al tsjotterdûnsjend op in brulloftsankje,
dizze kielklang hurd en griis as himelgetten
izer, mar tagelyk sa bûchsum
as read-amjend smeiwurk op it ambyld
fan midwinter, ús earder kjeld fertalend
nei in djippe gloede wûn út
drôvens.
Dêr’t syn eardere bondels wolris te
lijen hienen fan oerdiedich einrym, folget de dichter
yn Neigeraden it noarden in subtilere stratezjy
meidat er oerweagjend gebrûk makket fan rimen en
healrimen binnen de rigels. De gedichten binne skreaun
yn in frije mar dochs klassike styl: der stiet gjin
wurd tefolle. Dam is hjir in bouwer mei wurden: hy
brekt en mitselet wer op, slipet, mjit, mjit nochris en
skriuwt op dy wize ‘tichte’ fersen –
alles hat mei alles te krijen. As der healwei
‘Risus paschalis’ stiet: ‘Peaskjend
oer Gods ierde / praten wy de dagen sompigens
oan’, dan bringt it wurd ‘peaskjend’
ek wer de earste rigel fan dat fers yn it omtinken:
‘Wa’t troch drits en weaze helle is’.
Ommers, ‘peaskjend’ leit ticht by
‘peazgje’.
Dy fers-ynterne gearhing wurdt wjerspegele op
it nivo fan de bondel, meidat alle fersen yn
Neigeraden it noarden yn tsjinst stean fan it
dragende idee. Dat makket it lêzen fan dizze
poëzij bytiden ta in benearjende
ûnderfining. Ferheardens oer de
ôfgrûnen dy’t bleatlein en bedjippe
wurde wikselet ôf mei bewûndering foar de
rike ferbylding dêr’t dat mei bart en
respekt foar de grutte ambachtlikheid dy’t hjir
hast achteleas oer de mear as 50 siden útstruid
wurdt.
Acht jier lyn skreau Dam yn it fers ‘yn
it djipst fan myn gedachten’ út De
hûnsdagen:
klonkst myn poëzij
mar ienkear ûnmeilydsum hurd
blonkst mar as in swurd
om te skieden nacht en dei
Dy bea is bewierheid wurden. Eppie Dam hat it
oandoard en gean de konfrontaasje oan mei syn
hertlân. Yn syn dochs al ymposante oeuvre hat dat
mei ôfstân de bêste bondel opsmiten.
Neigeraden it noarden is troch De Oare
útjouwerij prachtich útjûn:
bûn, mei histoaryske foto's oan de binnenkant fan
it omslach en mei ynleine kleureprintsjes fan de
skilderijen.
*
Eppie Dam, Neigeraden it noarden (De Oare
útjouwerij, Eanske 2004)
Boekhannel De
Tille 
|