Teake Oppewal


BY DE OANBIEDING FAN DREAM YN BLAUWE REINJAS

Tongersdei 28 oktober 2004, de Harmonie, Ljouwert

Hulde

Dizze bondel is in wichtige útjefte, want hy lit yn ien bân, yn ien haal, it wurk sjen fan de jongste Fryske dichters. En der is ek foar soarge dat it allegearre fierder komme kin: a) twatalige tekst, b) in toernee mei optredens, c) in ynternetside mei ynformaasje en multymediapresintaasje, en d) in moanne lang útstjoeringen op de nasjonale dichterstillefoan 0909 4334 248. Hulde oan de inisjatyfnimmers.

Earder ek al

As je wat yn de tiid weromsjogge, docht bliken dat dit net de earste kear is yn de Fryske literatuerskiednis dat in groep jongere dichters him presintearret mei in blomlêzing.
  Earder diene dat ek al, yn 1882, Piter Jelles Troelstra en Onno Harmens Sytstra mei It jonge Fryslân, in bondel dy’t foar de helte fol stiet mei fersen fan Piter Jelles. It iepeningsfers is in programmatysken-ien fan Piter Jelles mei de oprop om ‘it bloeisel fan ús herte’, it bêste dat wy te bieden ha, te wijen oan it heitelân, net syn frijheid, mar syn taal.
  En dan yn 1917 It sjongende Fryslân, in samling gearstald troch Douwe Kalma, dy’t him tige sterk ôfsette tsjin hast al syn foargongers. Dat is in bekend ferhaal.

Op fjouwer winen

Yn dit ferbân is neffens my it meast nijsgjirrich en faaks minder bekend it bondeltsje út 1961 mei as titel Op fjouwer winen. Dat joech ‘It bêste fan de modernen út de jierren fyftich’ en wie krekt as Dream yn blauwe reinjas betrutsen op ien desennium. It inisjatyf foar de blomlêzing kaam fan Abel Roelof Oostra fan it studinteselskip Aldgillis fan Delft. Oostra, fan 1941 en doe dus sa’n tweintich jier, hat yn 1982 noch in kear in Rely wûn mar hat him fierder net oppenearre yn de Fryske literatuer. Hy socht kontakt mei Tjitte Piebenga, doe krekt haad fan de skoalle yn Arum, om him te helpen mei de gearstalling. Letter kamen Durk van der Ploeg en Meinte Walta dêr noch by.
  Oostra, no stêdeboukundige yn de Rânestêd, wit noch wol it ien en oar fan it projekt: ‘It selskip Aldgillis fan Delft hie ûnder de Fryske studinteselskippen de namme a-kultureel te wêzen. Doe’t wy yn 1961 ús sechste lustrum fiere soene, woene wy de oaren ris wat sjen litte. Earst organisearren wy in “Deklamatoarium” yn de tsjerke fan Grou. Dêr droegen Jeltsje Das en Pyt van der Zee klassike Fryske poëzij foar mei muzikale omlisting fan oargel, harp, fluit. Ik hie de gedichten útsocht mei help fan Tjitte Piebenga.’
  Dy heucht him it ‘deklamatorium’ ek noch wol. Hy hie syn âld muzyklearaar fan de kweekskoalle Mariënburg yn Ljouwert, oargelist Piet Post, frege foar de muzikale bydrage, en dat waard in grut sukses, ek al reagearre it publyk ynhâlden; it wie noch yn de tiid dat je yn tsjerke net applaudisearje mochten. Piebenga moast de oare moarns frij freegje fan B&W; it wie net mooglik om deselde jûns noch fan Grou yn Arum te kommen.
  Oostra oer it ferfolch: ‘Douwe Tamminge rette ús oan om wurk fan de jongste Fryske dichters te nimmen foar it feest yn Grou. Ik woe dêr net oan, mar letter kaam dochs it idee op om as ferfolch in bondeltsje te meitsjen mei wurk fan de jongere dichters. Probleem wie it jild. Gelokkich wie der by Aldgillis in “dispút” neamd “Karkloft Skoat”, in sûpersklub mei altyd it heechste wurd, en dy seine tsjin my: “Abel Roelof, dat moatst dwaan. Wy steane foar it tekoart”. Mei harren haw ik doe op strooptocht west yn Fryslân om jild by inoar te swyljen, en dat slagge wûnderwol. Doe haw ik op ’en nij kontakt socht mei Tjitte Piebenga. Hoe’t Durk van der Ploeg der by kommen is, en Meinte Walta, dat wit ik net mear. Wy ha jonge dichters fan doe frege om wurk te leverjen. Wy ha net selekteard! Behalven dan dat de âlderen fansels net oanskreaun waarden.’    
  Yn de bondel stiet wurk fan tsien jongere dichters út de jierren fyftich: Hessel Miedema, Jelle de Jong, Tiny Mulder, Durk van der Ploeg, Tjitte Piebenga, Ella Wassenaer, Tine Bethlehem, Sybe Sybesma, Jan Dotinga en Liuwe Dykstra. No ek allegearre noch bekend en ferneamd, mei útsûndering fan de lêste. Nuvergenôch ûntbrekt Jan Wybenga. Oostra: ‘Wêrom’t dy der net by stiet wit ik net mear. Wy ha him wierskynlik wol oanskreaun. Miskien hie er doe wol neat te lizzen. It hiele projekt wie sa mar klear, it is yn trije moanne of sa yn inoar draaid. Wy hiene ek gjin skelen, der wie gjin tiid foar gelêb. Meinte Walta die alle byldzjende keunstners. Dy stiene ek allegear fergees wurk ôf. De distribúsje? It wie gewoan yn de boekhannels te keap, dêr soarge de útjouwer foar, Osinga fan Boalsert.’
  Ut in foege útlieding achteryn de bondel (nei alle gedachten fan Durk van der Ploeg) docht bliken, de gearstallers woene de fernijing sjen litte, dat wat der barde sûnt fyftich: ‘der waait in oare wyn, mar net út ien en deselde hoeke, want Fryslâns dichters en skilders steane op ’e romte fan fjouwer winen’.
  Dat fyn ik moai sein, en ik leau dat it hjoed foar Dream yn blauwe reinjas  ek jildt.

Ferbân mei de Spiegel

Dream yn blauwe reinjas  jout neffens it neiwurd in oanfolling op de Spiegel. Dat is tagelyk wier en net wier. Hein Jaap en Tsead hawwe harsels by de seleksje bewust beheiningen oplein. Yn de Blauwe Reinjas komme allinne dichters foar dy’t net opnommen binne yn de Spiegel, skriuwe se, en dy’t debutearre hawwe nei 1990. Miskien moatte je der ek noch by tinke: berne nei 1950. Alle nije en jonge Fryske dichters steane der yn, op ien nei, dy’t in eigen ôfweging makke hat en der foar keazen hat syn wurk minder sichtber bliuwe te litten.
  Mar allerhanne wurk fan âlderen of jongeren dy’t al langer oan de gong binne as de lêste tsien jier ûntbrekt, en ek it wurk fan resinte debutanten op jierren as bg. Aggie van der Meer. Dat is prima, je moatte grinzen lûke. Mar dêrmei is noch in protte moai wurk fan de lêste tsien jier oerlitten foar oare blomlêzers. Ik hoopje dan ek dat der meidertiid in twadde edysje fan de Spiegel ferskine kin mei in kar út wurk fan alle Fryske dichters. 
  It útbringen fan Dream yn blauwe reinjas is likegoed in prestaasje fan formaat en ik winskje de beide gearstallers en al de dichters dy’t wurk yn de bondel ha in protte sukses ta op har ekspedysje troch de wrâld.