Begjin takom jier ferskynt by útjouwerij Frysk en Frij in blomlêzing út de gedichten fan Douwe Hermans Kiestra.  Seleksje en ynlieding komme foar rekken fan Abe de Vries, dy’t earder in blomlêzing fersoarge út it wurk fan Obe Postma. Farsk publisearret de ynlieding yn de nûmers 35, 36 en 37. Hjoed: diel 1.

Abe de Vries

BYCHT, BEA EN FERLOSSING

De poëzij fan ’e mystikus Douwe Hermans Kiestra

DIEL 1

Tusken Jirnsum en Offenwier, oan de noardkant fan de Snitsermar, leit ûnder hege loften de leechte fan de Legeaën. Fearten en sleatten rinne troch de eartiids sompige bûtlannen nei Sibrandabuorren, Poppenwier en Tersoal: fanâlds doarpkes fan greidboeren, komelkers en molkeskippers. Op ’e romte heine de brede Krúsbrekken it simmer- en winterwetter op, om it fierder ôf te fieren nei de mar. Boppe greiden safier’t it each rikt, guon net frij fan opsketten túch, hawwe wyn en wolkens, skriesen en ljippen frij spul. Grut is hjir de natuer, lyts de minske. Dit is Kiestra-country.
  Douwe Hermans Kiestra (1899-1970) hat nei syn trouwen mei de Grouster bakkersdochter Aaltsje Hannema fan 1926 oant 1938 buorke op it stjelpke ‘Oer it Haairak’ oan de Poppenwierster kant fan ’e Tersoalsterfeart. It spultsje, tsjintwurdich in wenbuorkerij, stiet achter beammen ferskûle by in brêge oan in ruilferkavelingsdyk, mar doedestiids lei de pleats ynsletten tusken sleatten en fearten en folslein op ’e romte. Yn it bûthúske fan de frisiast en fûleinige Fryske nasjonalist Kiestra waarden Jongfryske wykeinkampen holden; kloften bewegers moasten in modderich paad de greiden oer delstroffelje en waarden mei syn skouke ‘Koarte Wille’ oer de feart set. ‘Dy’t net fan it lân hâldt dêr’t er widze is, binne de beane út it wetter te goed,’ hie er op ’e kokensmuorre skreaun. Hjir skreau de boer-dichter syn earste bondel Efter it oargel (1935), mei in fers as ‘Tonger bewaait’:

’t Bliuwt rûzich op ’e jûn; fier yn it wêsten
Rize de wolkens, út in bleke kym
Opstiig’rjend om de stege dei te dwêsten;
De sinne moalket as in gleone skym,

Unwennich baarnend, en syn lêste spranken
Fansiden spriedend, dat in frjemde brân
Twiljochtet fan de hege himelflanken
En glêzich gloaret oer dit lege lân.

Berne op de stjelp Harstabuorren (yn ’e folksmûle Hazzebuorren) numer 6 boppe Poppenwier – no ek in wenbuorkerij –, hat Kiestra syn hiele libben skrept en wrotten yn ’e greidstreek fan syn jonkheid. As lytse pachtboer hie er meastentiids in bealch fol wurk om spek op it brea te krijen. De krisisjierren wienen in krús; guon fersen yn syn earste bondel tsjûgje fan in hurd bestean. Hy wie warber yn ’e Bond van Landpachters en Hypotheekboeren, seach de earmoede fan de lytse boereman as ûnrjocht en fjurre oan ta aksje en protest. Oars as in protte grutte boeren út dy tiid, hie Kiestra net allinnich each foar syn eigen sitewaasje; ek syn arbeiders hie er noed oer.
  Gauris is er ferfearn. Nei in koart yntermezzo op in pleats mei min wetterlân by Eagmaryp yn ’e Lege Wâlden, dêr’t er winterdeis it wetter amper foar hûs en skuorre opkeare koe, hierde er yn 1941 in buorkerij op ’e Grutte Wierren ûnder Tersoal, deunby ‘Oer it Haairak’ mar oan ’e oare kant fan ’e feart. De pleats is yn ’e ruilferkaveling ôfbrutsen; der stiet no in wenhûs. Noch hieltyd is de namme Kiestra oan de Grutte Wierren ferbûn: de pleats mei reade dakpannen nêst it stee dêr’t Kiestra buorke, sit famylje op. Fryske hynders rinne yn in kampke by de skuorre.        
  ‘De âld boer’, sa wie er letter oant fier yn ’e omkriten bekend. Fan 1956 oant 1962 hold er ta op Jellema-State oan ’e Marsherne yn Poppenwier, en dêrnei op ‘Stringsein’, in lytse molkerij mei plak foar 22 stiks kij deunby it stee dêr’t er berne wie. Doe rûn er al sa stadichoan op nei de sântich. Him deljaan, syn bisten de doar út dwaan, ôfskie nimme fan ’e greiden dêr’t er syn kristlik-mystike ienheidstinken oan spegelje koe: it griisde him oan. Ticht by de boarne fan syn poëzij woe er bliuwe. Boerke njonken God. It natuertalint Kiestra skreau syn fersen byneed mei stompkes potlead op kalinders, op de achterkant fan sigaredoaskes, op feekoekedoazen en tsjerklike muzykboeken. Of mei kryt op de heafeksdoar, lykas de lêste rigels oer syn kij fan it fers ‘Te stâl’:

Jou jim del, jou jim del!
Al beart it bûten ek noch sa fel
Fan nachtlike stoarm of fûle kjeld,
Al de koositens binne teld,
Efter dizze blauferve doar
Is redding en tarring steap’le
Foar jimme meielkoar.

‘Stringsein’ is ek ôfbrutsen. Oer it stee rint de dyk nei Dearsum. Yn 1967 ferhuze Kiestra nei de buorren fan Raard, dêr’t er op 3 juny 1970 stoar oan in bloedsykte. Syn ienfâldich grêf, mei as iennichste fersiering in stik reade, wytbemoaske stiensmuorre, is te finen op it hôf fan Poppenwier.

‘Dan gean ik wer nei hûs ta!’

Is it, no’t de ein fan ’e Twadde Wrâldoarloch aanst sechstich jier tebek leit, foar ús better mooglik as foar eardere generaasjes en hifkje Kiestra syn dichtsjen los fan in moreel oardiel oer syn doedestiidse misse setten? Yn dit essay sil bliken dwaan dat dy misse setten krekt in net fuort te tinken elemint yn syn poëzij wurden binne, ek yn de poëzij nei Sinne op ’e striesek, de bondel dy’t er yn ’e kamptiid skreau. Fierder sil dúdlik wurde, dat it ek dizze earlike ferarbeiding fan in grut, persoanlik konflikt is dy’t de nei-oarlochse poëzij fan Douwe Kiestra sa ynkringend makket en yn it moed taasten docht.
  Hy wie yn 1938 mei-oprjochter fan de fassistoïde Fryske Folkspartij (FFP) en oant 1944 lieder fan de Fryske Rie fan Saxo-Frisia, in kultureel klupke yn ’e besettingstiid dat organisatoarys ûnder de Germaanse SS foel. Fan it krantsje fan de Fryske Rie, It Fryske Folk, wie er bestjoersfoarsitter en redakteur. Ek wie er haad en agrarys foarljochter fan de ôfdieling Volk en Bodem fan de Nederlandsche Landstand, de lykskeakele boere-organisaasje. Fan Dútslân ferwachte er sosjaal heil foar de boeren en polityk heil foar Fryslân. Hie de boerestân it dêr ûnder in sterke lieder as Hitler net gâns better as yn Nederlân? Fan De Haach hienen de boeren en Fryslân net folle goeds te ferwachtsjen, miende Kiestra. Wol mear Fryske bewegers tochten der sa oer. Ekonomise, mar ek kulturele motiven spilen dêr in rol by. Yn ’e nije oarder soe Fryslân faaks in autonoom plak krije kinne en de Fryske taal en kultuer in folle bettere posysje. ‘Al sil ik by wize fan sizzen op hannen en fuotten moatte, ik sil besykje derby te wêzen as der foar Fryslân wat te heljen falt,’ skreau er yn 1941 yn in brief oan Douwe Tamminga 1, de lettere ynlieder fan syn Samle fersen.
  Naïviteit, nasjonalisme en blyn idealisme hawwe Kiestra de ferkearde kant út laat, mar nea hat er him alhiel oan de besetter útlevere. Al gau koe er it net lykfine mei syn útlânse superieuren, dy’t út noch yn gjin each hienen foar syn Fryske winsken. Nei 1943 bleau er faaks allinnich noch polityk aktyf út in mispleatst gefoel fan trou oan maten as S.J. van der Molen, Sjoerd Sipma en Rintsje Sybesma, dy’t harren ek net weromlûke woenen of koenen.
  Yn de slim iensidige en feroardieljende dissertaasje De Friese beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen (1978) fan Gjalt Zondergeld wurdt Kiestra as in ‘besmet’ man delset. Zondergeld skildere him ôf as in nazi en in fassist en as foarbyld fan alles wat fout wie oan ’e Fryske beweging yn dy jierren. As dichter soe er in midsmjittich rimelder fan BluBo-fersen wêze, en fan syn wurk soe net mear as in hânfol gedichten oerbliuwe. Mei syn dissertaasje liet Zondergeld in protte stof opwaaie, mar yn ’e polemiken nei oanlieding fan syn boek kaam er der net bêst foar wei. 2 It waard al gau dúdlik dat er him te min as in histoarikus en te folle as in ketterjager opsteld hie. Hy moast flaters tajaan en erkenne dat er bewegingsminsken ûnterjochte beskuldige hie fan kwea ôf te nimmen hâlden en dragen. Syn dissertaasje lêst bytiden as soe er graach sels lid west hawwe fan in suveringskommisje yn 1945, wat betsjut dat der fakmjittich it ien en oar mis mei is. Net allinnich dat men by Zondergeld fergees siket nei in teoretys ramt om begripen as Blut-und-Boden, fassisme en ‘fout’ neier mei te beskriuwen, syn wurk docht ek ûnwittenskiplik oan meidat de skriuwer net serieus besykje woe en besjoch de ‘foute’ Fryske literatuer tsjin de achtergrûn fan ’e jierren tritich en it populêre Heimat-proaza fan it ynterbellum.
  Wy sjogge no skerper dat Kiestra polityk wol slim ‘fout’, mar gjin nasjonaal-sosjalist yn ieren en sinen wie. Dêrfoar hie er tefolle wearzge fan geweld, wie syn ideologys tinken tefolle in neipraten fan oaren en siet syn kristlik humanisme te djip bewoartele. Foar de terjochte krityk op Kiestra syn politike dieden en politike skriuwerij oer, stiet fan it begjin ôf it feit dat ferskate kopstikken út de beweging én út it ferset it foar him opnommen hawwe. Ideologise tsjinstanners as Jelle Brouwer en Jaap Kalma giene foar him yn ’e pleit doe’t er yn 1946 foar it Tribunaal fan ’e Bijzondere Rechtspleging yn Snits ferskine moast. Jan Piebenga en Douwe Tamminga hawwe der foar soarge dat yn dat jier syn twadde bondel Sinne op ’e striesek útjûn wurde koe. Fokke Sierksma, dy’t yn 1944 meidien hie oan ’e befrijing fan finzenen út it Huis van Bewaring yn Ljouwert, liet wurdearring foar Kiestra blike. Hoe fout er ek wie, Kiestra hat nammers altyd wegere en swar trou oan Hitler en de SS. Doe’t er yn Utert de eed fan trou oan NSB-lieder Anton Mussert ôflizze moast, sei er: ‘Foar dy snotnoas! Dan gean ik wer nei hûs ta!’ 3 Yn 1944 kearde er him – let, mar net sûnder gefaar foar eigen libben – yn it iepenbier tsjin de represaillemoarden dy’t troch de Germaanse SS en de Sicherheitspolizei útfierd waarden as antwurd op aksjes fan it ferset. 4  Jaap Kalma, lykas Sierksma in fersetsman, naam it by de promoasje fan Zondergeld yn 1978 op ’e nij op foar de Legeaster boer. ‘Ook aan de verkeerde kant waren kerels, voor wie men als mens respect kon hebben,’ sei er. Hy neamde Kiestra as foarbyld.
  Yn Tersoal en omkriten wist Kiestra wol wêr’t de ûnderdûkers sieten, mar hy hat him dêr oer stilholden. ‘Fout west yn ’e oarloch, mar it wie sa’n keardel!’ sei Sierksma. ‘Dy hat net ien fan de ûnderdûkers ea ferret.’ 5 Kiestra stie, skriuwt Sjoerd van der Schaaf, ‘betiden earder nêst de yllegaliteit as der foar oer’. 6  Mar wat Kiestra no krekt mei dy yllegaliteit te krijen hân hat, dat meldt Van der Schaaf yn syn boek net, noch stiet it by oaren te lêzen. Om dêr in idee fan te krijen, moatte wy yn de Legeaën wêze.
  Ald-boer Jan Buiteveld út Poppenwier fertelde my yn july 2004 oer in konkreet foarfal yn ’e simmer fan 1944. SS’ers út Grou hienen in jongfeint út Gau oppakt dy’t de arbeidstsjinst ûntdûkte. Se rûnen mei him troch de buorren fan Poppenwier, oant de finzene ien fan de soldaten in oplawaai joech en it op in draven sette. Dêrnei waard ferwachte dat de Dútsers manmachtich komme soenen. Kiestra wenne op ’e Grutte Wierren, noch gjin hûndert meter fan de stjelp dy’t er earder hierd hie, oare kant feart. Achter yn it lân by de Tersoalster Krúsbrekken en op ‘Oer it Haairak’ – doe pachte troch de grifformearde boer Bouwe Elzinga – sieten ûnderdûkers; by Elzinga thús ûnder oaren trije joaden út Snits. ‘As it set oer de feart ynhelle wie, koe men noch mei ien fan Kiestra syn boatsjes oer it wetter,’ sei Buiteveld. ‘Foar it ferset wie it saak en soargje dat de Dútsers dy boatsjes net brûke koenen. Ien fan ’e fersetsmannen, Yme Raap, hat doe mei Kiestra praat. “Nim dy boatsjes mar mei jonges, en ik hâld dy Dútsers wol oan ’e praat,” hat Kiestra doe sein. Jo moatte begripe, hy wie net echt pro-Dúts. Hy wie foar Grut-Fryslân. Dat kaam út ’e earmoede fan ’e jierren tweintich en tritich wei. In protte pachtboeren hjir yn ’e Legeaën hienen ynearsten wol sympaty foar Dútslân. Dy hienen it net sa op Hollân stean. Dêr sieten de pachthearen dy’t fierstente folle jild hawwe woenen.’
  Nei alle gedachten wist Kiestra wol dat der achter de Brekken ûnderdûkers sieten. Hy hie lân dy kant op. Oft er ek op ’e hichte wie mei it feit dat syn buorman joaden ûnderbrocht hie, doarde Buiteveld net te sizzen. Wol is bekend dat er goed oerwei koe mei buorman Elzinga. Yn 1954 skreau er foar dy syn dochter Anne it brulloftsfers ‘Winterbreid’.
  It ferhaal hat noch in sturtsje. De flechtling wie rekke troch in skampskot en liet in spoar fan bloed achter. Syn wei it lân yn gong troch de bakkerij fan Groen, dêr’t de Dútsers it bloed ûntdutsen, hoewol’t it mei seachmoal bestruid wie. Groen moast mei nei Grou, dêr’t er finzen kaam te sitten. Neffens Buiteveld tôge Kiestra net folle letter nei Grou om de man frij te krijen, wat slagge. 7 De anekdoate jout oan wêrom’t in prominint kollaborateur as Kiestra noait spul hân hat mei it ferset yn ’e omkriten. ‘Nei syn kamptiid waard er wer opnommen mank de boeren en arbeiders. De âld boer wie de minsken hjir dierber, ek al hie er yn ’e oarloch de ferkearde kar makke. Hy hat in protte foar de mienskip út ’e wei set.’
  Dat syn Fryske Folkspartij net folle om ’e hakken hie, neffens it program net iens foar echt fassistys trochgean koe en dat It Frysk Folksblêd net mear as tritich abonnees hie, nimt net wei dat Kiestra ‘nuvere dingen sein en skreaun hat,’ yn ’e wurden fan Van der Schaaf. 8 ‘It weeklaaien oer in mannich joaden’, dy’t it belije moasten ‘om’t hja de fergiftiging en it bedjêr fan it folksgehiel útmeitsje’, hie neat mei de Fryske striid te krijen, fûn Kiestra. 9 En: ‘De Dútse joadepolityk is wierskynlik wol wat rou en grou, mar yn wêzen is hja goed,’ die er yn jannewaris 1939 syn lêzers te witten. 10 Fan ’e Holocaust wist er doe fansels neat ôf, mar dêr wurde sokke mistaasten net minder skrinend fan. Foar eltsenien dy’t it witte woe, wie ommers doe al dúdlik hoe’t de joaden yn Dútslân behannele waarden. Lykwols moat ek opmurken wurde dat anty-semitisme yn it ynterbellum yn bredere rûnten bewoartele wie as hjoeddedei. Nei de oarloch is oan twa kear ta besocht en lit sjen dat bygelyks de foaroanman en wichtichste ideolooch fan de Fryske beweging, Eeltsje Folkertsma, in rassistise en antysemitise kant hie, it earst yn 1965 troch Bauke de Jong en tweintich jier letter nochris troch Durk Nota. Beide auteurs hienen lykwols net folle each foar de spanningsfjilden yn syn tinken en syn opinys waarden te min setten yn it ramt fan syn tiid. 11
  Wat op dit stik fan saken foar Kiestra sprekt, is dat er - oars as Douwe Kalma en oare kollaborateurs út de beweging wól dien hawwe – him nei de oarloch net maklik foar syn ferantwurdlikheid weiwine woe. Hy hat ek yn syn gedichten tajûn dat er mis wie, under oaren yn it fers ‘Twaspraak’ út Sinne op ’e striesek en yn ‘Oan ús bern’, in fers dat bûten de seleksje foar dy bondel bleau en dat hjir foar it earst publisearre wurdt:

Mar tink derom: it is jim heit
Dy’t jimme iepenhertich seit,
Hy hat de Poep te gol, te rûn,
Te furdich syn betrouwen jûn.

Kiestra hie djippe spyt dat er net mear meifielen opbrocht hie foar de ferfolge en fermoarde joaden. Grif hat dat sines bydroegen oan syn rehabilitaasje, as wy it sa neame meie: nei de oarloch dalik al troch in part fan de Fryske beweging, en nei it djiptepunt-Zondergeld fuortset troch Tamminga yn syn ynlieding by de Samle fersen en Trinus Riemersma yn syn blêd De Kul. ‘Foar alles moat klear wêze dat wy yn him gjin politike waarmmielrinder foarhawwe noch immen dy’t eigen macht en eare socht hat,’ skreau Tamminga. Riemersma skildere yn De Kul in sympatyk portret. Hy hie yn ’e jierren sechstich wol by Kiestra op besite west. ‘Hy neamde ûntskuldigingen en wiisde dy fuortendaliks wer fan de hân: hy woe der foar stean. Hy besocht syn wandieden yn har folle omheining te befiemjen, en hy pakte der slim mei om. Hy hie spyt, ik bin der fan oertsjûge dat de man it himsels net ferjaan koe, wat er dien hie. Ik haw om dy reden nochal wat respekt krigen foar Kiestra, moat ik sizze, en ek begrutsjen: hy fernielde himsels mei syn wroege.’ 12
  It klassike motyf fan skuld en boete is ien fan de sintrale tema’s fan syn dichterskip wurden.  Hoe konkreet it djippe ferwyt wie dat er himsels makke, docht ek bliken út in fers nei oanlieding fan it deiboek fan Anne Frank. Yn Westerbork krige er in boek yn hannen doe’t er dêr nei de oarloch finzen siet. Hjir binne syn rigels de poëzij foarby:

Letter haw ik sa faak tocht
Dat moat fan Anne Frank west ha,
Ien fan har lêste boadskippen
Oan my...
Wat lis ik nachts faak wekker
En tink oan har en har neisten.

Spegelbyld fan Obe Postma

Kiestra syn poëtise neilittenskip hat folle minder omtinken krigen as syn ferline. Tamminga syn ynlieding by de Samle fersen is foar in grut part biografys; skôgjende essays oer syn wurk binne der net. Dat seit neat oer Kiestra syn poëzij: fan de measte nijsgjirrige dichters yn Fryslân leit it wurkfjild braak. Teake Oppewal en Pier Boorsma, de gearstallers fan de Spiegel van de Friese poëzie út 1994, joegen wat dat oanbelanget in helder sinjaal meidat se fjouwer fersen fan Kiestra opnommen. 13 Fierder skreau Doeke Sijens yn 2000 in stik oer hoe’t de útjefte fan Sinne op ’e striesek ta stân kommen is. Mar it mankearret oant de dei fan hjoed oan in yngeande skôging fan it poëtys oeuvre.
  Lyts is dat oeuvre net. Efter it oargel út 1935 is tematys in debút fol ferskaat, mei poëzij dy’t it húslik lok en it boerewurk besjongt, gedichten dy’t de striid fan de lytse boereman tekenje om de holle boppe wetter te hâlden, en mei yn guon fersen in woeste natuermystyk. Sinne op ’e striesek (1946), de twadde bondel, is Kiestra syn grut mea culpa: in oangripend dokumint dêr’t er yn ferslach docht fan syn selsstriid yn ’e finzenis fan nei de oarloch. De tredde bondel, It jier yn ’t rûn (1955), bringt in nij poëtys lykwicht, ticht by de natuer en op in dimmener toan. Yn 1968, twa jier foar syn dea, ferskine noch syn al folle earder makke oersetting fan de spreuken fan Salomo, en de bondel Blêdswylsel fan it bolwurk, in swier ûnderskatte seleksje fan yn ’e grûn elegise fersen dy’t er jierrenlang publisearre yn it blêd Bolwerk fan it Frysk Lânbou-ynstitút. Dêrnjonken binne der de los publisearre en net publisearre fersen yn hân- of typoskrift. Al mei al beslacht de rispinge mear as trijehûndert gedichten, dy’t lang net allegear in plak krigen hawwe yn ’e Samle fersen.
  Minder nijsgjirrich gelegenheidswurk, in lyts tal fersen yn foute blêden út ’e oarlochsjierren en guon fersen dy’t ynearsten foar Sinne op ’e striesek ornearre wienen, binne bûten dat boek holden. Wat de oarlochs- en oarlochferwurkingsfersen oanbelanget, barde dat spitigernôch sûnder hokker ferantwurding ek fan de gearstallers. Zondergeld, mar ek Riemersma hat Tamminga dêr op oanfallen. De foute fersen hienen in plak krije moatten, wie har betinken. ‘Der is, liket my ta, nea gjin reden om de dieden fan in minske oars foar te stellen as se west hawwe, om feiten te ûntkennen of te ferdraaien,’ skreau Riemersma. ‘Mar yn dit gefal stiet my dy ferfalsking sa ôfgryslik tsjin, omdat Kiestra sels nèt besocht om te draaien en him skjin te praten.’ 14 In twadde reden dat guon fan sokke fersen yn in oersjoch fan syn wurk net ûntbrekke meie, liket my te wêzen dat it selsûndersyk fan Kiestra nei de oarloch, as it tema fan skuld en boete yn syn wurk in plak kriget, net goed nei te kommen is bywannear’t syn skriuwerij fan justjes earder der net yn belutsen wurdt. Ek oer it feit dat guon fersen Sinne op ’e striesek net hellen – de seleksje foar dy bondel waard net dien troch Kiestra, dy’t doe finzen siet, mar troch (nei alle gedachten) Pienbenga en Tamminga – is gjin ferantwurding ôflein of útlis jûn.
  Eagje wy de grutte greiden oer fan dizze poëzij, dan stiet ús it plak fan Douwe Kiestra yn ’e Fryske dichtkeunst helder foar eagen. Net allinnich is er de wichtichste dichter fan de Jongfryske generaasje; in dichter dy’t wy, mei troch it persoanlik drama dat er ferwurdet, dúdlik heger oanslaan kinne as syn generaasjegenoat Fedde Schurer. Ek heart er mei Obe Postma ta de nijsgjirrichste Fryske poëten fan foar de fernijingsweach fan ’e jierren fyftich. Syn dichterlik oeuvre makket mei dat fan Postma de kearn út fan de foarnaamste Fryske poëtise tradysje: it dichtsjen dat – yn ûnderskate stilistise oanklaaiingen – spiritualiteit yn en troch de natuer fynt. 15
  Yn biografy en wurk is Kiestra yn in protte opsichten it spegelbyld fan Postma. De twa ferhâlde har ta inoar as, sis mar, de ljochte en de tsjustere kant fan ’e moanne. De boer foaroer de learaar, de strider foaroer de waarnimmer, it strafkamp foaroer de Gysbert Japiks-priis. Konflikt foaroer harmony, realisme foaroer idealisearring, God foaroer Al-Siele. It rychje tsjinstellingen kin maklik langer makke wurde. Kiestra skreau benammen yn ’e no-tiid, Postma yn ’e doe-tiid. Kiestra stie midden yn ’e mienskip, Postma wie der foaral ûnwennich nei. Mar ek mei dúdlik wêze dat de twa in protte mienskipliks hawwe. Natuer-religieuze ienheidstinkers binne it, de ien yn in kristlik-mystyk ramt, de oar mei filosofise, mytologise en heidense aksinten. Beide nimme it boerelibben en de lytse doarpsmienskip as útgongspunt foar har poëzij. Beide geane wat twaslachtich om mei it aventoer fan ’e literêr-technise fernijing. Kiestra syn dichtsjen is foar it grutste part strofys en rymjend; pas nei de oarloch treft men by him faker it frije fers oan. Ek Postma hat himsels nea folslein jûn oan it eksperimentearjen, al is er yn ’e jierren tweintich en tritich fansels al de man fan it ‘praterich’ fers. Allyksa skaaie guon fersen fan Kiestra út nei in fitalistys ekspresjonisme. Mar de klassike foarmen fan it neo-romantys dicht bliuwe by beide foar master opslaan.
  In lêste mienskiplik punt is dat beide oeuvres de stoarmachtige fernijingen yn ’e poëzij fan de jierren fyftich mei glâns oerlibbe hawwe. Yn it gefal fan Postma hoecht dat gjin fierdere útlis, mar oer it wurk fan Kiestra hawwe guon resinsinten har yn it ferline dochs slim fersind. Ik kom der op werom, mar wol dêr alfêst dit oer sizze. Wa’t it allinnich hat oer de ‘boereromantyk’ yn dat wurk en de meastentiids konvinsjonele foarm derfan, wa’t úthâlde wol dat dit wurk ús, moderne minsken, neat te sizzen hat, dy kin him ôffreegje wat er oer de holle sjocht. It wurk fan ’e Poppenwierster jout ús ommers wat wy fan de Koarnwerter net altyd krije: in poëzij fan fleis en bloed, it dynamys dualisme fan in wrakseljende, twifeljende, sykjende, himsels net mijende, libbene minske. Der is yn ’e Fryske poëzij gjin dichter mei safolle leafde foar al it libbene om him hinne, by wa’t dochs de ferlossing sa’n benearjende twang en needsaak krijt, as Kiestra. Dêr lit ‘In Krystsang’, út Blêdswylsel fan it bolwurk, wat fan sjen:

Mar stadichoan dôvje de lampen,
Of hja geane yn ienkear út,
Troch skuld of fersom of troch rampen
Komst te stean yn dy iene minút.

Dy minút op dyn nachtlike wegen
Ast’ alles yn wjerljochtslach sjochst,
Ast’ dysels fan in pynlik ferwegen
Grut ûngelyk rekkenskip dochst.

Bist komd oan de gearrin yn ’t libben
Dêr’t nimmen mear is dy’t dy riedt,
Gjinien oars as Kristus, dy’t einlings
Dy heil en ferjeffenis biedt.

De bea om ferjeffenis ferskynt hjir as noch de iennichste útwei út ’e tragyk. It is ûnder mear dizze tematyk dy’t Kiestra fier úttilt boppe de sunige typearring fan him yn de Spiegel as ‘dichter fan it boerelibben’.16 It makket syn dichtsjen ek wol sa modern as dat fan Postma. Konflikt en spanning, dy’t sa’n sintraal plak hawwe yn moderne poëzij, binne by Postma meastentiids net oanwêzich of bliuwe bedutsen, mar jouwe by Kiestra de bêste fersen in dramatise kwaliteit.

(Tenei mear)

1 Sitearre by Douwe Tamminga, ‘Ynlieding’, yn: Douwe Kiestra, Samle fersen. Besoarge fan D.A. Tamminga en T.B. Hoekema (A.J. Osinga, Boalsert 1982) 15.
2 It giet te fier om alle auteurs en stikken te neamen. Bydragen oan de diskusje binne te finen yn de Leeuwarder Courant fan 21 desimber 1978, en yn 1979 op 8 febrewaris, 10 en 13 maart, 27 april, 4, 8, 14, 18, 19, 22, 23, 26 maaie en 31 augustus. Yn Frysk en Frij: 27 oktober 1979, 3, 10, 17 en 24 novimber 1979, 1 desimber 1979 en 19 jannewaris 1980. Sjoch ek Tony Feitsma, ‘Zondergeld as histoarikus,’ yn: De stiennen man (31 augustus 1979).
3 Neffens Fokke Sierksma, sitearre yn: Joop Boomsma, Peteareboek (Koperative Utjowerij, Boalsert 1977).
4 Op in gearkomst fan de Landstand yn It Hearrefean, 31 augustus 1944, sei Kiestra ûnder mear (parafrasearre yn Het Volk, 1 septimber 1944): ‘Wij mogen ons niet laten neerhalen tot het niveau waarop alleen kruit en lood het woord hebben. Represailles tegen de onschuldigen kunnen wij, Friezen, nimmer verdragen en er zijn wel andere middelen om verstoring van de orde tegen te gaan. (..) In deze tijd wordt duidelijk wie waarlijk kultuurdrager is en niet afzakt.’
5 Ibidem.
6 Sjoerd van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske biweging (De Tille, Ljouwert 1977) 341.
7 Dat it Kiestra wie dy’t nei Grou ôfsette, is net hielendal wis. Ek de namme fan in NSB-boer wurdt neamd.
8 Van der Schaaf (1977) 341.
9 Sitearre by P. Wybenga, De Fryske beweging yn de oarloch ’40-’45 (Fryslân Oerein/De Gouden Tiid, Snits sûnder jier) 28.
10 Sitearre by Zondergeld (1978) 244.
11 Sjoch Bauke de Jong, ‘E.B. Folkertsma, ús bêste tsjerkebledtsje-essayist grif, of: de doarpsidioat as essayist,’ yn: Asyl 2 (1965), ‘E. B. Folkertsma, Frysk-nasjonael Idoal’, yn: Asyl 2 (1966) en ‘De demokraty fan E.B. Folkertsma’, yn: Asyl 2 (1966). Ek: Durk Nota, ‘E.B. Folkertsma: de ivige kroanprins fan it Fryske nasjonalisme’, spesjaal nûmer, Hjir 4 (septimber 1985). Neffens Tony Feitsma wie Folkertsma syn ‘theologyske fisy (..) in bliuwende korreksje en bedriging fan de antisemyt’ , mar ek sy hold út dat Folkertsma ‘de antisemyt in hiel ein yn ’e mjitte [kaam]: hy skikt him it rjocht yn, om tal en ynfloed en macht fan de joaden eventueel yn te koartsjen (ik nim oan, b.g. troch it sluten fan de grinzen), en komt yn dit ferbân mei karakterisearringen fan it joadske folk op ’e lappen, dy’t ús oangrize.’ (‘Kanttekeningen by Bauke de Jong’, yn: De stiennen man, XXI-8, 16 april 1965).
12 Riemersma, ‘Sâlt op ’e slak’, yn: De Kul (1983-2).
13 Yn Teake Oppewal en Pier Boorsma, gearst., Spiegel van de Friese poëzie. Van de zeventiende eeuw tot heden (Meulenhoff, Amsterdam 1994) binne fan Kiestra opnommen de fersen ‘Tonger bewaait’, ‘De fuortgong’, ‘De wyn  en de weet’ en ‘It gers’.
14 Riemersma (1983).
15 Sjoch Abe de Vries, ‘Eros yn ’e greide’, fjouwer opstellen as ynlieding by Obe Postma, It sil bestean. In blomlêzing. Gearstald troch Abe de Vries, besoarge troch Goasse Brouwer (Frysk en Frij, Ljouwert 2004).
16 Oppewal en Boorsma (1994) 29.