|
Piter Yedema
DE MUS DY'T MOARTEIk haw fan Sinteklaas in proefabonnemint foar trije nûmers krigen op it algemien-kultureel opinyblêd de Moanne - faaks net in geskink út de himel mar dochs in ding dat in gefoel fan standing jout, oansluting by it hegere. Soks wol my wol oan en doe't ik yn it lêste my skonken nûmer in stik lies dat 'Verlos ons van de LC' hjitte, wie ik echt yn 'e himel. Sa heech te wêzen dat je alle tsjustere gongen, de tentakels, it gemanipuleer fan de grutte Ljouwerter oersjen en derop skite kinne. Wat in wille en dan it foarútsjoch dat der gigantysk dalje achterwei komt. It hat even duorre mar dalje kaam der en net sa sunich ek, as ik www.erosmos.nl leauwe moat. De skribint melde dat de Krante in boycot tsjin Keunstwurk ynsteld hie, gjin subsydzjes mear oan, gjin nijs mear oer de ynstelling dêr't sa'n gemene Mous wurke. De skribint oardiele dat no de keunst yn heel Fryslân yn it hert rekke wie, en it alderslimste: de Krante ferneatige it rjocht op frije mieningsutering. De Krante, dêr't myn proefabonnemint op ferrûn is, melde dat der alhiel gjin sprake wie fan subsydzjekontrakten, wol dat der in oanfraach ûnderweis wie fan Keunstwurk foar in bydrage oan in arsjitektuerpriis. Ja, dat gong no oer, kin je begripe, skreau kranteman Mulder. Sa wurket dat dus. Frije ûndernimming, ek noch puissant ryk neffens de berjochten, kin gewoan dwaan wêr't se nocht oan hat. Ja of nee sizze, mar krekt hoe't de pet hjoed stiet. Ek sûnder opjefte fan redenen. Keunstwurk en dy arsjitektuerpriis binne der fansels gjin sprút minder of better om, allinne omt ien fan har meiwurkers mieningen jout oer saken. Itselde soe bard wêze as ien fan de Keunstwurkers mei Mulder syn frou de goare lef hie. It bliuwt raar om in oanfraach foar stipe ôf te wizen op grûnen dy't neat mei de kwaliteiten fan it projekt yn kwestje te krijen ha, en dan dy grûnen ek noch iepenbier te meitsjen. Mulder hie wol oer syn hert strike wold, skriuwt er, as de krityk posityf west hie, mar dit achte er spitigernôch skellerij. Dy't dat flikke krije earst te meitsjen mei de flymskerpe pinne fan Wiebe Pennewaard, en wurde dan troch de baas sels foar in pear tûzen €'s ôfmakke. Noch raarder wie it om te hearren dat de Krante, sa ûngefear it kultureel-sosjale rioelputsje fan Fryslân neffens Mous, dat hiele Keunstwurk op 'e lappen hold, ja it hiele keunstlibben fan de provinsje! As dat sa wie sloech Mous syn stik hielendal nerges op. Heech tiid foar my syn stik wer te lêzen. It stik is byldfoarmjend, it jout in byld fan de argewaasje dy't de skriuwer fan syn ûnderwerp hat, mar strykt it mei de werklikheid? Neffens Mous is it bg. in ûntychlik deade boel op de redaksje fan de Krante. My wie dat noait opfallen as ik dêr wolris in stikje hinnebrocht, ien gedraaf en geflean. No kin dat ferskille moarns of middeis, of ôfhingje fan dejinge dy't binnenkomt. Faaks hold elk him hiel stil as Mous der wie, en fleach by my, om hokker reden, iderien alle kanten út. Noch in oar ding. Neffens Mous soe de Krante yn 'e persoan fan Mulder in wjersinwekkende macht ynha. Boargemasters falle als bakstenen as hy dat wol, hy kin de ambysjes fan Ljouwert opkeare, bestjoerders en deputearren om 'e finger wine. Noch ôfsjoen fan de bare oerdriuwing, wat soe Mous skreaun ha as it omkearde it gefal wie? Mulder dy't ja-knikt, syn krante ynset as sprekbuis foar ynfestearders, captains of industry, banken en projektûntwikkelders? Dy hoecht dêr dus net yn te stappen, mar dan is er ynienen arrogant, -met de rode sjaal losjes om de nek. Dochs bin ik bliid mei it stik - en de Moanne, dêr gean ik mei troch. It is goed te fernimmen dat de tentakels fan de Krante net rikke ta de redaksje-tafel fan Ernst Bruinsma cs., dat se it stik net anonym pleatst en Mous mei al syn funksjes yn it kolofon opnaam ha. Frijheid fan mieningsutering. Sa moat it. Hoesa ferberchje. Mous docht oplêst noch in oprop dat der ûnder ús in Günther Walraff opstean mocht om as in mol alle ferburgen gangen en krûpgatten by it Kastiel oan de Potmarge nei te gean. Hy sil wierskynlik dan a forteriori wol ynsjen dat dy foar sponsoring fan sa'n ûndernimming net by de Krante hoecht oan te klopjen. Gjinien is bûn oan syn eigen feroardieling mei te wurkjen. Ik bin ek bliid net op de list fan Eeltsje Hettinga, fan Erosmos te stean, mei in fetlearen medalje om de hals en in eervolle vermelding op syn site, plus myn hân ûnder in brief oan Mulder. Fan alle ûnwierheden dy't er dêr ferkundiget is dy fan de ûnfrijheid fan mieningsutering it slimst. Hy mei ommers sels alles útkreame wat him tepas komt, troch neat en nimmen wjerholden, in mûs dy't moartet. |