| |
Joke Corporaal & Henk Wolf

NYK DE VRIES: ‘IK MEI GRAACH PIELE OP DE FJOUWERKANTE
SENTIMETER’
It is de ein fan in waarme simmermiddei at de
Farsk-fraachpetear redaksje, better te witten Henk Wolf en Joke
Corporaal, djip yn it labyrint fan de Oosterparkwyk, oanbellet by Nyk
de Vries (1971). Yn de smûke, lytse anti-kraakwenning, fol mei
boeken, platen en in stik as wat kuriosa, set Nyk kofje foar ús,
nettsjinsteande it hite simmerwaar. Koartlyn kaam Nyk syn twadde roman
út, Prospero. It folge in seis jier nei Rezineknyn,
syn debút. Nei oanlieding fan Prospero praat de
Farskredaksje mei Nyk oer muzyk en literatuer. Mei in fassinaasje foar
de minske achter it masker dat skriuwer hjit, wolle wy foaral út
op wat him driuwt.
Nyk hat it net stean op minsken dy't de grutte ideologyen
preekje. Yn syn boeken wol er sjen litte hoe't minsken meiïnoar
omgeane, yn detail sjen litte hoe't de ferhâldingen lizze. 'As ik
op 'e televyzje programma's oer bygelyks de jierren '70 sjoch, oer
minsken dy't op 'e barrikaden steane, dan sjoch ik foaral ego's. Dat is
wierskynlik typys foar ús generaasje. Wy sjogge gjin idealisten,
wy sjogge foaral minsken mei lytsere en gruttere belangen. Dat wol net
sizze dat se gjin goeie bedoelingen hienen. Allinnich wy kenne de
ferhalen achterôf, ferhalen oer eigenbelang, egotripperij en
minsken dy't út namme fan de ideology ûnderskoffele binne.
It ferklearret de wjersin tsjin minsken dy't mei protte bombaarje de
opstân preekje, dy't it allegear sa goed witte. De
machtsferhâldingen wol ik sjen litte en de statements
ûnderút helje. It betsjut neffens my dus net dat ús
generaasje gjin ynteresse hat foar grutte fragen. It is foaral sa dat
se leaver de nuânse opsykje. Dêrom lis ik yn myn skriuwen
de klam op details fan hoe't minsken har gedrage. Sokke details sizze
in soad oer minsken en oer ferhâldingen tusken minsken, dy binne
wêzentlik. Ik fyn it moai om dêrnei te sjen en deroer te
skriuwen. Dat is no noch hiel subtyl, soms miskien sa subtyl dat it net
iens sjoen wurdt. Dat is ek wer net de bedoeling. Wat dúdlik
sein wurde kin moat ek dúdlik sein wurde. Dat is wat my oangiet
ek de line yn myn kommende wurk. Ik hoopje de dingen hieltyd skerper en
helderder te toanen. Iroanysk: ‘Miskien rint it oait nochris
út op engaazjemint!'
'Hast de yndruk,' freget Joke, 'dat minsken begripe watst wolst
mei dyn wurk?'
'Foar in grut part wol, mar der is wol in soarte fan
twaskieding. Guon fine it prachtich, oaren fine it op de iene of oare
manier oerflakkich. As dat sa is, dan soe ik sa'n ien fansels it leafst
by de kladden pakke wolle en him mei de noas op myn boek triuwe wolle
om him sjen te litten wêr't er op lette moat. Mar dat is fansels
wat lestich. Ik bin ek wol wend oan dy skieding. Guon binne net
gefoelich foar de details en fine myn boeken geneuzel. Leuk is dat
fansels net. Mar is it fansels ek in kwestje fan smaak. Mei krityk is
it toch altyd apart, dy iene seit dit, de oare dat. Ik moat gewoan mar
myn eigen plan lûke, tink ik.'
'Stel dat minsken no mei dy meifiele. Wat fiele se dan as dyn
wurk lêze?'
'As it goed is geane se mei yn de spanning fan al de lytse en
gruttere mominten fan de dei.'
- Kinst dêr in foarbyld fan jaan? Bygelyks dy sêne
út Rezinekyn, dêr’t de haadpersoan faak yn
by syn maat thús komt. Earst seit er hoi tsjin dy syn suske, dan
giet er nei boppen en dan leit syn maat dêr te plaatsjedraaien,
wat wolst sjen litte mei sa’n relaasje tusken twa jonges?’
‘Dêr wol ik mei útdrukke dat minsken
ûnwis binne, har faak gjin hâlding witte te jaan, har faak
grutter foardogge as se binne. Elk docht dat op syn eigen manier, mar
it gefoel is universeel. Dat wol ik sjen litte troch myn beskriuwingen.'
'Kinst oaren dy't mei deselde opfetting?' freget Henk.
'Ik bin no Jaap Krol syn boek (Nûmers, red.) op
’e nij oan it lêzen. Dy hat it ek, neffens my. Miskien is
it wat typysk fan de Blauwe Fedde-generaasje, wy binne allegear wat
wars fan kreten, spandoeken en grutte boadskippen.'
Earder op 'e middei ha wy it wiidweidich oer it tydskrift Blauwe
Fedde hân. In oare meiwurker dêroan is Nyk syn maat
Meindert Talma, mei wa't er net allinne op literêr, mar ek op
muzikaal mêd in protte ûndernaam hat en ûndernimt.
Nyk fertelt oer syn yn-de-kunde-kommen mei Meindert.
'Op de earste dei fan myn stúdzje skiednis kaam ik in
jonge tsjin en ik tocht: dy knaap kin ik. Hy tocht trouwens itselde,
hearde ik achterôf. Ik hie him wol sjoen yn it Koartling yn
Bûtenpost en sawathinne. Dat ik frege fan: bisto dy-en-dy? Mar hy
sei: nee, dat is myn maat Marco Bèh. Doe binne wy maten wurden.
Wy steane beide bekend as swijsume typen. De earste fjouwer jier ha wy
net folle tsjininoar sein, mar hast allinne mar skaakt. Wy sieten faak
tegearre yn skaakkafee Spinello, foar it Harmonie-gebou oer. Healwei de
stúdzje begûnen wy inoar ferhalen en gedichten te
stjoeren, soms lange stikken, soms hiele koarte, mar wol alle dagen
wat. Doe ûntstie stadichoan it idee foar in tydskrift.'
Joke: 'Dreamden jim der fan om ‘skriuwer’ te wurden?'
'Wat mysels oangiet, net hiel bewust. Wy fûnen it gewoan
leuk om te dwaan. As wy dreamden, dan leinen ús dreamen op
muzykgebiet.'
'Hoe gong it fierder mei Meindert en dy?'
'Nei de stúdzje, yn 1996, seagen wy inoar net mear yn de
kollege-bankjes. Doe seagen we inoar gewoan thús of yn de
stêd en makken we plannen om ris wat te ûndernimmen. Ik wie
doe krekt mei myn band The Amp opholden, dat doe binne wy
begûn om tegearre muzyk te meitsjen. Earst ûnder de namme De
heroïne-bedoeïnes en letter as Brozius. Op it
lêst is dêr mei in ploechje Hobby-rockers in
band út ûntstien Meindert Talma & the Negroes..
De namme The Negroes kaam noch fan in eardere groep. It wie
in wikseljende groep minsken. Der sieten fansels ek hielendal gjin
negers yn de band. Letter fûnen wy de namme ek wat flau wurden en
is it de Meindert Talma-band wurden, mar wy waarden noch
heeltyd oeral oankundige as De Negroes, dat doe ha wy it mar
wer werom feroare. Yn dyselde tiid binne Meindert en ik ek begûn
mei ús tydskrift De Blauwe Fedde.'
'Der is yn de Fryske literêre wrâld jierrenlang
beard fan "it Grinzer rûntsje" mei njonken dy bygelyks Tsead
Bruinja en Albertina Soepboer. Hienen jim ek echt ynfloed op inoar?'
'No, foardrachtsjûnen lykas no wienen der doe, seker yn dy
begjintiid noch in stik minder. It wie wol sa, ik stie op in dei yn de
kopiearsaak it nijste nûmer fan De Blauwe Fedde te
kopiearjen doe't Albertina deryn kaam. Ik koe Albertina fan in feestje
by Marijke de Boer. Se sei tsjin my fan: ik ha wer in nije bondel
út. Doe tocht ik: alwer ien? Ik hie doe krekt in idee foar in
boek en Goasse Brouwer fan Frysk & Frij hie der wol belangstelling
foar. Doe tocht ik: dan moat ik no ek opsjitte. Yn de tiid dy't folge
begûnen oaren om my hinne ek stadichoan te publisearjen. Wat wy
wol mienskiplik hienen, tink ik, is dat it ús tsjinstie dat de
Fryske literatuer sa netsjes en fersoarge wie. It wie altyd fuort mar
hege kultuer. Wy koenen it Vera-krantsje, dat wie folle direktere
kommunikaasje fan minsk-ta-minsk, sûnder glossy tastannen en
subsydzjes. Dat woenen wy yn it Frysk ek. Miskien dat de minsken doe
tochten: wat dy jongelju dogge komt út it folk wei, dat is wat
echts! Wy skreaunen net om in literêr statement te meitsjen, wy
fûnen it gewoan leuk. It fernuvere ús dan ek geweldich dat
der twa wiken nei it útkommen fan de earste Blauwe Fedde stikken
yn de Ljouwerter en it FD stienen.'
'En wêrom begûnen jim yn it Frysk te skriuwen?'
freget Henk.
'Dat is om't we ús dêrmei ûnderskieden, tink
ik, al wie it foar in diel ek tafal. De ferhaaltsjes dy't Meindert en
ik inoar skreaunen, wienen bygelyks altyd yn it Nederlânsk. Wat
myn earste roman Rezineknyn oangie, dat kaam ek mei troch
Goasse Brouwer dy't hearde fan plannen foar in boek en sei: kom mar op.
Dêrom haw ik it doe yn it Frysk skreaun, al hie it dus ek oars
gean kind.'
It gebrûk fan de taal is foar Nyk hiel belangryk. Yn syn
romans wol er syn wurdgebrûk sa sober mooglik hâlde,
sûnder tefolle yngewikkelde omhaal, sadat dúdlik is wat
der stiet. De kompleksiteit moat net op it gebiet fan de sinnen al
begjinne. De boustiennen fan it ferhaal moatte helder en dúdlik
wêze sadat de lêzer maklik meigiet it ferhaal yn. As er dan
ien kear op gong is, dan moatte al dy op himsels logise sinnen de
lêzer in labyrint ynlûke sadat er him oan 'e ein hast mei
in skok ôffreget: Wêr bin ik hjir eins? Hoe bin ik hjir
oait bedarre?
Nyk fynt it ek prachtich om mei syn redaktrise Jelma Knol oeren en
oeren te stinnen oer de kearneftichste formulearring. 'By oaren kin ik
taalrykdom hiel goed wurdearje, barokke boeken fyn ik prachtich, mar
foar mysels is dit op dit stuit myn styl. Ik wol net dat de lêzer
hieltyd ophâlden wurdt troch de taal. It moat floeiend gean.
Dêrby komt dat ik graach wol dat myn boek net allinne foar de
akademysk foarme lêzer nijsgjirrich is. Myn buorfrou fan 86 yn de
Oosterparkwyk hat myn boek ek lêzen en se sei: ‘it is in
realistysk boek’, dat fyn ik moai. En yn Noardburgum waard ik yn
de feesttinte ris oansprutsen troch in man, dy sei: ‘ik fûn
dyn boek moai. Of mei ik dat net sizze? Want ik ha der gjin
ferstân fan.’ No, dat wie fansels in komplimint. Ik fyn it
moai dat literatuer net allinnich hege kultuer is, kultuer om de
kultuer, mar ek de minsken oansprekt út de streek dêr't ik
weikom.'
Dat begrypt Joke net: 'Ik soe der gjin belang by ha dat as ik
wat skriuw, dat de gemiddelde Damwâldster dat lêze wol.
Sa'n ien as Sibbele Hietkamp, dy't jimme foar De Blauwe Fedde ynterviewd
ha, fyn ik benearjend, benypt. Sokke minsken wurd ik bang fan.'
Nyk prakkesearret eefkes en seit dan: 'Do bist ek jonger en do
komst út in oar doarp, ik tink datsto dat oars
ûnderfynst.’ Henk tsjin Joke: ‘Dat is my al faker
opfallen, do hast wat in haat/leafdeferhâlding mei dyn
ferline.’ Nyk: ‘Dat haw ik net. Ik mei hjir yn Grins ek
graach de Wâldpyk úthingje. Sa siet ik lêsten op it
dak te timmerjen, doe kaam in maat fan my del en dy rôp
út: ‘Ha, dêr ha we ús Wâldpyk yn
Grins!’ Us heit wie froeger bygelyks thús piken oan it
slachtsjen. Dêr mei ik dan graach oer fertelle, as it even kin
oan fegetariërs. Ik bin wol grutsk op myn komôf, ik ha der
yn ider gefal gjin hekel oan. Ik hâld ek fan de films fan Paul
Verhoeven. Dy binne oan ien kant hiel plat en direkt, mar se litte je
in protte dingen sjen dy't net útsprutsen wurde. Hjir yn de
Oosterparkwyk sitte yn op it earste gesicht oerflakkige gesprekken faak
ek in soad folkswiisheid. De minsken hjir meitsje gjin grutte
statements, mar je fernimme oan wat se sizze en dogge wol hoe't se yn
it libben steane.'
Joke kin der net hielendal by. Se freget: 'Kultivearje jim dat
idee fan folkswiisheid net te folle?'
'Miskien wol, mar dat is ek net sa slim. Ik moat sizze dat ik ek
wol in leafhawwer bin fan Rink van der Velde. Fansels, it moat noait in
trúkje wurde, of in grap, of camp. Soms tinke minsken dat it
skriuwen mei opsetsin knullich is, mar it is noait foar de lol. Ik fyn
it leuk om de grins tusken serieus en grappich op te sykjen en de
minsken sels bepale te litten wat se derfan fine moatte. Sûnder
har in oardiel op te dwingen. Dat hat Meindert mei syn ferskes ek. Dy
bringt it grappige en it skrinende byinoar. Dat is ek typysk foar
wêr't we weikomme, tink ik. Dat is de achtergrûn, dêr
komst net gau los fan, wêr'st ek hinne giest. Dat sit ek yn myn
boeken. Sa giet Prospero yn wezen oer in Wâldpyk yn
Spanje.'
Joke: 'Yn syn besprek fan Prospero seit Abe de Vries
dat it dêryn beskreaune dramatyske ein fan kening Filips II yn
syn Eskuriaal as metafoar foar it boek opfette wurde kin. It soe dan
gean om it finen fan jins paad yn in hieltyd yngewikkelder wurdende
wrâld. Hie’st dat ek sa bedoeld?'
'Ja, absolút. Ik wie der hiel bliid mei dat Abe dat
derút helle. It wie seker in ymplisyt boadskip dat ik yn
Prospero treaun ha. Identiteit is sowieso in tema by my. Myn
haadpersoan komt ek hiel dúdlik oars út Spanje werom as
hoe't er derhinne gongen is.'
'Wêrom skriuwsto einliks?'
'It is mei it skriuwen net oars as by oare skeppende prosessen.
Ik mei gewoan graach wat piele, dat ik dêrnei wat moais yn 'e
hannen ha. Dat is mei de muzyk ek sa, bygelyks froeger op de middelbere
skoalle mei it meitsjen fan demo's. Fieders meitsje ik hjoeddedei sa
út en troch in apparatuerkiste foar de band. Dan sit ik hjir te
timmerjen en as der dan wer ien klear is, sit ik der soms wol in oere
nei te sjen, sa moai is it as in stik wurk klear is.'
By einsluten wolle wy graach fan Nyk witte wat er op
literêr en muzikaal mêd foar plannen hat. Nyk fertelt
entûsjast oer in nije projekt dat er oan it opsetten is. Elke
wike stjoerd er in muzikale skets nei gitarist Fokke van der Veen fan
syn âlde band The Amp, krekt as er earder ferhalen
stjoerde nei Meindert. In namme hat er noch net. Wol sil er ynkoarten
in earste demo presintearje. En hoe liket it mei syn literêre
plannen?
'Ik ha plannen foar in nij boek en foar in bondeling fan myn
proazagedichten dy't ek yn tiidskrift Hjir ferskine.
Dêrmei draach ik ek faak foar. Romans binne dêr net altyd
hiel geskikt foar, dêrom doch ik it op dizze manier. It is
hjoeddedei in belangrike manier om as skriuwer wat bekendheid te
krijen. Ik ha myn baantsje by de Zweedse Meubelgigant Ikea opsein, dat
ik moat fan de skriuwerij en de muzyk bestean. Op it stuit bin ik hast
klear mei de Hollânske oersetting fan Prospero. It soe
moai wêze as dy ek aanst ferskine kin.'
|