Henk Wolf


KNIESD AIKE

Gabe strûpt myn âlde swarte trui oan. Hy sjocht noch al wat kiezzich at er my laitsjen heart, mar hy is der doch wiis mei dat er hjir útfanhúzje koe en dat ik him, as it aansen tsjuster wurdt, hantlangje wol. Dan sille wy nammentlik tegearre ynbrekke.
  Selden haw ik in fernimstiger kearel troffen as Gabe. Gabe is de wrâld treast en sokken binne der in bedroefd bytsje. De man mei o sa graach nifelje en at in oar him noch de holle klaut, wit Gabe útrêding. Lang foardat wy yn Fryslân fan airconditioning heard hienen, hie Gabe al in eigenoanret kuolapparaat oan ’e muorre. It hinget der noch heeltyd, de sânde of achtste ferzje ûnderwilens, en it bliuwt ‘dat kuolding’, want Gabe hat in broer ferlern oan healbekkige frjemdpraterij.
  Sa seit er ek steefêst ‘it âld rykrak’ as er it oer syn auto hat. Dat is miskien wol de wûnderlikste automobyl dy’t yn dizze provinsje omrydt. Hy hat op it ûnderstel fan in sljochtwei Golfke of in Opeltsje, dêr wol ’k ôf wêze, in iepen twasitter boud dy’t oarnsje tusken in Mercedes Benz út de jierren ’30 en in grutte swarte sigaar yn sit. It weintsje glimt en blinkt dat it sawat docht, en al mannich autorider hat it mei iepen mûle neistoarre, as it op ’e linkerbaan alle oare ferkear foarby wiske. Wat moter oft der ûnder it bankje sit, kin net ien fan Gabe gewaarwurde, dêr docht er altyd wakker geheimsinnich oer, mar hy hat Gabe al oan in moai protsje post fan it CJIB holpen.
  Dêr sit Gabe oars noait net sa lang oer yn. Hy kin it skoan dwaan. Der wurdt wol grute dat er in knappe oanstjerte yn ’e keeft hat of dat in iensume widdofrou oan ’e Stienzer goudkust him wolris wat tastoppet, mar dat is fansels mar ôfwaaid praat. Hy hat net in húshâlding en syn wurk as systeembehearder fan in grutte skoallemienskip sil grif goed fertsjinje. Boppedat is Gabe fan natuere net in stinner. By alles wat er docht, hat er in grutte glimk om ’e mûle, en der hoecht net folle by, as dy feroaret yn in gol skatterjen, dêr’t Gabe him by op ’e knibbels huft fan kleare nocht.
  Dat dy fleurige Gabe juster sa mismoedich oan ’e taap siet, eagen op ’e boom fan syn glês, gjin minsken dêr’t er syn ideeën oer technyk en de wrâld mei dielde, dat ferwûndere my frijwat. Ik skikte op ’e kruk njonken sines en seach doe earst dat er wol sawat byt hie. Dêrby siet er mar rûch yn ’t burd en hy koe ek al wol in dei twa trije yn ’e selde smoarge krous omstapt ha. Soks wie alheel neat foar in himmele gesellichheidsman as Gabe.
  ‘Hoe ha wy it no mei dy?’ frege ik.
  Ynearsten krige ik gjin beskied, en ik soe hast om in antwurd degene ha, doe kaam him muoisum oer de lippen: ‘Jou my in pilske, dan sil ’k dy fertelle hoe’t ik derta sit.’
  ‘Do hast oars wol genôch hân, soe ’k tinke,’ sei ik.
  Gabe skodholle. Hy prommele wat dat ik net ferstean koe en swei wer.
  ‘Keapje dan mar in bak kofje foar my,’ seid er op ’t lêst.
  Ik knikte en frege hospes om twa kofje. Wy bleaunen stil oant ús bestelling kaam.
  ‘No, sprek op,’ sei ik om Gabe oan te fiterjen.
  Gabe bûgde him nei my ta en de lucht dy’t er ôfjoech befêstige myn earste yndruk; hy hie al yn dagen gjin skjin guod mear oankrigen.
  ‘Ik haw trije nachten net op bêd west,’ lústere Gabe my yn ’t ear.
  Fronseljend seach ik him op en del.
  ‘Wat is der foarfallen?’ frege ik.
  Gabe lústere wer wat dat ik net ferstie en ik bûgde my nei him ta.
  ‘Ik kin myn hûs net yn,’ seid er sunichjes, en ik seach dat er in kaam krige.
  ‘Dyn h...,’ woe ik útroppe, mar Gabe lei fluch in finger op ’e lippen.
  ‘Do witst doch dat ik de ljochten yn ’e keamer op ’e kompjûter oansletten ha?’ frege er, wer sa sunich dat ik it amper ferstie. Ik knikte. Gabe lei jûns faak ûnder syn auto en hie, om ynbrekkers te ferrifeljen, de ljochten yn syn hûs mei de kompjûter ferbûn, dat der fan en ta wat oan- en útgong, krekt as wie der folk yn.
  ‘En witst noch wol dat ik de gerdinen der ek op oansletten hie?’ frege Gabe doe. Der skimere my al wat. Hy hie my grif ferteld dat er wat yn dy geast fan doel wie.
  ‘No, ik hie in moterke op ’e glêsroede makke en dat mei de kompjûter ferbûn. Dy die dan alle jûnen de kleden derfoar. Net alle kearen om deselde tiid fansels, mar wat wikseljend. En dan moarns at ik derôf moest, skou it spul safier fansiden dat ik wekker waard mei de sinne op myn gesicht.’
  Ik wist it wer. Tûk betocht.
  ‘Goed, doe wie ik op ’e smaak kaam, dat ik tocht, ik kin wol folle mear op ’e kompjûter oanslute. At ik jûns thús bin, sit ik meastal achter de kompjûter, dus earst mar in transportbantsje fan de kuolkast nei it elektroanysk brein, dan koe ik mei in druk op ’e knop in pilske komme litte en wurkje wylst gewoan troch.’
  As Gabe der net sa suterich útsjoen hie, hie ik it no nei alle gedachten útgniisd.
  Gabe ferfette: ‘Doe krige ik it idee om de slotten op de doarren en ruten mei de kompjûter te ferbinen. At der dan ien oanbelle, dan koe ik fan achter de kompjûter wei de doar iepen dwaan. En at it my te near of te sigerich yn ’e keamer waard, soe ik in rút iepen of ticht sette kinne. En foar de ekstra feilichheid hie ik, om deryn te kommen, in kaartlêzer op ’e doar makke. As kaai, sis mar. At ik myn Albert Heyn-paske dêrtsjinoan hold, helle de kompjûter binnendoar de skoattel derfoar wei. Dom, no? Dom, dom, dom!’
  Gabe begûn sêft te gûlen. Ik wie dermei oan en lange him mar in servetsje ta bûsdoek.
  Doe’t er him wat ferhelle wie, sei Gabe snokkend: ‘Doe wie der trije dagen lyn by my thús wat mis mei it elektrys, in stop sprongen of sokssawat. Ik murk it fansels net earder as dat ik thúskaam. De ljochten wienen út, gjin niget, en de doar wie ferskoattele. En de hele blikstienderse brot sit oan it elektrys, dat ik koe dwaan wat ik woe, dy doar bleau op ’e skoattel.’ Hy snokte fannijs.
  ‘Wat hast doe dien?’ frege ik. ‘Hast de plysje belle? Dy witte der fêst wol in set op.’
  ‘En dan fuort de boeiens om, tink? Sa’n kaartlêzer mei ik helendal net ha, man.’ Hy murk dat er lûder begûn wie te praten, seach jinstich om him hinne en lústere: ‘Mei dat ding kin ik, no ja, fan alles mei de lytse sjipkes yn myn bankpaske úthelje. It is helendal net sa dreech om dy sa te feroarjen dat ik jild fan in oar syn rekken opnimme kin. Dat soe ik fansels noait dwaan, mar likegoed binne dy apparaten sa ferbean as Mein Kampf yllustreard mei naaktfoto’s fan Maxima. Nee, de plysje derby helje, dat koe net. En as ik mei in brekizer op ’e foardoar los soe, soe der grif ek yn in omsjoch plysje by wêze. Nei myn wurk koe ik ek al net, want de skoalle wie al ticht en it wie boppedat de lêste dei foar de fakânsje. In hotel koe ek neat wurde, safolle jild hie ik net yn ’e bûse en de bankpas lei yn ’e hûs. Dat, wat koe ik doe oars as de kroech mar yn?’
  Ik koe amper mear earnstich bliuwe. Wie dat no it hele ferhaal?
  ‘No, en sa giet it no al trije dagen. Sa gau’t de kroegen iepen geane, set ik dêrhinne, drink in pear glêzen en fierders swalkje ik mar wat troch de stêd en knipperje hjir en dêr wat op in bankje, oantsalang’t ik der troch de plysje ôf reage wurd.’
  ‘Mar Gabe, hiest doch wol by ien sliepe kind!’
  Gabe skodholle beskamsum en waard wer read om ’e holle. ‘Guon wienen grif nei de plysje stapt, en oaren ...’
  Ik hie noait tocht dat Gabe syn aike sa gau kniesd wie en besocht myn laitsjen op ’e râne fan myn kopke te ferbiten. Dat slagge lykwols net en ik prûste de kofje wittefier.
‘... en oaren soenen my útgniisd ha,’ grânzge Gabe mei in lilk gesicht.