Jouke Hylkema


SMERT FOAR WARTSJE

Wartsje siet lykas ornaris op ’e hûd fan de keninklike kûnt fan Gaston de Snústerige Π.
  De Snústerige Π wie in grauwe stjonkert, sa loai as in baarch. Hy hong meastal wat op syn troan om, ek al waard der fan him ferwachte dat er it lân bestjoere soe. It kaam der op del dat er him mear ynteressearre foar fette stikken fleis en bier. Fisk, fûgelfleis, kowefleis, bargefleis,(shoarma wie der noch net yn ‘e midsieuwen), by kilo’s tagelyk. Mar ik wol it no net oer dy kening hawwe, myn ferhaal giet oer in nijsgjirrich bultsje dat op him wenne en Wartsje hjitte.
  Wartsje fûn it dus net sa slim dy foarleafde foar fleisprodukten, it joech har in goede fiedingsboaiem, ek al fûn se har wenplak op de kûnt net altyd winsklik. Se wist net echt oft se no wol of net wiis wêze moast mei sa’n swierlivige moaiprater. (Syn heit, De Snústerige Ι, wie ferstoarn oan in te drege jierlikse waskbeurt.)
  Wartsje wie in parasitisme, sa’t men dat wol neamt, in wat ferhurde útwaakske mei in swart prúkje. Se moast dan ek al jierren op de kûnt fan de kening sitten hawwe. Der wie al wat fan har âlde skientme ferlern gien. (Sels fûn se dat net sa slim, se hie dan ek noch noait yn in spegel sjoen).
  Dat wie hiel gewoan, dy smoargens, sa djip yn de Midsieuwen, want gjinien woe oan ‘e sjippe. Sjippe soe net earder as om 1850 hinne op ’e merke komme, doe’t de yndustriële revolúsje foar massaproduksje soarge en it mooglik makke dat der bergen fan los kaam. Mar ja, sa fier wie it yn ‘e tiid fan De Snústerige noch lang noch net. Dêr kaam ek nochris by dat De Snústerige in man wie. De froulju yn dy tiid woene harren noch wolris parfumearje mei in ôftreksel fan blommen út ‘e omkriten, dy’t men ferwurke ta oalje. Mar de measte manlju wiene net bekend mei it waskjen. In man fan hegere komôf moast stjerre yn it harnas, mar dan wol mei in koarstke fansels. Ik sil der mar net fierder op troch gean, mar jo witte no wol wêr’t de útdrukking ‘yn de smoargens omkomme’ weikomt, tink?
  Wartsje frege har ôf hoe’t hja sa op de kûnt fan sa’n man telâne kaam wie. It wie algemien bekend dat parasiten as har mear foarkamen op ‘e earms en skonken fan minsken, benammen tusken de fingers en de teannen. Op sokke plakken koene je noch wolris yn ‘e kunde komme mei oare lyksoartige parasitêre útwaaksen. De bûnte populaasje dy’t op ‘e jiskepôle fan de kûnt fan de kening wenne, spriek har net sa oan. Ek hiene hja it wol gauris benaud want Gaston de Snústerige wie dus in loaie Kening dy’t amper fan it plak kaam en dan ûntstie der wolris wriuwing, sawol op it sitflak fan de kening as ek yn Wartsje sels. Men kin wol stelle dat Wartsje net in maklik bestean hie. Se frege har wolris ôf wat har hjir op ierde brocht, miskyn dat der ek noch wat oars bestie as fleis en smoargens. Gie de kening no mar ris wat faker nei it húske, mar sels dêr wie er te beroerd foar.
  Fierderop sieten wat fetpûkels op de kûnt, mar dy hiene altyd it grutste wurd, echte pubers fûn Wartsje. Dy jonges hiene neat oars te dwaan as mei reade en wite kop oanrinne fan opwining. Fansels fûnen se Wartsje dan ek mar in droegenien.
  Wartsje wie dan ek leaver op harsels dan yn sa’n groepke meirinners as de pûkels, it poddehier of slimmer noch it leverplak dat der ergens tuskenyn lizze moast. Sy hie sels it Fryske wurd ‘leverplak’ yn it wurdboek opsocht en dernei yn in medyske ensyklopedy de Nederlânske beskriuwing. Dêr stie ‘aangeboren donkere pigmentvlek’. Hea, tocht se, wat soene se no bedoele mei pigmint? It hearde wol wat ûnsmaaklik en sa seach it leverplak der ek út, plat en ûnfreonlik mei sa’n rare brune kleur. It plak woe neat fan har witte en seach har faak oan mei in wat lang gesicht. Se soe yn elk gefal noait kontakt mei soksoarte buorlju opnimme. Soe der no net immen wêze dy’t priis stelle soe op har oanwêzigens. Fansels dat moast wol sa wêze, der is altyd ien dy’t op jo wachtet.

Wêr’t se dan ek wol sympaty foar opbringe koe wiene de foetskimmels en benammen it ekstereach. Neffens in befreone wart wiene it hiele hertlike hûdbewenners dy’t noch wolris wat mear fan de wrâld seagen as wat der boppe harren wenne.Wartsje makke har al in foarstelling dat hja der mar ris wat mear oer te witten komme moast, it bewuste ekstereach dat har wol oanluts wie in bulte ylt út ien stik waard der sein.
Dy nacht dreamde se dat hja in petear hiene mei Ekstereach. It wie by de jierlikse waskbeurt fan de Snústerige en Wartsje siet ynienen deun by ekstereach op ‘e hakke, as hiene hja fuotsjes krigen om de hiele reis fan kûnt nei hakke of te lizzen.
  ‘He psst Ekstereach, Ekstereach’, sei hja doe’t hja op hichte fan it kût oankaam wie, ‘hearst my wol, ik bin it: Wartsje!’
 ‘Wartsje wa? Ik ken hielendal gjin Wartsje!’ sei Ekstereach fersteurd yn syn middeisknipperke.
  ‘No, meastentiids kinst my net sjen want ik sit folle heger as dy op ‘e kûnt fan de Snústerige, eh toe no je, kinst dy ek eefkes omdraaie?
Yn dizze dream koe ynienen alles want der kaam beweging yn Ekstereach en op in stuit seach er har oan.
  ‘Hoi’ rôp er.
  ‘Hoi’ rop Wartsje leaf werom.
  ‘O, dus do bist Wartsje, en do bist in wart, ju? No ju, ik miende altyd dat warten al hielendal gjin liif hiene?’ Hy beseach har skamteleas fan boppen nei ûnderen.
  Se moast eefkes gnyskje, ‘ik gjin liif hihi? Fansels wol je domkop ik bin dochs gjin skeinsprút wol?. Soest my ris sjen moatte as ik de klean út haw, sil ik eefkes?’
  ‘Klean?’ sei er. ‘Hoesa klean, en dan út?’
  It hie der alles fan dat Ekstereach him noch net faak drok makke hie oer oare seksen lit stean oer oare libbensfoarmen of libbensfoarmen mei klean oan. Wartsje fielde dat wol oan en krige al wat begrutsjen mei Ekstereach. Hja fielde har noch waarmer wurden as hja tocht oan it stik wyld fleis dat er ynderlik wêze moast.
  ‘Lit mar,’ sei Wartsje mei in ûndogens stimke, ‘silst it jûn wol sjen, ik bin om in oere as sân by dy.’
  ‘Jun?’andere Ekstereach.
  Yn ‘e dream wie it fuort jûn. Ekstereach iepene de doar foar Wartsje.
  ‘Kom fierder,’ sei hy. ‘Dus sa sjochst der fan hiel tichtby út. Aardich, kom gau fierder, ha, hum.’
  ‘Ja hoe fynst my? Bin ik net moaier ast tocht hiest?’
  ‘Ja eh ja, jawis, leau ’k fan wol ja, aardich.’
  Wartsje woe Ekstereach yn ien kear oankrûpe, wat him dúdlik net befoel: ‘Bliuw fan my ôf! Do bist besmetlik.’
  Wartsje tocht al oan in relaasje. ‘Ik sjoch dy tinken, sei hja, do wolst wol mear, hen? Ik wol eins wol faker sa mei dy.Do bist yn it each springend ’
  Hy like eefkes ferslein.
  ‘O.. uh, ja ja.. no meastal sit ik dus hast ûnder de hakke hen, dus fan opfallen komt net safolle. Mar eh, ik hie dochs echt tocht dat alle warten der itselde útseagen as ekstereagen, en ik wit noch hieltyd net hoe’t it sa kin dat wy inoar oanlûke.’
  Se moast eefkes laitsje om dizze leafdetechnysk sjoen ûngelokkige opmerking.
  ‘Ech nee je domkop, hoe komst der by. Ik sil my no eefkes útklaaie dan wurdst pas wyld, lit dy dochs ris gean!’
  ‘Klean út, en dan gean?’ tocht er lûdop, ‘hoesa klean, en dan út ?’
  ‘Ja hihi, dat is net foar te stellen hen? Sille wy eefkes op bêd ?’
  ‘Eh, no noch mar net wol it is noch mar healwei achten,’ sei er.

Ekstereach hie wyn ynskonken: ‘Lit ús earst wat mei-inoar yn ’e kunde komme. Sjochst der wol aardich út hear, mar it giet my eefkes te hurd.’
  Doe liet Wartsje yn ien kear har japon fan har ôfglydzje sadat har hiele neakenens har foar him ôfspile.
  ‘Ho!’, rop er ûntheistere mar Wartsje gie fierder mei útkleien.
  ‘No hoe fynst my no?’
  Se seach Ekstereach kokhalzjen.
  ‘Wolst de jurk wer oan dwaan?’
  ‘Pardon.’
  ‘De jurk, witst wol, wat der om dy hinne sit.’
  ‘Myn Japon bedoelst?
  ‘Ja.’
  ‘Mar wêrom.’
  ‘Wurdst aanst siik.’
  ‘Dat bin ik al, ik bin siik fan leafde foar dy.’
  ‘Och toe no ju ik kin dyn neakenens net langer ferneare.’
  ‘Kinst my net ferneare, hoe sa?’
  ‘Nee dyn neakenens, it eaget net sa aardich.’
  ‘Wat is der dan mis mei my?’
  ‘Ik tink datst net by my past, Wartsje, do sjocht der stiif fan de smoargens út, it liket wol in stik houtskoal of sa.
  ‘In wat!’
  Hja hime en koe amper de wurden útsprekke.
  ‘In stik wat!? En wat bist sels dan je, grutske bult fan neat! Ik tink datst like smoarch bist as ik, soest net ris nei dysels sjen moatte?’
  ‘Ja bern, ik wit wol hoe’t de feiten der hinne lizze, wy hawwe net folle te kiezen op it liif fan De Snústerige, mar ik tink wol datst gewoan wat te grutte ferwachtings fan my hast. Ik kin no wol dwaan as fyn ik it allegear like aardich datst hjir bist, mar der hasto ek neat oan. Ik bin net tsjinne mei dyn leafdesferklearrings en as de kening no wat faker út de klean gie dan hie it noch doel om in relaasje oan te gean.’
  ‘Meist fan my wol lekker sitten bliuwe, akelige narsist.’
Hja snottere der oer. ‘It hoecht fan my al net mear, ik kin genôch oaren krije!’
  ‘Dat nim ik graach oan,’ sei Ekstereach, ‘en dan binne der fêst guon dy’t mei geane yn dyn fleislike lusten, mar neitiid wol eefkes oanstippe mei alkohol, hahaha.’
  ‘Rotsek,’ balte hja it út en klapte de doar yn ien kear efter har ticht.

It hie mar in dream west, of sis mar in nachtmerje, mar yn ‘e wiken dy’t kamen, waard Wartsje lytser en lytser, en doe’t de kening wer ris yn bad gie foel it him op dat der noch mar in lyts pikje siet op it plak dêr’t Wartsje libbe hie.

*